Underwiis

Hoe stiet it der foar mei it Frysk yn it ûnderwiis? Om in antwurd op dy fraach te finen hold de Moanne in tal petearen mei minsken út it ûnderwiisfjild. Dy rige krijt no in ferfolch yn de foarm fan in temanûmer fan de Moanne oer ûnderwiis. Yn dit dossier fine jo alle stikken oer Frysk yn it ûnderwiis dy’t earder online publisearre binne of opnommen west hawwe yn ús blêd. Wolle jo reageare op ien fan de artikels yn dit dossier? Stjoer jo reaksje nei reaksje@demoanne.nl.

Nije Fryske stavering

Op 24 april stimden Provinsjale steaten fan Fryslân yn mei ferskate foarstellen oangeande staveringsregels en waard dúdlik dat in standertwurdlist foar it Frysk oanmakke wurde sil. Fuortendaalk rôpen Fryske wittenskippers, skriuwers en oaren op om yn aksje te kommen tsjin de foarnommen feroarings omdat dy neffens harren liede sille ta in ferearming fan it Frysk. Yn dit dossier fine jo artikels oangeande de diskusje dy’t ûntstien is oer de útstellen fan de Fryske Akademy. Wolle jo in bydrage leverje oan dit dossier? Stjoer jo reaksje nei: reaksje@demoanne.nl.

Sjoerd Dirk Janzen

(foto: Reyer Boxem) Yn Kunstsalon Assen is oant 5 maaie 2013 in útstalling te sjen fan Sjoerd Dirk Janzen (1955-2006). Marita de Jong en Steven sterk skreaun earder foar de Moanne twa prachtige stikken oer dizze yndrukwekkende Fryske skilder. Op snein 7 april sil Remco Ekkers in foardracht hâlde yn Assen, oer de relaasje tusken de gedichten fan Janzen en syn byldzjende wurk. KunstSalon, Vaart NZ 6 in Assen, facebook.com/kunstsalonassen.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.