fotografy: Ernst Bruinsma

Flylânsk filmfestival yn teken fan fotografy

TSJOMME DIJKSTRA –

Fan freed 1 april oant en mei snein 3 april organisearret teater Podium Vlieland – troch de Volkskrant yn 2013 opnommen yn in list mei de tsien aardichste, lytse teaters fan ús lân – in film- en dokumintêrefilmfestival oer fotografy. It festival wurdt organisearre yn ’e mande mei tydskrift Noorderbreedte en is ornearre foar elkenien dy’t ynteresse hat foar fotografearjen.

Byldzje it dy mar yn, moarns mei in brochje yn ’e mage stapst de frisse bûtenlucht fan it eilân yn – it kin hast as fakânsje oanfiele – en in hoartsje letter op ’e moarn sitst al yn it teater, om ien fan de bêste films oer fotografy te sjen. Dy sjochst yn it selskip fan tsientallen oare minsken út it hiele lân, kollega’s/fakgenoaten faaks, minsken yn elk gefal dy’t mei deselde niget nei de film sjogge. Dêrnei hawwe je in pear frije oerkes, om ûnder it genot fan in drankje nei te praten oer te film óf krekt om in moaie slach oer it eilân te meitsjen en yn de natoer fan it eilân de gedachten even gean te litten. Dan kinne je it teater wer opsykje foar de twadde film, in film yn in hiel oar sjenre as de film earder op ’e dei. Sa – yn it koart – sjocht in festivaldei der út.

 

Noorderbreedte jubilearret
Podium Vlieland op Flylân organisearret geregeld lytsere filmfestivals. Yn gearwurking mei Noorderbreedte is dat om tema’s hinne dy’t oanslute by tema’s dy’t it tydskrift behannelet. “Bijvoorbeeld thema’s met betrekking tot landschap. Of kleine gemeenschappen, met misschien ook nog een koppeling met krimp,” fertelt organisator Adwin de Kluyver. Om’t it tydskrift Noorderbreedte dit jier fjirtich jier bestiet, stiet it kommende festival yn it ramt fan fotografy; it ûnderwerp dêr’t Noorderbreedte by it gruttere publyk wierskynlik it measte bekendheid troch krigen hat. Noorderbreedte publisearret al jierren fotosearjes fan topkwaliteit, fan de bêste fotografen fan it Noarden.

Ien fan de fêste fotografen fan it tydskrift is Harry Cock. Tusken de films op it festival troch sil Cock oan de hân fan foarbylden fan syn wurk fertelle oer syn manier fan fotografearjen. De Kluyver: “Harry Cock is deels nieuwsfotograaf (hy fotografearret ek op fêste basis foar de Volkskrant, red.) en deels documentairefotograaf, wat een heel ander ritme is dan het ritme van de nieuwsfotograaf natuurlijk. Dan volgt hij voor langere tijd een onderwerp, voor een fotoboek of tentoonstelling.” Cock sil útlizze hoe’t er syn ûnderwerpen kiest, hoe’t hy in byld kiest en wat hy fertelle wol mei de foto’s en it publyk kin him deroer befreegje.

Op it festivalprogram, dat de namme ‘Gelukkig hebben we de foto’s nog’ jûn is, wurde trije films en trije ferskillende dokumintêres mei it ûnderwerp fotografy toant. De Kluyver: “Het is een gemengd programma, half docu/half speelfilm. Het festival is dit keer denk ik iets meer arthouse dan anders.”

Ien fan de dokumintêres dy’t toand wurde giet oer de fotografe Vivian Maier. “Zij was een straatfotografe in Chicago, en haar werk is bij toeval ontdekt. Maar het was niet bekend wie de fotografe was,” fertelt De Kluyver, dy’t de films op it festival sels koart ynliedt. De makkers fan de dokumintêre Finding Vivian Maier gean op syk nei de fotografe en ûntdekke dat har foto’s yn in hiel ferrassende en bysûndere kontekst makke waarden. De dokumintêre toant it yndrukwekkende ferslach fan de syktocht nei de fotografe.

De films en dokumintêres wurde ferspraat oer de dei toand (je sjogge mei oare wurden in film op de moarn, ien op ’e middei en ien op de jûn) en dêrby gean de festivalgongers yn twa opsplitste groepen de bioskoop yn.

Flak foar it filmfestival wurdt ek noch in foto-eksposysje iepene fan Judith Minks út Harns, dy’t krektlyn cum laude ôfstudearre oan de Fotoacademie yn Grins. Har ôfstudearsearje ‘Hotelkamers’ is yn it wykein te sjen yn Podium Vlieland en hoewol’t de eksposysje feitlik los stiet fan it festival, passet dy der perfekt by.

 

Der binne noch arranzjeminten te keap foar it festival. Tegearre mei de hotels Badhotel Bruin, Hotel Zeezicht en it Vlielandhotel biedt Podium Vlieland in arranzjemint foar de oernachtingen op it eilân oan, ynklusyf moarnsiten, fyts en tagong ta de films. Kosten 154 euro (mei in twapersoanskeamer). Besikers krije dêrmei ek 30 persint koarting op in retoerke foar de fear (by Rederij Doeksen). Sjoch op de webside fan Podium Vlieland foar mear ynformaasje.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.