Alfabet Projekt

Yn 2014 hat de Moanne keunstners, foarmjouwers en skriuwers útnoege in plan yn te tsjinjen om foarm te jaan oan ien fan de letters fan it ‘Fryske’ alfabet. Mear as 70 ynstjoerings ta gefolch. De keunstners dy’t selektearre binne, hawwe harren dat jier oan it publyk presintearre. Oan ‘e hân fan ynterviews, fideo’s, sketsen en oare bydragen kinne jo it ûntstean fan harren letter fan tichtby folgje.

De Gysbert 2017

Skriuwer en dichter Eppie Dam is de winner fan de Gysbert Japicxpriis 2017. Hy ûntfangt de priis foar de bondel ‘Fallend Ljocht’. De belangrykste literêre ûnderskieding fan Fryslân is sneon 14 oktober útrikt yn Boalsert. Yn dit dossier alle bydragen dy’t earder oer de dichter en syn wurk yn ‘de Moanne’ ferskynden.

Thom Mercuur (1940-2016)

Op 20 jannewaris is Thom Mercuur ferstoarn. Op dit plak sil ‘de Moanne’ de kommende tiid ferhalen oer en fan Thom Mercuur pleatse. Om te beginnen witte wy Thom sels aan it wurd, oer Willem van Althuis, België en Kurt Schwitters.

De lêzende mins

de Moanne pleatst alle wiken in koarte boekresinsje online fan boeken dy’t in bysûndere yndruk makke hawwe op de besprekkers. Boeken dy’t wizer meitsje, dy’t dy op oare gedachten bringe of boeken dy’tst fan in bysûnder persoan kado krigen hast. De kommende 50 wiken pleatse wy alle kearen in nij besprek.

Poetic Potatoes

Yn gearwurking mei Stichting Bildtse Aardappelweken fersoarget ‘de Moanne’ yn oanrin nei KH2018 in útwikselingsprojekt mei dy oare kulturele haadstêd yn 2018, Valetta. Oantenmei 2018 ferskypje wy, tegearre mei de poaters út Fryslân, alle jierren tsien Fryske gedichten yn Ingelske oersetting nei Malta. Yn dit dossier alles oer it projekt Poetic Potatoes.

Koos Tiemersma

De Gysbert Japicxpriis 2015 giet nei Koos Tiemersma. Yn dit dossier jout de Moanne omtinken oan it hiele oeuvre fan de skriuwer.

de Gysbert 2015

De advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2015 hat 12 boeken nomineard. Op 1 juny waard de ‘longlist’ werombrocht nei 3 titels: ‘Einum’ – Froon Akker, ‘In kop as in almenak’ – Elske Hindriks en ‘Littenser merke’ – Ale S. van Zandbergen. Yn dit dossier alle bydragen oer de nominearre skriuwers en titels.

23tich

23tich is in portretseary yn it kader fan it Maria Louise jier 2015. De kommende wiken ferskine yn dit dossier acht libbensportretten fan de Maria Louises fan no. Fotografy: Tryntsje Nauta. Ynterviews: Grytsje Klijnstra. Foarmjouwing: Marcel Westra. Konsept: Tamara Schoppert.

Tryater

Yn 2015 bestiet Tryater fyftich jier. Yn dit dossier fine jo alle stikken oer Tryater dy’t earder online publisearre binne of opnommen west hawwe yn ús blêd. Wolle jo reageare op ien fan de artikels yn dit dossier? Stjoer jo reaksje nei reaksje@demoanne.nl.

SKIMER

Fiif jonge Fryske keunstners reizigje op útnoeging fan Tresoar trije wiken troch Yslân, foar in projekt dat SKIMER hiet. Foar harren betsjut de skimer in tuskentiid: alles is noch mooglijk. Foarút of achterút binne der net mear, yn skimer besteane meardere realiteiten neist inoar. 

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.