Harmen Meinsma
Harmen Meinsma (19 maart 1991) komt út Balk en wennet sûnt in pear jier yn Rotterdam. Dêr studearret er Fotografy oan de Keunstakademy. Sa no en dan docht er opdrachten as freelance fotograaf. De foto’s fan Harmen Meinsma hawwe de feeling fan perfekte moadefotografy, mar de bylden litte de minsk altyd sjen sa’t er is: suver en kwetsber.
Sjoch ek: www.harmenmeinsma.com.