fotografy: Linus Harms

Dynamiekjes in elkaar zetten

ELSKE SCHOTANUS – 

Teun Vonk hie al in oplieding as fotograaf dien doe’t hy syn stúdzje fuortsette oan de Keninklike Akademy foar Byldzjende Keunsten yn Den Haach. Mei tank oan in deeglike technyske achtergrûn koe er dêr hielendal ‘los’. Al keas er foar de rjochting kommersjele fotografy en die er benammen reklamewurk, mei de de hjoeddeiske kamera’s kin ek filme wurde en sa komt it dat Teun him ûntwikkele hat ta fideokeunstner. Yn 2012 waard syn eksamenwurk nominearre foar de TENT Academy Awards foar krekt ôfstudearre audiofisuele talinten, in jier letter foar de Sybren Hellinga Keunstpriis, en hy krige foar 2013 in stipendium fan it Mondriaanfûns – ‘dat geld is zo op, hoor’ – en EYE, it filmmuseum yn Amsterdam, hat al belangstelling toand foar it konsept foar in film, in skets noch, dy’t hy yn augustus (op syn tocht troch Fryslân mei in opkalfatere SRV-wein, op útnoeging fan it Ljouwerter keunstinisjatyf VHDG) ûntwikkele. Nei ôfrin wie it risseltaat fan dy reis, tagelyk mei earder wurk, te sjen yn de Blokhúspoarte. Foar de Moanne – it útsprekken fan dat wurd kostet him de nedige muoite – sjocht er werom op dat ûndernimmen.

 

En er dan een bal intrappen
‘Prikkels zijn interessant en een groep geeft prikkels. Een foto, dat is alleen beeld. Wat je vastlegt is een persoon, maar ik zocht iets lossers. In een groep gebeurt van alles wat je met een foto niet kunt zeggen.’ Syn films reitsje oan de sosjale psychology: it giet om groepsdynamyk, om ferskynsels lykas macht en koheezje. Sa makke hy tsien opnamen fan koaren, dêrfan binne der trije brûkt, dy’t op skerms neist elkoar toand wurde. ‘Koren maken graag geluid, maar ik vroeg hen stil te zijn. Het valt op dat, zodra zij hun gang weer mogen gaan, alle koren hetzelfde patroon volgen. Er zijn veel vrouwen en wat je dan ziet is de motoriek, hoe mensen zich bewegen, naar elkaar toe draaien, zich op hun gemak voelen en gaan babbelen. Het proces is altijd hetzelfde, ongeacht de samenstelling van de groep, ongeacht wat ik met de camera doe of met het licht. Het is altijd babbelen.’

 

‘Mijn werk komt voort uit observaties, niet uit theoretische kennis.’

 

In fragmint fan de film is te sjen op syn webside, sa’t dêr ek in fideoynstallaasje fan fiif skermen te sjen is wêrop’t ynstrumintgroepen fan in dweilorkest ‘C’est la Vie’ hearre litte, wat lykwols in hiel eigen komposysje wurdt dy’t alle kearen wer oars útfalle kin.

As in juwelier fallyt giet, in ministearje fusearret, in omrop snije moat, ûntstiet der in stuolledûns fan wurknimmers: ûnderwerp foar in projekt fan twa jier ferlyn. Master and His Apprentices, ien fan de twa films dy’t Teun foarich jier yn Gana makke, bestiet út fjouwer bylden dêr’t groepsportretten yn makke wurde. De Masters – liedingjaanden fan wurkplakken dêr’t âlde auto’s recycle wurde – bepale wa fan harren kollega’s en learlingen oft portrettearre wurde en wa’t wêr sit. Oft it no om boksers giet of karnavalsklup de Zeskante Steen yn Emmen, om in ponsjo foar acht persoanen of de fanfare fan Beetstersweach, yn de measte fideoynstallaasjes draait it om regissearre groepsdynamyske prosessen.

Goed seis minuten dogge de seis manlju fan de karnavalsferieniging oer it stilswijend deldrinken fan in glês bier. Kreas yn it pak hyst, it sulveren keatling om en de reade steek op ’e holle, nimme se om beurten in slokje, sjogge sa ris nei de kamera en glimkje as witte se net rjocht hoe’t se mei de sitewaasje oan moatte. Sjochst harren op it lêst tinken ‘hoelang soe it noch duorje’ – en dat gefoel wurdt sá oerbrocht datst it sels suver ek sa fielst, as it filmke ynienen hilarysk einiget. Kinst net oars as yn ’e laits sjitte.

‘Mijn werk komt voort uit observaties, niet uit theoretische kennis. Later heb ik er wel over gelezen, Massa en macht fan Elias Canetti. Het begint met contact zoeken met een clubje. Dat hangen bij een groep is van belang. En er dan een bal intrappen: zien wat er gebeurt.’

 

Schetsmateriaal
De SRV-wein fan VHDG, ynrjochte as camper, is foarsjoen fan Wifi en gps. Alle jierren wurdt de wein in kear ynset as ridend wurkplak foar in artist in residence en Teun wie de earste dy’t dêr gebrûk fan makke. De wein as ‘residence’ jout keunstners de gelegenheid om de ferbining mei it publyk te sykjen. ‘Ik reed met die wagen door de weidse Greidhoek. Je ziet hoe het landeigendom het land verandert, omdat je er mee te maken hebt. De mensen zijn er trots op hun taal, maar schakelen even gemakkelijk over naar het Nederlands. Als ik met de bus ergens stond, werd ik al gauw uitgenodigd om binnen te komen. Een gehaktbal bij Douwe, met iemand anders een visje eten.’

Oan it meitsjen fan in film giet in hiel trajekt foarôf. Earder, by in ferbliuw fan trije wike yn Kunsthuis SYB, hie er konstatearre dat dy perioade fierstente koart is om mei risseltaat te kommen. Diskear hie er yn it foar al in tal organisaasjes oanskreaun om mei te wurkjen. Lang net elkenien reagearre. Fan alle ideeën dy’t er útsette, hat er trije min as mear realisearje kind. Yn july fertelde er in sjoernalist fan de Ljouwerter Krante noch dat hy mei Cambuursupporters oan de slach soe en sa wienen der noch tal fan ideeën, mar ‘soms kom je erachter dat iets toch niet een goed plan is.’ Wol slagge it om mei MC PB, motorclub Pieterburen oan de Grinzer Strjitwei yn Ljouwert, útein. ‘Ik heb een biertje bij hen op het terrein gedronken. Het bleek een van de leukste groepen waar ik mee te maken had.’

 

‘Met mijn laatste energie was ik ’s nachts bezig om alles voor de tentoonstelling, die de dag na aankomst zou openen, klaar te krijgen.’

 

 

Teun syn MacBook siet sa fol dat hy de bestannen opskjinje moast, en it bestân dat er siket hat er blykber op in eksterne skiif oerbrocht. Dy leit thús, dat hy kin allinne in still sjen litte. Op it skerm ferskynt it binnenplein fan de Blokhúspoarte, dêr’t de motoaren yn in sirkel ride. Troch in yngewikkelde earm-konstruksje waard de sitewaasje sa manipulearre dat sy om bar yn it ljocht ride. ‘Ik dwing hen in een situatie, maar zet niet álles in scène. Ik kijk wat interessant is; aan de ene kant is het spontaan, terwijl het toch binnen mijn kader moet vallen. Er is nog van alles mis met de opnames, het is schetsmateriaal, maar er blijkt belangstelling voor, dus wil ik een reshoot doen met een club in Rotterdam.’

Wat ek goed útpakte, wienen de kontakten mei begraffenisferieniging ‘Helpt Elkander’ fan Waaksens. ‘Het onderwerp kwam ter sprake tijdens een gesprek met de mensen van VHDG. Ik dacht, dat moet ik echt uit gaan zoeken. Een begrafenisvereniging, dat kent men in de stad helemaal niet. Het is een hele kleine vereniging. Klein, echt heel klein. Jij zult vast ook lid van zo’n vereniging zijn. Nee? Vroeger, via je ouders dan? Ze doen het allemaal zelf: vier bestuursleden die tegelijk ook de dragers van de kist zijn. Ik ben er twee keer langs geweest en heb ook nog een begrafenis bijgewoond waarbij een rondgang om het kerkhof werd gemaakt. Zo ontstond het plan om met deze mensen door het weiland om de kerk heen te lopen. Ik had hen gevraagd in uniform te komen. Het gras was nat en de zolen van de schoenen van een van de mannen lieten los … Het gaat niet alleen om het rondje dat is gelopen, het gaat om veel meer dan de regie, het is ook interesse in zo’n vereniging …’

Teun kaam fan Suwâld, dêr’t er mei frijwilligers de deis foar de weromreis by it doarpshûs noch fideo-opnamen makke hie. ‘Met mijn laatste energie was ik ’s nachts bezig om alles voor de tentoonstelling, die de dag na aankomst zou openen, klaar te krijgen. Bij het ontbijt zat ik nóg te editen. Ik had een enorm slaaptekort tijdens de opening. Ze waren er allemaal: de mannen van de motorclub, de fanfare, de begrafenisvereniging …’

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.