Eksposysje portrettearret Ids Willemsma as keunstner en natuerminsk

Publisearre op 5 augustus 2024

Ids Willemsma, Vlucht, 1969. Foto Linus Harms

Ids Willemsma, Vlucht, 1969. Foto Linus Harms

Al goed 50 jier is Ids Willemsma ien fan de bekendste Fryske keunstners. Syn monumintale stielkonstruksjes binne rûnom yn de provinsje te finen. Dizze simmer wurdt Willemsma 75 jier, en it Fries Scheepvaart Museum fiert dit feestje mei troch in bysûndere seleksje keunstwurken sjen te litten, fan hiel betiid oant resint wurk. It is in tiidreis troch it libben fan Willemsma as keunstner én as natuerleafhawwer.

Wa ’t troch Fryslân lûkt, komt al gau in wurk fan Ids Willemsma (Akkrum, 1949) tsjin. Syn monumintale stielkonstruksjes stean ferspraat oer de hiele provinsje. Syn timpeltsje op de seedyk by Marrum waard koartlyn sels keazen ta ‘moaiste jonge monumint‘ yn Fryslân. It binne wurken fan in soms ferrifeljende ienfâld, mar altyd mei in betsjutting dy ’t fierder giet dan de uterlike foarm.

Ids Willemsma, Eerbetoon aan Hendrik Bulthuis (model), 2016. Foto Linus Harms

Ids Willemsma, Eerbetoon aan Hendrik Bulthuis (model), 2016. Foto Linus Harms

De fjildman Willemsma reagearret yn syn wurk op syn omjouwing, en dan benammen op de natuer. By alle soargen om de teloargong fan lânskip en bioferskaat ynspirearret de natuer him noch altyd. ‘As jonge wie ik altyd al bûten te finen. It lân yn of it wetter op’, seit Willemsma. ‘Dêr bin ik yn myn elemint.’ As er net yn syn wurkpleats yn Easterwierrum stiet, lûkt er der graach op út mei syn sylboat of racefyts. Of leaver noch op redens, sadree ’t dat wer ris kin.

Libben en wurk binne foar Ids Willemsma gjin striid tsjin de eleminten, seit keunsthistoarikus en kurator Feico Hoekstra dêroer. Yn de tentoanstelling is dan ek in seleksje keunstwurken te sjen dy ’t mei klam ferbûn binne mei de natuer. Tegearre foarmje se in meardielich selsportret fan ús Ids. Hoekstra is troch Willemsma sels frege om dizze jubileumtentoanstelling foar him yn te rjochtsjen. ‘In hiele eare,’ fynt er. ‘Ik folgje Ids al mear as tritich jier. It is hiel stoer wurk, sûnder poespas, en tagelyk hiel poëtysk. Dat is ek krekt hoe ’t Ids sels is. Efter dy brute krêft skûlet in grutte gefoelichheid en leafde foar de natuer.’ Dat dizze oersjochstentoanstelling yn it Fries Scheepvaart Museum te sjen is, fielt foar Willemsma as in fanselssprekkendheid. ‘Ik bin frijwilliger by it museum’, leit de keunstner út. ‘De skipfeart hat my fan jongs ôf oan ynteressearre en ik wyt der ridlik wat fan. Ik bin ek in siler fansels. Op it wetter fiel ik my frij.’

Ids Willemsma, Ton mei redens (heit), 2007. Foto Guus van de Sande

Ids Willemsma, Ton mei redens (heit), 2007. Foto Guus van de Sande

In soad fan de toande wurken komme út de persoanlike kolleksje fan de keunstner, en wurde foar dizze gelegenheid dus oan it publyk toand. Dêr sitte ek wurken by mei in bysûndere lading, dy ’t de persoan achter it wurk sjen litte. It wurk Ton mei redens (heit) bygelyks. Mei dit keunstwurk hat Willemsma syn heit portrettearre, dy ’t in redensfabryk yn Akkrum hie. Op ‘e bopperâne fan in blauwe tonne hingje as in pânsere kraach hûnderten redens. Yn de tonne lizze de koalen foar it fjoer dat nedich is om it izer te smeien. Hjiryn skûlet in ekstra betsjutting, want it ropt tagelyk it byld op fan in reservearre man dy ’t fan binnen in fjoer mei him meidraacht. Sa binne der mear wurken dy ’t streekrjocht weromgripe op foarfallen dy ’t in djippe yndruk op Willemsma efterlitten hawwe, lykas syn dielname oan de Alvestêdetocht fan 1985 of it ferstjerren fan in goede freon. Mei dizze persoanlike én oan de eleminten relatearre wurken, foarmet Ids & de eleminten in unyk portret fan in keunstner mei in folslein eigen oanpak.

Sjen

De tentoanstelling Ids & de eleminten. In portret fan Ids Willemsma yn bylden is oant mei 29 septimber te sjen yn it Fries Scheepvaart Museum yn Snits.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels