Thom Mercuur (1940-2016)

Thom Mercuur (1940-2016)

Op 20 jannewaris is Thom Mercuur ferstoarn. Op dit plak sil ‘de Moanne’ de kommende tiid ferhalen oer en fan Thom Mercuur pleatse. Om te beginnen witte wy Thom sels aan it wurd, oer Willem van Althuis, België en Kurt Schwitters.

Nûmer 2 - Thom Mercuur

Thom Mercuur (1940-2016) wie in keunstner yn it djipst fan syn gedachten, mar sûnder ferve en doek. Begearich is ek in wurd dat by my opkomt. Hy hat syn hiele libben, op rêsteleaze wize, moaie dingen sammele, mar dy ek altyd romhertich mei minsken dield. Syn wearde foar de moderne keunst yn Fryslân kin wat dat oanbelanget hast net oerskatten wurde. Fansels sil der yn de takomst in goeie biografy oer Thom Mercuur skreaun wurde. Syn libben as leafhawwer fan keunst, galeryhâlder, konservator, direkteur en iverige betinker fan altyd wer nije plannen, is der belangwekkend en kompleks genôch foar.

Klanklânskippen: 'Thom tanke'

Ofrûne snein wie yn de Lawei yn Drachten in nije ôflevering fan Klanklânskippen, in artistyk gearwurkingsprojekt fan komponist Sytze Pruiksma en dichter Jan Kleefstra. Foar elke ôflevering wurkje se gear mei oare artysten; muzikanten, akteurs, lûds- en fideokeunstners en byldzjende keunstners. Mei-elkoar meitsje se in ienmalige, unike foarstelling. Op de foarstelling fan snein kamen safolle minsken ôf dat krekt foar de begjin yn sân hasten noch ekstra stuollen delset waarden. It wie in bysûndere ôflevering, mei’t der in oade brocht waard oan Thom Mercuur, de keunstkenner en oprjochter fan museum Belvédère dy’t op 20 jannerwaris ferstoar.

Myn België

Ik hâld fan België en fan de Belgen. Dat hat ûnder oare te krijen mei hoe’t se mei keunst en keunstners omgeane. Keunstners binne dêr gjin ‘outcasts’, mar hearre derby. Se nimme, lykas de pastoar, in spesjaal plak yn.

Sykje nei ‘De schoenmaker’

Yn 1969 fertelde keunstskilder Boele Bregman (1918-1980) my dat der eartiids yn Drachten twa skuonmakkers wennen dy’t befreone wienen mei de skilder Theo van Doesburg (1883-1931) en de Dútske dadaïst Kurt Schwitters (1887-1948).

Willem van Althuis

Yn 1947, 21 jier âld, reizge Willem van Althuis ôf nei Amearika. By in boer yn New Jersey ferhierde er himsels as komelker, makke de stâlen skjin en pripte mei behelp fan in stôk mei in izeren puntop efterlitten papier.

Bevlogen man

Ik herinner me Thom in de eerste plaats als een door kunst bevlogen man. Voortdurend was hij op zoek naar wat hem in een tekening of schilderij kon emotioneren en verwonderen.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.