Gita Hacham skriuwt pikefeltoaniel mei ’n Meeuw

Maaiefakânsje 2010, Gita Hacham jout in kursus toanielskriuwen oan de Jeugdteaterskoalle. De opdracht: skriuw in monolooch oer dysels. De einpresintaasje leveret ferbjustere reaksjes op. Foaral by de âlden fan de dielnimmers. Dat is wol hiel persoanlik. Reden genôch foar artistyk lieder Hilde Mulder om Hacham in goed jier letter nochris út te noegjen. De opdracht: meitsje fan it rûge materiaal fan ferline jier in toanielstik. It resultearret yn Goosebumps, in jongereinfoarstelling wêryn’t de spilers har eigen tinzen bleatlizze.

Wike 8 fan 2011 is in yntinsive wike foar skriuwster en teatermakker Gita Hacham. Dy foarjiersfakânsje begeliedt se de seis akteurs fan Goosebumps by it meitsjen fan har teksten. Fan 10.00 oant 16.00 oere dokterje Hacham en de spilers om mei it skript. Nei fjouweren lûkt de Amsterdamske har werom op har útfanhûzersadres: bêd en brochje ‘Aan de Emmakade’. Ut har keamer wei hat se in moai útsjoch op it Nije Kanaal. Se genietet fan de stêd, der hinget neffens har in goede ‘vibe’ yn Ljouwert. Ek de taal falt op, de no yn Amsterdam wenjende Hacham is hikke en tein yn Sweden en werkent Fryske wurden as ‘dy’ en ‘tsjerke’ feilleas. Al dy gewaarwurdingen wjerhâlde har der lykwols net fan om ek jûns te prakkesearjen oer de foarstelling. Goosebumps bestiet út monologen, dialogen en gedichten. Persoanlike teksten, ûnder begelieding fan Hacham, skreaun troch de jonge spilers sels. Dat is bysûnder, want jongereinfoarstellingen wurde meastal skreaun troch folwoeksenen. Dêr komt by dat de teksten ek oer jongerein giet, want de skriuwers meitsje fan har hert gjin moardkûle en diele tinzen dy’t eins nimmen fan har wit. Goosebumps stiet foar pikefel. Pikefel by de makkers, dy’t har problemen kenber meitsje en – alteast dat is it doel – pikefel by it publyk. Hacham wol dat de jongerein yn ‘e seal harsels werkent yn de ûnderwerpen.

Gefoel foar taal
It ferskil tusken Goosebumps en de oare foarstellingen fan ’n Meeuw is dat de  klam no folle mear op de teksten leit. Dat is net frjemd as immen as Gita Hacham oan it roer stiet. De woartels fan dy multydissiplinêre keunstner lizze nei eigen sizzen by de poëzy. Se studearre oan de Nederlandse Film en Televisie Academie yn Amsterdam en helle har mastersgraad by DasArts, in ûnderdiel  fan de teaterfakulteit fan de Amsterdamse Hogeschool voor de Kunsten. Se skriuwt proaza, poëzy, filmsenario’s en toaniel, makket ynstallaasjekeunst en is regisseur. Fierder spilet se troch it hiele lân mei eigen poëtyske fertellingen en jout se les yn ûnder oaren toanielskriuwen, poëzy en foardragen. By alles wat se docht leit de klam op taal. ‘Het publiek krijgt verhalen van mij. De stijl die ik daarbij op het podium gebruik, bestaat vaak uit een simpele theatrale vorm. De teksten komen op de eerste plaats.’ It skriuwen fan proaza is kompleet oars as it skriuwen fan teaterteksten. Yn earsten hawwe jo foar proaza alle romte, mar by in toanieltekst wurkje jo binnen in strak skema. Moat de foarstelling in oere duorje? Dan bestiet it skript út fiifentweintich siden. It is dus faak gewoan in kwestje fan bledsiden telle. Dêrneist is proaza byldzjend, wylst teaterteksten út monologen en dialogen besteane. Boppedat hawwe jo rekken te hâlden mei publyk. Hacham: ‘Ik vind het een uitdaging om uit te zoeken waarom het ene woord wel en het andere woord niet werkt op het podium. Ik kijk als een detective naar de tekst. Elk woord moet zo goed geschreven zijn, dat het publiek in de schoonheid of juist het akelige ervan opgaat. Mijn teksten zijn vaak poëtisch en ruw realistisch tegelijk. Het combineren van tegenovergestelde soorten tekst mondt vaak uit in schoonheid.’
Hacham makket ek graach gebrûk fan meardere talen. Ek it Frysk wol se werom komme litte yn Goosebumps. Se fynt it in moaie taal, sêfter as Nederlânsk. ‘Er zullen zeker Friese monologen in Goosebumps voorkomen. Ik vind meerdere talen een toneelstuk cachet geven, een meerwaarde waarvan je altijd gebruik moet maken. Ik merkte dat de spelers het maar niets vonden dat ze sommige stukken in het Fries moesten doen. Het imago van de taal is blijkbaar niet goed onder de jeugd. En dat terwijl ze er juist trots op moeten zijn, bovendien: het klinkt ook nog eens mooier dan Nederlands!’

Ek oan it repetysjeskema is te sjen dat de klam op de teksten leit. De hiele foarjiersfakânsje wurdt brûkt om it skript ôf te krijen. Echt spile wurdt der no noch net. Dat komt letter, in pear wike foar de foarstellingen, dy’t yn april hâlden wurde sille. Dan komt Hacham noch inkele kearen nei Ljouwert om op lokaasje te repetearjen. Goosebumps spilet yn it eardere poolsintrum oan de Pier Panderstrjitte yn Ljouwert. In opmerklik plak foar sa’n foarstelling, mar neffens Hacham in bewuste kar. ‘In een snookercentrum verwacht  je geen warme en persoonlijke vertellingen, maar dat is juist mijn bedoeling: een vervreemdende locatie versterkt de teksten.’

Ynspiraasje út jinsels

Gita Hacham wurket wol faker mei jongerein. Sa jout se ek les by de DNA Theaterschool en it Bijlmerparktheater yn Amsterdam. Se genietet fan de jong folwoeksenen. Neffens har hawwe se in oangenaam naïve fisy op it libben. Om’t se troch de media bombardearre wurde mei ekstremen, tinke se faak yn stereotypen. ‘Als zij aan liefde denken, denken ze aan een uiterst romantische film of juist aan het tegenovergestelde: een ruige muziekclip waarin liefde alleen wordt gekoppeld aan seks. Ik wil juist aan dat naïeve voorbijgaan. Ik laat ze net zolang schrijven tot ze met iets komen wat werkelijk bij hen past. De inspiratie moet zoveel mogelijk  uit hen zelf komen en niet beïnvloed zijn door de maatschappij.’ Kursisten leare op dy wize om respekt foar it skreaune wurd te hawwen. Neffens Hacham geane akteurs faak rûch om mei skripts, feroarje wurden of soms hiele sinnen. ‘Acteurs weten niet dat voor een tekstschrijver elk woord een bewuste keuze is. Ik stimuleer mijn cursisten om die bewuste keuze ook te maken. Ik vraag hen altijd om hun teksten te beargumenteren en zo elk woord de juiste lading te geven. Waarom hebben ze voor dat woord gekozen en niet voor een synoniem van dat woord? Zonder visie kan je naar mijn mening niet creëren. Als ze inzien dat een goede tekstschrijver zo intensief met zijn teksten bezig is, zullen ze voortaan niet meer slordig met andermans teksten omgaan. Bovendien ontwikkelen ze tegelijkertijd een eigen visie.’

Net de wierheid, mar wrachtich
De reade tried fan Goosebumps is – de titel seit it al – pikefel. It is in fragmintaryske foarstelling wêrby’t it publyk by de spilers troch de ruten kypje mei. Hacham: ‘Af en toe gaat er een raampje open en mogen we even binnenkijken. Zodra een raampje weer dicht gaat, opent zich weer een ander raampje. Het publiek legt zijn oor als het ware te luisteren bij de acteurs. Dat wat zij voor het voetlicht brengen, zijn echte teksten van echte jongeren. De spelers laten het achterste van hun tong zien, het zijn fragmenten die krachtig zijn door hun kwetsbaarheid en kippenvel oproepen.’
As Hacham har wurk goed dien hat, binne der neffens har seis stimmen te achterheljen yn Goosebumps. ‘Zoals ik al zei, laat ik de jongeren net zolang schrijven tot ze een tekst hebben die bij hen past. Ik wil de stemmen van de jongeren terug horen in de voorstelling. Het publiek moet zes verschillende stijlen kunnen onderscheiden.’ Om it spannend te hâlden, spilet net elke spiler syn eigen teksten. Hacham lit bygelyks in tekst dy’t dúdlik skreaun is troch in famke, spylje troch in jonge. Op dy wize makket se fan in biografyske tekst dochs teater. Neffens Hacham moat der by teater altyd in bepaalde ôfstân wêze tusken spiler en tekst. ‘Als een acteur staat te huilen op het podium, omdat de tekst zo überpersoonlijk is, kun je natuurlijk niet meer van theater spreken.’ Hoewol’t de monologen út de foarstelling allegearre autobiografysk binne, binne se fansels wol oansetten. Hacham neamt dat ‘waarachtig schrijven’. It publyk moat leauwe dat it hiele ferhaal wier is, fiele dat it echt is. ‘De monologen zitten voor zover mogelijk dichtbij bij de waarheid, waarachtig dus. Uiteraard ontkom je er niet aan om de waarheid in een voor toneel aantrekkelijke vorm te gieten. Toneelschrijvers manipuleren het publiek. Dat lukt alleen als de teksten waarachtig zijn. Alleen dan komen ze bij het publiek binnen als de waarheid.’

Marrit de Schiffart

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.