Fertutearz(g)je en reiz(g)je

HENK WOLF – 

In skoft lyn brûkte ik yn in artikeltsje in sitaat út in folksferhaal, optekene troch Ype Poortinga. Yn dat sitaat kaam it wurd ‘fertutearzgje’ foar. Dêr reagearre ien op: moast it net ‘fertutearzje’ wêze?

Dat kin fansels ek. Ik sis it sels ek sûnder dy -g- fan Poortinga en sa stiet it ek yn de wurdboeken. Mar wa’t yn it Wurdboek fan de Fryske Taal by ‘fertutearzje’ sjocht, fynt dêr wol in foarbyldsin mei ‘fertutearzgje’. De foarmen mei in -g- binne ek maklik op it Internet te finen. In pear foarbylden:

 

“Dy âld man kin wol fortuteazgje.” (út: It heitelân, Ype Poortinga 1937);

  • “De goaën, dy’t yn de midsieuwen safolle fan de Fryske wetten oplevere hiene en dy’t sa fûleindich foar de Fryske frijdom striden hiene, lieten har eigen tael folslein fortutearzgje.” (Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse, Jan Tjittes Piebenga 1957);
  • “Se sei by harsels, it is doch in griis dat dy hjir nou fortutearzgje sil, en doe tôge se him nei in kluzenershutte, dy’t dêr tichteby stie en se forpleegde him dêr.” (út: De ring fan it ljocht, Ype Poortinga 1976);
  • “Skiep slim fertutearzge”, (fan Omrop Fryslân 2003);
  • “Yn it fiktive Súd-Amerikaanse lân Costaguana erft Charles Gould fan syn heit, ryk keapman dêre, foar ivich in rike mar fertutearzge en net mear aktive sulvermyn, syn heit optwongen troch in korrupt bestjoer dat him lykwols wol twingt om in deel fan de ‘winst’ ôf te dragen.” (flapterkst ‘Fan sulver en minsken’ yn de oersetting fan Geart van der Meer, 2019).

Tútears
Dingen kinne ‘fertutearz(g)je’ en minsken kinne dy dingen ek ‘fertutearz(g)je litte’. Yn beide gefallen krije dy dingen te min omtinken en ferwurde se. Dy’t bygelyks in tún fertutearzje lit, dy túnket te min en it resultaat is in wylde boel.

It wurd ‘fertutearz(g)je’ komt fan de wat nuvere gearstalling ’tútears’, dy’t bestiet út de stikjes ’tút’ en ‘ears’: in tútfoarmige ears dus, in kokerfoarmich skytgatsje yn it achterliif. De medyske term is rectum prolaps of anale prolaps. By fee koe soks ûntstean as it min fretten krige of as sykten net behannele waarden. Dat fersloere litten fan fee hat in rommere betsjutting krigen.

-z(g)je
Tiidwurden dy’t ôflaat binne fan in haadwurd (zelfstandig naamwoord) op -s of -ze, ha yn it Frysk faak twa farianten: guon minsken litte se eingje op -zje, oaren op -zgje. In pear foarbylden:

besmodzje/besmodzgje
eazje/eazgje
glânzje/glânzgje
grânzje/grânzgje
grinzje/grinzgje
priizje/priizgje
reizje/reizgje
wearzje/wearzgje

‘Fertutearz(g)je’ as ôflieding fan ’tútears’ past ek yn dat rychje.

Oars as wat minsken soms tinke, steane lang net alle wurden yn in wurdboek. Wurdboekmakkers sammelje faak in grutte foarrie teksten – it korpus – en se nimme de wurden yn har wurdboek oer dy’t faak genôch yn dat korpus steane. Komt in wurd dêr tafallich net of net faak yn foar, dan bedarret it net as apart lemma yn it wurdboek. Sa ûntbrekt it neffens my net al te ûngewoane ‘reizje’ yn ferskate Fryske wurdboeken. Dat jildt ek foar ‘fertutearzgje’ as lemma. Beide foarmen – ‘reizje’ en ‘fertutearzgje’ komme wol yn foarbyldsinnen yn it Wurdboek fan de Fryske Taalfoar.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.