Frysk yn it fuortset ûnderwiis

Publisearre op 2 december 2010

MARRIT DE SCHIFFART –

Hoe stiet it der op ’t heden foar mei it Frysk yn it ûnderwiis? Om in antwurd op dy fraach te krijen hat de Moanne in tal petearen pland mei minsken út it ûnderwiisfjild. Yn edysje nûmer 7 – 2010 fan de Moanne op papier stie in ynterview mei dr. Alex Riemersma. De rige krijt no in ferfolch mei it ferhaal fan twa dosinten Frysk yn it fuortset ûnderwiis: Ans Wallinga en Harm van Zuiden.

Wallinga jout les op VMBO GROEN lokaasje It Hearrenfean fan AOC Friesland. Op it mêd fan taal hat se in heterogene groep learlingen. Der binne by har op skoalle sawat likefolle learlingen dy’t mei it Nederlânsk grutbrocht binne as dy’t it Frysk as memmetaal hawwe. Dêrneist binne der ek noch guon dy’t twatalich opgroeid binne (mei Nederlânsk en Frysk of in oare frjemde taal). Van Zuiden hat wat taal oangiet just te meitsjen mei in homogene groep learlingen. Hy jout les op CSG “Gaasterland” yn Balk, in plattelânsskoalle. 95% fan syn learlingen is Frysktalich grut wurden.


Hâlding

‘Waarom moeten we in hemelsnaam Fries leren, mevrouw?’ It is in fraach dy’t by Wallinga faak de toan set yn in earste les Frysk. It imago fan it Frysk is in kwestje dêr’t in protte dosinten yn it fuortset ûnderwiis tsjinoan rinne. Wallinga: ‘Ik fertel op sokke mominten wêrom’t it Frysk nuttich is foar de learlingen as yndividu, troch te referearjen oan staazjes of wurk. Ik lis út dat in hovenier net allinne by Nederlânsktalige klanten túnket, mar ek by Frysktalige. Ik sis der ek by dat ûndersyk útwiisd hat dat 90% fan ’e MBO’ers letter yn Fryslân wenjen en wurkjen bliuwt. Dy krije dus te meitsjen mei in twatalige wen- en wurksituaasje. Mei geëamel oer hoe bysûnder oft de Fryske taal is en dat wy dêr grutsk op wêze moatte, komst by de jongerein fan tsjintwurdich net fier, dêr hawwe se gjin boadskip oan. Dêrom hâld ik it mei sin konkreet.’

Van Zuiden sjocht dêr frjemd fan op. ‘De klassike “wêrom-moatte-wy-dit-leare”-fraach krij ik allinne by Muzyk . Foar myn learlingen is it net mear as logysk dat se Frysk op skoalle krije. De knop dy’t by Ans har learlingen noch om moat, is hjir yn Balk al om, tink ik.’
De hâlding fan learlingen op in plattelânsskoalle is dus positiver. In iepen doar dêr’t Wallinga mei ynstimme kin: ‘Ik merk dúdlik ferskil tusken bern út It Fean en bern út de omlizzende doarpen: dy lêsten binne mear motivearre. Mar dat is net mear as logysk fansels, sy prate thús meastentiids Frysk.’

Oer hâlding sprutsen: hoefolle learlingen fine it fak nei in earste ferplichte jier eins sa leuk dat se der yn it twadde jier mei trochgeane? Van Zuiden: ‘By ús kiest 35% fan de earsteklassers it Frysk as ekstra karfak yn de twadde klasse. Dat betsjut dat se boppe op it gewoane kurrikulum frijwillich in ekstra fak Frysk folgje.’ ‘Dat soe ik op it AOC net foarmekoar krije’, mient Wallinga. ‘Ik ha it in oantal jierren oanbean yn de twadde klasse, mar der wie gjin animo foar. Dat kaam tink ik ek om’t se by ús gjin eksamen dwaan kinne foar Frysk. It foarútsjoch op in diploma motivearret learlingen om mei in fak troch te gean. In oare reden kin wêze dat it fak freedtemiddeis jûn waard. It stimulearret net as je je klasgenoaten nei hûs fytsen sjogge en sels noch in oere Frysk folgje moatte.’

Rapport ûnderwiisynspeksje
De ûnderwiisynspeksje publisearret om de fiif jier in technysk rapport oer de kwaliteit fan it fak Frysk yn it basisûnderwiis en it fuortset ûnderwiis. Yn dat rapport komme saken lykas kwaliteitssoarch, oanbod, toetsen en lesmetoaden oan ’e oarder. Ynkoarten ferskynt it nijste rapport, basearre op it skoaljier 2009/2010. Ynspekteur Guus Tekstra gong begjin oktober op it dosintekongres “Fierder mei Frysk” al yn op inkelde globale útkomsten. Oangeande it primêr ûnderwiis sil it rapport positivere útkomsten sjen litte as oer it fuortset ûnderwiis. Dat komt foaral om’t der yn it fuortset ûnderwiis yn fergeliking mei it rapport fan fiif jier lyn net folle ûntwikkelingen binne. Neffens Tekstra binne in soad oanbefellings gelyk bleaun.

Ien fan dy oanbefellings is dat dosinten troch de wei fan differinsjaasje mear antisipearje moatte op de nivoferskillen fan bern. Differinsjearje is foar in protte dosinten noch hieltyd in dreech punt. Neffens Wallinga is dat net frjemd: ‘De ynspeksje ferjit meastentiids te nuansearjen: de measte dosinten Frysk hawwe de learlingen mar ien lesoere yn ’e wike. By ús duorret sa’n lesoere 45 minuten. De effektive lestiid dy’t oerbliuwt is dus net grut. Dyselde les dan ek noch op ferskillende nivo’s oanbiede is suver in mission impossible.’ Ek Van Zuiden fynt dat der foar differinsjaasje yn prinsipe te min tiid is. ‘Ik ha it gelok dat in lesoere by ús op skoalle 70 minuten duorret, dus ik kin krekt wat djipper op de stof yngean en hjir en dêr ek wol wat differinsjearje. It skeelt ek dat Freemwurk (de metoade foar Frysk) antisipearret op de ferskillende nivo’s. Frysktalige bern moatte by my fjouwer stjerren yn Freemwurk útwurkje, net-Frysktalige bern hoege net fierder te kommen as twa stjerren. Sy geane dus minder djip op de stof yn. Fierder differinsjearje ik by it beoardieljen. Ik diel de learlingen yn nei nivo, en oan de hân fan in omrekkentabel krije se in sifer.’ Dat lêste is ek Wallinga har manier fan differinsjaasje. ‘Fierder jou ik swakke learlingen ek oar materiaal as de oaren. Salang’t der wetlik lykwols net mear tiid foar it Frysk op it kurrikulum komt, fyn ik mear differinsjaasje net in reële doelstelling.’

It ynspeksjerapport giet ek yn op de hâlding fan learlingen foar it Frysk oer. Wat fine se fan it fak? Neffens Tekstra is dy hâlding no positiver as fiif jier lyn. Van Zuiden en Wallinga fine dy saneamde attitude fan learlingen ien fan de belangrykste spearpunten foar earsteklassers. Wallinga: ‘As bern yn dat iene jier dat se it fak hawwe aardichheid krije oan it Frysk, nimme se dat mei yn har fierdere karriêre.’ Omdat Frysk foar twaddeklassers yn Balk in karfak is, is it foar Van Zuiden hielendal saak om de ynteresse fan earsteklassers op te roppen. ‘Ik moat it fak op sa’n manier oanbiede dat se der mei trochgean wolle.’ Mar hoe bringe jo in fak sa dat learlingen der nocht oan krije én der ek noch wat fan opstekke? Wallinga: ‘Ik besykje mei myn materiaal oan te sluten by de belibbingswrâld fan ’e learlingen. Sa meie se by my bygelyks harren favorite Fryske YouTube-filmke opjaan. Dy behannelje ik dan yn ’e les. Wy hawwe it dus wolris oer bands as Strawelte en Jitiizer. Fierder hâld ik ek altyd in les oer it Fryske hynder, om’t in soad bern op it AOC gek binne mei bisten. Eins is it wol in bytsje frjemd dat ik sa’n soad rekken hâld mei de belibbingswrâld fan ’e bern, want dat doch ik by Nederlânsk ek net. Wat dat oangiet nimt it Frysk dus noch wol in bysûndere posysje yn.’

Neist de doelstelling dat de learlingen niget krije oan it Frysk, hawwe de beide dosinten ek noch harren eigen yndividuele doelstellingen foar de earsteklassers. By Wallinga stiet it Frysk lêzen en it útwreidzjen fan de wurdskat foarop. ‘Ik wol dat se oan de ein fan it jier it lêzen fan in Fryske tekst net út ’e wei geane.’ Van Zuiden moat him oan de eksameneasken hâlde en giet dus noch in stikje fierder. ‘Ik rjochtsje my op it lêzen, skriuwen en praten. Dêrby gean ik ek yn op grammatika.’

Lêste fraach: de haadkonklúzje fan it ynspeksjerapport sil wêze dat der net folle ûntwikkelingen binne neffens fiif jier lyn. Fiele jim dat ek sa? ‘Nee’, sizze de dosinten yn koar. Van Zuiden: ‘As ik nei myn eigen skoalle sjoch, is der de ôfrûne fiif jier just wol hiel wat bard. By ús wie der boppeskoalsk in protte omtinken foar it fak. Frysk wie sels ien fan de spearpunten. Dêrtroch is it no mooglik dat alle earsteklassers 70 minuten Frysk krije. Fierder is it sûnt trije jier in eksamenfak. Subsydzjes fan ’e Provinsje meitsje it mooglik om sa’n fak, nettsjinsteande de lytse groepen, dochs oan te bieden. De fasiliteiten binne by ús dus allinne mar better wurden. Wallinga wol noch graach wize op de nije webside freemwurk.nl. De bêtaferzje fan dat online taalplatfoarm foar learlingen en dosinten Frysk is yn oktober online gongen.

Freemwurk.nl moat dé webside foar it fak Frysk wurde en biedt ûnder oaren materialen, lesideeën en sosjale netwurken foar sawol dosinten as learlingen. Dosinten Frysk hawwe sûnt begjin oktober in ynlochkoade foar freemwurk.nl. Wallinga is no al hiel entûsjast. ‘As freemwurk.nl útgroeit ta de webside dy’t de makkers foar eagen hawwe, wurdt it it “walhalla” foar de dosint Frysk.’ ‘Mar,’ hâldt Van Zuiden in slach om ’e earmtakke, ‘foar alle ict-applikaasjes jildt dat se wurkje moatte. Der is neat minder as in programma sjen litte op it digiboerd en it heakket.’ Van Zuiden is it lykwols mei Wallinga iens dat freemwurk.nl ien fan de goeie ûntwikkelingen fan it fak Frysk wêze kin.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels