Frysk musikaltalint nei Londen

Publisearre op 4 september 2014

FROUKJE SIJTSMA – 

In jier fol dûns, sang en teater
Ingeborg Westerink (22) fan De Knipe kin it bytiden noch hieltyd net leauwe. Ut tûzen oanmeldings is sy mei noch 29 oaren útkeazen om de master Musical Theatre te folgjen oan de Mountview Academy for Theatre Arts yn Londen. Bepaald net de minste skoalle. De Britske aktrise Judi Dench, dy’t ûnder oaren spile yn films as James Bond en Shakespeare, is direkteur fan de akademy. Op 1 septimber is Ingeborg har earste kolleezjedei. In wike foar’t se ôfsette nei Londen, socht ik har yn it âlderlik hûs yn De Knipe op.

Fotoboeken fol herinnerings lizze op tafel. En op de kompjûter fan har mem stean noch hûnderten foto’s en filmkes fan Ingeborg har optredens troch de jierren hinne. Fan it lytse famke dat dûnset yn in bijekostúm oant de oantreklike jongefrou fan no, dy’t seksy oer it poadium beweecht.

‘Lokkich lear ik wol hieltyd better om tefreden te wêzen mei wat ik al berikt haw.’

It begûn foar Ingeborg allegear mei klassyk ballet. Wêr’t de leafde foar dûns no krekt wei komt, is har eins noch altyd in grut riedsel. Twa jier wie se noch mar, doe´t se in fideobân fan Tchaikovsky´s Swannemar stean seach yn de bibleteek. ‘Us mem fertelt my it ferhaal noch wolris dat ik de fideo pakte en it mei nei hús hawwe woe. Mar dêr woe de frou fan de útlienbaly neat fan witte. Ik wie te jong foar dat stik, sei se. Doe liende ús mem de bân foar my. Ik skyn it stik yn ien triid wei sjoen te hawwen sûnder mar in kik te jaan’, seit Ingeborg mei in laits.

Trije jier wie se doe’t se nei in proefles foar kleuterballet gie. ‘Ik wie ferkocht en haw ús mem alle dagen om ‘e kop eamele wannear’t ik no op les mocht. Mar de balletlessen wienen pas foar bern fan fjouwer jier of.’ Doe’t ús mem op in stuit net mear wist wat se mei my oan moast, hat se de balletjuf belle en doe mocht ik as útsûndering dochs op les.

No, tweintich jier letter hat Ingeborg al hiel wat by de ein han, want it bliuwt net by klassyk ballet allinnich. ‘Op myn achste bin ik oan de foaroplieding fan de dûnsakademy fan Lucia Martas yn Grins begûn. Troch de wike nei skoalle en yn it wykein traine yn Grins. Dêr is ek de leafde foar oare dûnsstylen groeid.’

Ingeborg blykt boppedat ek noch oare talinten te hawwen. Yn 2004 fertsjintwurdiget sy de provinsje Fryslân yn de finale fan de Kinderen voor Kinderen sjongwedstryd. En yn 2011 docht se foar Fryslân mei oan de Miss Noord ferkiezing. It leverde har beide kearen gjin winnende earste priis op, mar wol in soad ûnderfining, dy’t se foar har ferfolchstúdzje goed brûke koe. ‘Nei de middelbere skoalle bin ik oan de oplieding Jazz- en Musikaldûns begûn oan de Hegeskoalle foar de Keunsten yn Amsterdam. Dat wie keihurd wurkje, mar ik bin bliid dat ik it dien haw.’

Op de kompjûter lit se filmkes fan har staazjetiid sjen. ‘Ik haw staazje rûn by Flashdance fan Albert Verlinde Entertainment. Dat is in reizgjend musikalspektakel mei Jim Bakkum, Anouk Maas en Carry Tefsen yn de haadrol. It is basearre op de bekende film Flashdance út 1983. Dat wie hiel leuk om te dwaan.’ In oare staazje die se by it Holland Show Ballet mei de foarstelling Dinnershow 21 on Air. ‘It publyk is dan oan it iten en ûnderwilens trede wy op. Dat wie echt topsport: dûnsje, en dan wer in nij kostúm oanlûke foar it folgjende optreden. Ien kostúm wage mar leafst sa’n 20 kilo.  Geweldich wie dat.’

Ingeborg hat al hiel wat berikt foar har leeftyd, dochs bliuwt se der frij beskieden en nochter ûnder. ‘Ik lis de latte hiel heech foar mysels. Soms raas ik it wolris út dat ik gjin libben haw’, seit se hurd laitsjend. ‘Lokkich lear ik wol hieltyd better om ek al tefreden te wêzen mei wat ik al berikt haw, en net allinnich mar foarút te sjen wat ik noch mear berikke wol.’ Dochs is it fansels dy takomstdream dy’t har driuwt. No earst in jier lang sjonge, dûnsje en aktearje yn Londen, om úteinlik moaie rollen te krijen yn grutte musikals.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]

  • MARITA DE JONG  - Akteur Freark Smink is yn 1948 berne yn Sondel. Hy hat 15 jier as akteur ferbûn west oan it toanielselskip Tryater. [...]

  • Kategory: Resinsje,Teater

    SOPHIE TEKELENBURG - ------------------------------------------------------------------------------------------------------------ Van: Sophie Tekelenburg Aan: redactie de Moanne Datum: 28 april 2004 Onderwerp: “Yerma” van Tryater ------------------------------------------------------------------------------------------------------------- Beste redactie, Yerma, van de [...]