Fries Museum makket IMPACT mei tentoanstelling oer loftoarloch
Publisearre op 26 maart 2025
Nei al it nijs oer de wiere reden fan it fertrek fan de âld-direkteur is it no wer ris tiid foar nijs oer in tentoanstelling yn it Fries Museum. Want it museum iepenet kommende sneon 29 maart mei in fergees programma de tentoanstelling IMPACT – de Loftoarloch yn Fryslân, 1940-1945, ta gelegenheid fan de lanlike betinking fan 80 jier frijheid.
Yn it ramt fan dat fergeze programma kinne jo net allinne yn ‘e kunde komme mei dy loftoarloch yn Fryslân, mar ek harkje nei in optreden fan “vintage sjongtrio” The Forces Sweethearts, dy’t muzyk bringe út de jierren tritich en fjirtich yn de styl fan The Andrews Sisters, oanslute by in speedtour troch IMPACT (yn tritich minuten bringt in gids de skiednis ta libben oan de hân fan persoanlike ferhalen en foarwerpen), of sels yn in workshop leare om jo eigen modelfleantúchje te bouwen.
It is dit jier tachtich jier lyn dat Nederlân befrijd waard. Dat wie foar it Fries Museum reden om besikers mei de tentoanstelling IMPACT te konfrontearjen mei de ynkringende gefolgen fan de loftoarloch yn de Twadde Wrâldkriich foar en yn Fryslân, mei as doel dyselde besiker mei te nimmen yn de ûnderfinings fan sawol piloaten, as boargers, bergers en neibesteanden. Yn it ramt fan de tentoanstelling wurdt dêrby de klam lein op yntime ferhalen en persoanlike foarwerpen. Dêrfoar socht it museum de gearwurking mei de Stichting Missing Airmen Memorial Foundation (SMAMF).
De fleanbasis yn Ljouwert wie ien fan de redenen wêrom’t Fryslân yn de frontliny fan de loftoarloch kaam te lizzen. Yn de oarloch naam de Dútske Luftwaffe it fleanfjild oer, dat oant dat momint in boargerfleanfjild west hie, dat sûnt 1938 troch de KLM brûkt waard foar tuskelandings tusken Skiphol en Eelde. De Dútsers neamden it fleanfjild Fliegerhorst Leeuwarden en leine der start – en lâningsbanen oan, gebrûkmeitsjend fan it pún fan de bombardeminten op Rotterdam. Op de basis stiene jachtfleantugen en bommewerpers. De Ingelske loftmacht bombardearre de basis meardere kearen. Yn de Twadde Wrâldkriich wie de Fliegerhorst Leeuwarden dan ek in wichtige Dútske basis. Dútske nachtjagers stiigden hjir op om alliearre bommewerpers te ûnderskeppen dy’t ûnderweis wiene nei Dútske yndustrystêden. De basis spile in krúsjale rol yn de loftoarloch en wie ferantwurdlik foar it delheljen fan op syn minst 370 alliearre tastellen. IMPACT beljochtet dizze skiednis en lit sjen hoe’t dit fleanfjild in grut stimpel drukte op de regio .
Yn de tentoanstelling komme ek ferhalen oan bod oer Amerikanen op Fryske klompen, oer mislearre ûntsnappings, en oer libbenslange freonskippen. Ien fan dy ferhalen giet oer Frysk skriuwster en dichter Tiny Mulder (1921-2010). Yn de Twadde Wrâldkriich waard Mulder, omdat se goed Ingelsk spruts, troch it ferset ynskeakele om delstoarte alliearre fleaners ûnder te bringen. Yn 1981 kaam de roman Tin iis fan Tiny Mulder út, in ferhaal dat him ôfspilet yn de oarloch, en wêryn’t twa susters by it ferset behelle reitsje. Yn har biografy Foar alles is in tiid út 2006 feklearre de skriuwster dat se har lilk makke om it feit dat nei 1945 de rol fan froulju yn de oarloch ûnderbeljochte bleau, en dat se Tin iis ek skreau om dêr wat oan te dwaan.
IMPACT – de Loftoarloch yn Fryslân, 1940-1945, is nei 29 maart noch oant en mei 27 july yn it Fries Museum te sjen.
Kategory
Tags
Gjin tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Byldzjende keunst,Essay
YME KUIPER - ‘Een portret kan groot zijn, grooter dan de oneindige lucht, grooter dan de heerlijkste buitendag, het portret toch kan het leven, de [...]
Kategory: Literatuer,Resinsje
SJOERD BOTTEMA - Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]
Kategory: Byldzjende keunst,kultuerbelied,Ynterview
GRYT VAN DUINEN - Yn 1997 makke Oeds Westerhof (37) as direkteur fan Keunstwurk syn entree yn de Fryske kultuer. Foar fiif jier woe er [...]


