Earbetoan dichters oan Piter Yedema by IepenUp Live

ARJAN HUT – 

Piter Yedema wie ien fan de dichters dy’t woansdeitejûn foardrage soe by IepenUP Live, nei oanlieding fan it tema wetter. No’t de dichter ferline wike hommels ferstoarn is, bringe syn kollega’s in earbetoan oan him yn it programma, dat live fan út Neushoorn Backstage útsjoerd wurdt.

 

“Piter soe as ús moannedichter fan april by IepenUP optrede. Mar ik hoopje dat dit in breder earbetoan oan Piter wurdt.”

 

“Ik koe him net persoanlik,” fertelt presintator Jacco de Boer, “mar hy wie boekt foar dizze jûn, mei guon oare dichters út it kollektyf Dichters fan Fryslân om Syds Wiersma hinne.” Yedema wie ien fan de meast aktive dichters fan dat kollektyf en drûch ferline wike tongersdei noch foar út eigen wurk by de iepening fan ekoparadys Frijlân yn de Swettepolder.

“Yn oerlis mei Syds ha wy besluten om it dichtersblok troch gean te litten en dan in earbetoan oan Yedema te dwaan, om minsken de gelegenheid te jaan stil te stean by syn wurk en by syn libben. Syds Wiersma sels en Jetze de Vries en Sigrid Kingma sille yn alle gefallen foardrage.”

Syds Wiersma jout oan dat it earbetoan net bûn is oan Dichters fan Fryslân. “Piter soe as ús moannedichter fan april by IepenUP optrede. Mar ik hoopje dat dit in breder earbetoan oan Piter wurdt.”

Yn oanfolling op de dichters dy’t al komme soene, is André Looijenga frege om ek mei te dwaan en guon gedichten út it oeuvre fan Yedema foar te dragen. Piter Boersma is frege om in ‘in memoriam’ oan de ferstoarne dichter út te sprekken, mar hy kin der troch omstannichheden woansdei yn Ljouwert net by wêze. Syn tekst is nei te lêzen op de webside fan Ensafh.

De temajûn oer wetter folget op in eardere temajûn oer iis. De rest fan it programma giet troch neffens plenning, seit de Boer. “It is in jûn mei wetterferhalen, ûnder oaren troch skûtsjeman Age Veldboom, mar ek fan skriuwers lykas Maartje Wortel en Nina Polak. Der komt in flechtling út Libië dy’t fertelt oer syn boattocht nei Europa. Ik begriep dat Yedema graach ûnder de minsken wie en dat hy útseach nei de jûn, fanwege it tema dêr’t er bining mei hie, mar ek krekt omdat er nijsgjirrich wie nei de oare sprekkers mei harren ferskillende achtergrûnen.”

 

 

IepenUP Live ‘Waterverhalen’ & earbetoan oan Piter Yedema, woansdei 25 april, 19:30 oere, Neurhoorn Backstage yn Ljouwert.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.