Finsters iepen – Lit de dowen fleane

Publisearre op 3 juli 2008

JOSSE DE HAAN – 

Fryslân hat Nederlân wat te bieden en Nederlân (ynklusyf Fryslân) hat Europa en de wrâld wat te bieden. In wichtich elemint yn dat gehiel is de taal, it Frysk. Yn dy taal wurdt û.o. literatuer skreaun. Dy literatuer kin Europa allinnich mar berikke as der oersettingen komme. Dat fereasket in omslach yn tinken, yn de mentaliteit yn Fryslân sels. Minsken sille der fan oertsjûge wurde moatte dat guon literêre wurken yn Europa nijsgjirrich fûn wurde kinne, omdat dy wat tafoegje oan de Europeeske kultuer. Ynstee fan alles op Fryslân sels te setten (It Fryske Boek, kroaden, suteljen, propaganda, ensfh. – mei net te ‘muoilike’ boeken) soe de fokus mear op Europa lizze moatte.

Yn myn tankwurd nei de Gysbert Japicxpriis-útrikking op 25 oktober 2007 yn Boalsert haw ik sein dat de kroaden (mei maklike boeken) fan It Fryske Boek yn Fryslân wol riden bliuwe kinne, mar dat Nederlân en Europa oare ferfiermiddels nedich hawwe. Jonge skriuwers kinst net mear yn kroaden omride. Jierrenlang hat It Fryske Boek mei kroaden fol boeken by de doarren lâns west. De boeken fan de Koperative Utjouwerij – de drege boeken, de literatuer foar it neist – waarden hast net ferkocht. (Trouwens ek net oanpriizge want de sutelders hienen dy boeken meastentiids net lêzen.)

Skriuwers fan de Koperative Utjouwerij waarden ek net faak útnoege om foar te lêzen – foar Durk Hibma (direkteur fan It Fryske Boek) wienen dy lju en harren boeken allegearre te muoilik, te dreech, te útwrydsk, te fiis, mei oare wurden net geskikt foar it Frysklêzende publyk dat neffens de fisy fan IFB blykber no ienris minder yntelligint is as net-Frysklêzers. Mei it drege literêre boek koe net skoard wurde. Ek dêrtroch binne der mar sa’n bytsje boeken yn it Nederlânsk oersetten en al hielendal net yn oare talen. De lêste jierren is dat wat feroare, mar dat is meastentiids troch de skriuwers sels regele. Auteurs dy’t Europa yn wolle, hawwe gjin boadskip oan de kroaden, se nimme in fleantúch of in snelle trein.

 

Fan Europa nei Fryslân
Ik wol graach pleitsje foar in oare mentaliteit, foar in omslach yn tinken. As Europeanen Fryske literatuer yn oersetting lêze kinne, slacht dat werom op de posysje fan de Fryske literatuer yn Nederlân en Fryslân sels. Doe’t de Nederlânske literatuer nei de Buchmesse fan 1993 in namme krige yn Europa, sloech dat werom op de wurdearring foar de literatuer yn Nederlân sels. ‘Soa, Europa fynt ús skriuwers nijsgjirrich, dan moat it wol wat wêze’, sokssawat. Allinne Tsjêbbe Hettinga koe wat meilifte op dat grutte sukses fan it NLPVF (Rudi Wester).

Soks soe ek barre kinne mei it Fryske proaza. Der binne genôch Fryske (‘drege’) skriuwers dy’t wat te melden hawwe yn Europa, sa’t in pear dat ek al yn Nederlân sjen litten hawwe. Fryslân is in moderne Europeeske regio, mei goed oplate skriuwers en mei in nijsgjirrige literêre ynfrastruktuer. No al binne der party skriuwers dy’t yn de twa rykstalen skriuwe en publisearje. Mei wat stipe yn de rêch kin dat in Europeesk ferfolch krije. Der sille dan wat saken yn ’t foar regele wurde moatte.

In pear jonge en entûsjaste minsken dy’t fan boeken en skriuwers hâlde, sille soks oanpakke moatte. It easket diplomatike ‘ferkeapers’ yn it bûtenlân en tûke oersetters yn mear as ien taal. It Nederlands Letterenfonds ûnder lieding fan Henk Pröpper kin wat dat oanbelanget hele goeie advizen jaan.

 

Europeeske haadstêd yn 2018
Oer tsien jier – yn 2018 – soe Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa wêze moatte, soks is it stribjen. Dat is net allinne in prachtich perspektyf, dat is wat om foar te striden. In regio mei in eigen kultuer, mei in eigen literatuer en mei in rike skiednis kin sjen litte wat in rykdom yn Europa te finen is.

Tsien jier liket lang, mar it is feitlik hiel koart. Foar de Fryske literatuer moatte der dan in tal saken op de reels setten wurde, wol Europa yn 2018 kennis meitsje kinne mei literêre produkten. Ik praat benammen oer proaza, want dat sil it wichtichste ‘eksportprodukt’ op it literêre flak wêze. Ferhalen, novellen, romans – dêr wurdt it libben stal jûn dêr’t lju nijsgjirrich nei binne. Oare foarmen fan literatuer lykas poëzy, toaniel (teater) en cross-overs mei film en byldzjende foarmen kinne maklik ferbûn wurde mei de ideeën oer it proaza.

A) in pear jier fóár 2018 soe besocht wurde moatte om as minderheidstaal op de Buchmesse te kommen en spearpunt te wêzen; dat as tarieding op de ‘Europeeske eksposysje’ yn 2018:

  1. op dy Buchmesse kin yn in X-tal talen ynformaasje jûn wurde oer literatuer yn in literatuerkrante (in âld, mar poerbêst idee fan Wilco Berga út 1993);
  2. dy krante jout proefkes fan oersettings yn in X-tal talen fan proaza – literatuer; de ferhalebondel It each fan de Griffioen (Utjouwerij Fryslân, 2006) is dêrfoar bgl. hiel geskikt;
  3. itselde kin barre mei jeugd- en berneliteratuer;
  4. idem koarte literêre novelle;
  5. idem poëzy;
  6. in foarlêsjûn en diskusje/debat opsette yn Frankfurt – ‘It belang fan minderheidsliteratueren foar de kultuer yn Europa’.

B) Yn ferfolch op dy Buchmesse soenen der yn 2018 op syn minst in 10 oant 20 proazawurken (-wurkjes) oersetten wêze moatte yn X talen. Se kinne presintearre wurde as de literêre produkten út in minderheidstaal. Handige ‘ferkeapers’ sille yn ’t foar Europa troch moatte (boekhannels, eventueel útjouwers as dy meidogge yn ko-produksjes, literêre aginten, etc.) om de boeken út te setten. Kontakten mei kranten, literêre redaksjes en oare blêden sille lein wurde moatte.

Dat hâldt yn dat der goeie ynstituten en geskikte lju selektearre wurde dy’t de boeken feestlik en hast mediterraan oanbiede kinne. Ek dêryn kin it NLPVF rie jaan. De minsken dêr wurkje al sûnt jierren mei dizze matearje. Rynsk temjitte komme en net sunich stinne (dêr’t Hollanners yn it bûtenlân om bekend steane). Ek wat de oersetters oanbelanget kin it tal en de kar útwreide wurde. De situaasje fan no (mar 1 of 2 oersetters) raast oan de protters. Ek de kwaliteit sil dêrtroch omheech gean.

 

Nij fris profesjoneel team
Ik soe graach pleitsje wolle foar in folslein nij ‘Europeesk’ team dat goed mei de literatuer op ’e hichte is en Europa yn doart te gean, omdat it it belang fan de saak ynsjocht. Kreativiteit is dêrby wichtiger as domwei de regels folgje.

Sa’n team soe mentaal de omslach meitsje moatte yn it tinken  –  jo begjinne by Europa en einigje yn Fryslân. It op ’e hichte wêzen mei de Europeeske literatuer yn it algemien kin fan belang wêze by de kar fan de boeken dy’t nijsgjirrich fûn wurde yn Europa. It kin ek oanjaan hoe’t Fryslân in bydrage leverje sil oan de Europeeske literatuer.

Myn ûnderfining mei de oersetting fan As wurden slipe wurde – in bondel fan 25 koarte gedichten by byldzjend wurk fan Hendrik Beekman (Venus, 2008, 64 siden, fjouwer kleuren) – is wol dat de leden fan it Europeeske projekt harren talen behearskje moatte – dat sil foar kwaliteit soargje en it is goed foar de kommunikaasje. Dat operearjen op de Europeeske merk kin in fergrutting foar de Fryske (en Nederlânske?) merk betsjutte. Op dy wize wurdt de Fryske literêre kultuer nei bûten en nei binnen in fanselssprekkendheid. De kroaden kinne ferfongen wurde troch TGV’s en dy âlde ferfiermiddels meie yn it letterkundich museum útstald wurde as rekwisiten út in ryk ferline, dêr’t ek wolris dronken dichters yn nei hûs kroade waarden.

Ik bin derfan oertsjûge dat de kar foar in Europeeske Haadstêd posityf beynfloede wurde kin mei de oankundiging fan it ferskinen fan Frysktalige literatuer yn in tal Europeeske talen. Dat is nij, rjochte op hiel Europa, jout de rykdom oan fan dit wrâlddiel en leit feitlik de Fryske literatuer iepen foar de hiele wrâld.

De finsters wurde mei dat idee yndie iepen smiten, en as it heal kin krije de dowen de romte om literatuer nei de Europeeske stêden te fleanen en op de weromreis wat nijs nei Fryslân te bringen, sadat de lju oan beide kanten der fan profitearje kinne.

 

(*) Fan Josse de Haan ferskynde koartlyn de bondel As wurden slipe wurde. De dichter hat fersen skreaun by bylden fan Hendrik Beekman. De teksten binne oerset yn it Nederlânsk, Ingelsk, Spaansk en Frânsk.

 

Dit stik stie earder yn ‘de Moanne’ nûmer 7, 2008

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels