
Underwiis
Hoe stiet it der foar mei it Frysk yn it ûnderwiis? Om in antwurd op dy fraach te finen hold de Moanne in tal petearen mei minsken út it ûnderwiisfjild. Dy rige krijt no in ferfolch yn de foarm fan in temanûmer fan de Moanne oer ûnderwiis. Yn dit dossier fine jo alle stikken oer Frysk yn it ûnderwiis dy’t earder online publisearre binne of opnommen west hawwe yn ús blêd. Wolle jo reageare op ien fan de artikels yn dit dossier? Stjoer jo reaksje nei reaksje@demoanne.nl.
Albert Walsweer
Dit ûndersyk is yn de jierren 2008-2010 útfierd op fjouwer basisskoallen yn de gemeente Littenseradiel en ien skoalle yn Smellingerlân. De gemeente Littenseradiel hie al in oantal jierren in ‘Voorleesproject’ yn it ramt fan (ekstra) ‘Onderwijskansen’ foar de learlingen. Alle skoallen yn dit ûndersyk binne lytse plattelânsskoallen mei in protte Frysktalige bern. De maatskiplike fraach is, oft it proses fan skaalfergrutting op it plattelân ek omset wurde kin yn “krimp as kâns” en de professionalisearring fan de learkrêften yn dat ramt in fersterking van de ‘vitale plattelânsregio’ betsjutte kin.Frysk yn it fuortset ûnderwiis
Wallinga jout les op VMBO GROEN lokaasje It Hearrenfean fan AOC Friesland. Op it mêd fan taal hat se in heterogene groep learlingen. Der binne by har op skoalle sawat likefolle learlingen dy’t mei it Nederlânsk grutbrocht binne as dy’t it Frysk as memmetaal hawwe.Multilingualism is hot, why?
Meartalichheid is feitliks gjin keunst oan. Jo krije it mei en profitearje derfan. Dat hat net altyd sa west. Feitliks fiere talen altyd oarloch mei inoar, foaral as de iene dominearjen giet en de oare sichtber en hearber terrein ferliest. Krekt dan komme minsken – idealisten, perverselingen – yn aksje. En wittenskippers fansels. Wat hâldt it ûndersyk nei it talige fermogen fan minsken krekt yn? En hoe komt it dat meartalichheid de lêste tiid sa’n trend liket te wêzen? Trije eksperts út it fjild jouwe antwurd.Tomketiid mei tekener Luuk Klazenga
Tomke mantsje altyd blier… Luuk Klazenga, ‘heit’ en tekener fan Tomke, is wiis mei dy earste sin fan it yntrolietsje fan Tomketiid. It figuerke - dat er al sûnt 1996 op papier set – is ek echt altyd blier, neffens him. ‘Tomke hat noait in min sin, laket altyd, hiel soms is er wol lilk of fertrietlik, om wat er meimakket, mar fierder is er altyd fleurich en entûsjast. Dat fyn ik ek belangryk, Tomke is in foarbyld foar in protte pjutten.’Meartalich ûnderwiis, in deiboek
OBS De Pôlle út Marsum is in Trijetalige Skoalle. Dat betsjut dat de learlingen les krije yn trije talen: Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. Yn Fryslân hawwe goed fyftich skoallen dat trijetalige sinjatuer. Gellie Winkel is taal- en kultuerkoördinator oan OBS De Pôlle en jout les oan groep 3 en 4, middeis slút ek groep 5 oan. Spesjaal foar de Moanne hold ‘juf Gellie’ in deiboek by oer de meartalige aspekten fan it ûnderwiis yn Marsum.Ien mei twataligens
Bern dy’t yn Heech nei pjutteboartersplak 'it Pikepôltsje' geane, krije begelieding yn it Frysk. Liedster Geeske Andringa is bliid dat it pjutteboartersplak him sa'n fiif jier ferlyn oansletten hat by it SFBO (Sintrum Frysktalige Berne-opfang).Trije talen op 'e pabo
Ewoud en Janna dogge al trije jier mei yn de trijetalige stream, in frijwillich programma neist de besteande pabo’s fan de hegeskoallen Stenden en NHL yn Ljouwert. It riedt de studinten ta op it wurkjen oan ien fan de fyftich trijetalige basisskoallen yn Fryslân.Studint Frysk wit net wêr’t er oan ta is
Der hingje tsjustere wolkens oer de stúdzje Frysk yn Grins. De selsstannigens fan de stúdzje stiet faai troch besunigings en de gearfoeging fan talestúdzjes. Tagelyk binne der nije ûntjouwings dy’t de wolkens miskien ferdriuwe kinne, mar it is noch net alhiel dúdlik út hokker hoeke oft de wyn úteinlik waaie sil. In oersjoch fan bedrigings, feroarings en kânsen foar de Fryske ûnderwiiswrâld.Frysk bliuwt hjoed mar ris yn de kast
Op papier sjocht it der goed út. Oan prinsipes, lykas rekken hâlde mei alle bern, beskikbere boeken en materialen, gjin brek. Mar it stiet der net goed foar mei it Frysk op ús basisskoallen. Der binne oare belangen.Fiif fragen oer Mercator
De Fryske talen binne (Westerlauwersk) Frysk, Noardfrysk en Eastfrysk. Fan it Eastfrysk binne lykwols alle dialekten útstoarn, útsein it Sealterfrysk. De Fryske talen wurde as memmetaal sprutsen troch likernôch 610.000 minsken, benammen yn ’e Nederlânske provinsje Fryslân en fierders yn Noard-Fryslân en Sealterlân yn Dútslân.‘Nederlands èn Fries moet uitgangspunt zijn’
Nei it dochs wol dramatyske jier 2004, doe’t de Fryske Akademy-begrutting in miljoen te min hie, is der al wer hiel wat bard. Sûnt juny 2006 is prof. Reinier Salverda (57) de nije ‘direkteur/bestjoerder’ fan de Akademy. Hy moat him ferantwurdzje foar in fiifkoppige Rie fan Tafersjoch, mar fierder is Reinier Salverda de einferantwurdlike.Frans Zwarts en de UCF
In echte selsstannige universiteit mei it net hjitte. Mar de University Campus Fryslân is wilens ek gjin Frysk loftkastiel mear, sa fersekeret ús UCF-bestjoerder Frans Zwarts.Dát moatte wy mei it Frysk yn 2020…
Op freed 25 oktober 2013 organisearre de Afûk de konferinsje ‘Wat moatte wy mei ‘dat’ Frysk yn 2020?’ oer de takomst fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis. Op de konferinsje wienen mear as 65 minsken út it ûnderwiisfjild oanwêzich: fan primêr oant heger ûnderwiis, fan dosinten oant bestjoerders, gemeenten, polityk en ûnderwiisfernijers.No ek noch meartalich ûnderwiis
It is net nij. Ik bedoel it geklei oer ûnderwiis. At de bern by master Pennewip yn Multatuli’s Woutertje Pieterse in gedichtsje skriuwe moatte, skriuwt Woutertje ta ôfgriis fan master: ‘Mijn vader heeft menige os de doodsteek gegeven, maar meester Pennewip is nog in leven’.Wachtwurd Freemwurk.nl
‘Lit oer ien ding gjin twivel bestean’, beklammet Van der Meer fuortendaliks, ‘freemwurk.nl is in medium en dat medium wurdt droegen troch dosinten. Wy wolle de dosint Frysk net ferfange. De dosint bliuwt de siel fan it fak; is belangryk foar learlingen, as persoan en as ynspirator. Freemwurk.nl is neat mear as in ynstrumint dat de dosint helpt yn syn of har wurk.’Yn it skaad fan de meritokratyske beam
De kleau tusken heech en leech oplate minsken, en bygelyks ‘e-matching: durft u het aan, alleen voor hoger opgeleiden’, it binne ûnwinsklike maatskiplike ûntjouwingen. Boppedat hawwe wy al dy saneamde heger oplaten net nedich.‘De takomst foar it Frysk leit yn trijetalich ûnderwiis.’
It Frysk is ferplichte op de basisskoalle, mar eltse skoalle docht syn eigen sin by de ynfolling fan it fak. In oerke Frysk yn de wike jout net folle as de bern meastentiids Nederlansk prate. It omdraaien fan de tiidwurden, ‘ik bin bleaun sitten’, is yntusken modern Frysk, liket it wol. Sikko de Jong hat jierrenlang underwiisynspekteur west, mei Frysk yn syn portefulje.Goede foarnimmens
De skoalle dêr’t ik wurkje, hat fan de ynspeksje it predikaat ‘zeer zwak’ krigen. Tefolle sittenbliuwers, tefolle sakkers, tefolle ôfheakkers. Gelokkich ha wy in direksje dy’t it der net by sitte lit en fan trochpakken wit: yn myn postfakje fûn ik in espeltsje A4’s mei dúdlike ynstruksjes hoe’t ik tenei lesjaan moat. 206 ‘gedragsindicatoren’ en 42 ‘aandachtspunten’.Mear bern yn heger ûnderwiis tige wichtich foar Fryslân
Professor doktor Douwe D. Breimer, rector magnificus fan de Universiteit Leiden, is der in grut foarstanner fan dat jongeren better om har hinne sjogge foardat se beslute om mar yn Grins te studearjen, om’t dat ‘sa moai tichtby is’, hy hat it oer it ‘mama-hotel-syndroom’ en dat wylst syn eigen studinten him wol ‘papa-rector’ neame.It folk mist de wittenskip
Fan ‘e hjerst ferskynde in Steatebibel-tsjok skiedniswurk oer de rige doarpen te’n noard-easten fan it Hearrenfean: Terbant, Tsjalbert, Lúnbert en Gersleat. In boek oer de skiednis fan dy doarpen, om krekter te wêzen. It is in bysûnder wurk foar de leafhawwer en der stiet in almeugend soad yn. Mar it mist de dissipline en it oersicht fan de histoarikus; ien as Johan Frieswyk bygelyks hie moai wat gatten stopje kinnen en guon skriuwers oanfiterje ta gruttere prestaasjes.In universiteit oer europeeske mindertallen yn Ljouwert?
It idee fan Lammert Jansma om ta in universitêre fêstiging yn Ljouwert te kommen dy’t him – yn oparbeidzjen mei of as ûnderdiel fan de Fryske Akademy - rjochtsje moatte soe op ûndersyk en ûnderwiis op it stik fan europeeske mindertallen, liket my tige de muoite wurdich ta.It nije learen kin gjin krityk ferneare
Op it Friesland College wurdt net mear praat fan fakken, roasters, leararen, sifers, klassen, learlingen, repetysjes, opliedings en eksamens. It nije learen hat ek in nije taal. It giet no om kompetinsjes, kearndoelen, kursisten, portfolio’s, refleksje, coaches, fakspesjalisten, leartrajekten en panelpetearen. Lanlik rint it Friesland College foarop mei de yntroduksje fan it nije learen yn it beropsûnderwiis.Leeuwarden kan nooit de infrastructuur van een universiteit bieden
Te ambitieus, wonderlijk en curieus. Professor dr. Germ de Haan van de Faculteit der Letteren aan de Rijks Universiteit Groningen (RUG) is weinig enthousiast over de plannen van de Fryske Akademy om een internationale mastersopleiding Europese minderheidstalen en -culturen op te zetten.Fryske les
Yn de twadde klasse fan de middelbere skoalle koene wy kieze tusken Latyn en Frysk. Ik keas Frysk, omdat ik ûnnoazelwei tocht dat ik dêrmei fierder komme soe. En dat it handiger wie om foar in libbene taal te kiezen as foar in deadenien.Elke skoalle yn Fryslân meartalich!
Fryslân hat in frij lange histoarje as it giet om meartalich ûnderwiis. Sûnt de jierren fyftich yn de foarige ieu is der hjirre al sprake fan in beweging nei twatalige skoallen. En yn de jierren sechstich hawwe der sels sa’n tachtich twatalige skoallen yn Fryslân west.The benefit of native speakers
Let's be honest, teaching in English isn’t easy when it is not your first language. Therefore, many trilingual primary schools in Friesland are glad to welcome a native speaker in their classroom. One of them is Irma van der Kruis, who swapped her uptight Gooische euhr years ago for a classic British ahr.De earste stappen fan it Meartalich Fuortset Underwiis
It Meartalich Fuortset Underwiis (MFU) stiet yn Fryslân noch yn ’e berneskuon. De pilot, dy’t trije jier ferlyn opset is, wurdt útfierd op it Liudger yn Burgum en op twa lokaasjes fan it Bogerman, yn Wommels en yn Koudum.Doorzeefd
Congressen en symposia, je kunt me er altijd wakker voor maken. En ik bof, want er gaat bijna geen kwartaal voorbij of ik mag weer aantreden. Het Mercator Research Centre, opererend onder de krachtige vleugels van het Center of Excellence de Fryske Akademy, is op het terrein van meertaligheid internationaal sterk profilerend bezig.De stúdzje Frysk, in jier letter
Hoe stiet it der foar mei it Frysk yn it ûnderwiis? Om in antwurd op dy fraach te finen hold de Moanne in tal petearen mei minsken út it ûnderwiisfjild. Dy rige krijt no in ferfolch yn de foarm fan in temanûmer fan de Moanne oer ûnderwiis. Yn dit dossier fine jo alle stikken oer Frysk yn it ûnderwiis dy’t earder online publisearre binne of opnommen west hawwe yn ús blêd. Wolle jo reageare op ien fan de artikels yn dit dossier? Stjoer jo reaksje nei reaksje@demoanne.nl.