De Gysbert 2017

De Gysbert 2017

Skriuwer en dichter Eppie Dam is de winner fan de Gysbert Japicxpriis 2017. Hy ûntfangt de priis foar de bondel ‘Fallend Ljocht’. De belangrykste literêre ûnderskieding fan Fryslân is sneon 14 oktober útrikt yn Boalsert. Yn dit dossier alle bydragen dy’t earder oer de dichter en syn wurk yn ‘de Moanne’ ferskynden.

Likefolle rjochtingen as wrâlden

‘In útsprutsen ik’ njonken ‘in ferburgen ik’. Sa typearre Abe de Vries de poëzy fan Eppie Dam en Elske Kampen doe’t dy yn 2014 tagelyk in bondel yn it ljocht joegen. Trije jier letter wie it al wer safier. De ekstraverte dichter kaam mei De aap foar de bokkewein, de yntroverte dichter mei Ynbyld. Op ôfstân, oer de mail, in petear tusken twa utersten. Of gappet it net sa wiid?

Op jacht nei it slachtersmes

Eppie Dam syn earsteling, Mei de jierren (1978), hie ik in jier as tweintich lyn alris lêzen, en ien gedicht út dy bondel wie my sterker as alle oaren bybleaun. Dat wie ‘Het dorp’, in oertinking oer de foarming fan de doarpsmienskip. Doe’t ik it boek nei al dy tiid wer opnaam, lies ik alderearst dat fers wer.

Eppie Dam skriuwt syn eigen Frysk

De arguminten yn it debat oer de foarnommen staveringsherfoarming en standertwurdlist rinne útinoar tusken fakgebieten. Dat is logysk mar lestich; it draacht net by oan oersjoch op de kwestje. It soe sa moai wêze as immen my syn stânpunten útlizze koe dy’t ferstân hat fan de deistige praktyk fan it ûnderwiis, dy’t taal net inkeld funksjoneel tapast mar ek artistyk, leafst as dichter, en dy’t him tagelyk as in filosoof bejout yn it wûnder fan betsjutting. Mar sa’n persoan soe, tocht ik, wol net bestean. No, dat die er wol. En hy woe ek graach in emailynterview jaan: de âld-learkrêft en alsidige skriuwer Eppie Dam.

Eppie Dam: ‘Elke dichter is syn eigen streaming’

De Fryske poëzij is te lyts foar streamingen. Wy binne al bliid mei elke wjittering dy’t út it lege lân wei in bydrage levert oan de see fan wurden. Trouwens, wat binne streamingen? Se tsjinje faak de kadersucht fan wittenskippers of helpe de gearstallers fan literêre hânboeken oan in foarm fan didaktyk. Dit wiene De Tachtigers, dat woene De Fyftigers. No hiene dy noch in program. Allinnich, hoefolle dichters falle dan wer krekt bûten de grinzen? En de dichters dy’t der kenlik binnen falle, sjonge dy allegear itselde liet? Faak wurde ûneigentlike skaaimerken oandroegen om in groep as groep te affisjearjen. Dat in ploechje Fryske dichters tafallich yn Grins tahâldt, wol net sizze dat se op grûn dêrfan in literêre streaming foarmje. Elke dichter is syn eigen streaming, krekt as elk minske in streaming fan wetter, bloed en galle.

It is de wei

De poëzijbondel ‘Fallend ljocht’ fan Eppie Dam is Boek fan de moanne jannewaris. Elske Kampen is in leafhawwer fan de poëzij fan Eppie Dam. Sy lies it gedicht ‘It is de wei’. Moarn is de beurt oan Abe de Vries, hy lêst it gedicht ‘Fisk yn 'e arke’.

Fallend ljocht: oer ôfbrek en ferlies

Ofrûne simmer is de mânske bondel 'Fallend ljocht' fan Eppie Dam ferskynd by de Friese Pers Boekerij. It is Dam syn fjirtjinde poëzybondel. Henk van der Veer hie nei it ferskinen fan de bondel in digitaal ynterview mei de dichter. In fraachpetear fia de mail hie de foarkar fan Dam. Dy kar hat in reden. Eppie Dam hat de sykte fan Huntington, in erflike oandwaning fan it brein, feroarsake troch in ôfwikend gen op it fjirde gromosoom. Hjirtroch is it dreech om op in oare wize in fraachpetear mei de dichter te hâlden. Op it earste each is oan Eppie Dam net te merken dat er dizze sykte hat. Lykwols, de sykte fan wat er sels neamt ‘hear H.’ spilet him hieltyd mear parten. “Ik bin by steat om in healoerke mei ien te praten, mar dêrnei sakje ik wei en bin amper mear by steat om myn tinzen te foarmjen en de goeie wurden te finen, sels net foar de meast ienfâldige saken. Wilens moat ik útsjen dat ik gjin kopkes omreagje of nuvere dingen mei de lusifers úthelje. Nei in healoere soe ik sloopt wêze.” Dêrom in ynterview fia de mail.

‘Grau fan drôvens kleit de dage’

Guon spuiden der raar guod oer, mar foar party minsken wie de Nederlânske Mattheüspassie (2006) fan Jan Rot in befrijing. Dy’t allinnich noch út plicht of gewoante nei de tradisjonele útfiering giene, wiene ynienen klearwekker en waarden alhiel meinommen troch it ferhaal. Sa wie trije oeren net in lange sit. De útfierenden joech it op deselde manier in nije ympuls. Krekt as fertelden se de Matthaüs foar it earst, yn alle gefallen: mei-inoar. De eigensinnige en ontroerende Rotmattheüs is der no ek yn it Frysk. Oersetter Eppie Dam op ’e tekst.

Unyk kalinderprojekt Gerrit Terpstra en Eppie Dam

Sa’n 75 besikers kamen woansdeitejûn ôf op de presintaasje fan de keunstkalinder De tafel, in unyk mienskiplik projekt fan byldzjend keunstner Gerrit Terpstra en dichter Eppie Dam. De prachtútjefte is ferskynd bij De Ryp, de útjouwerij fan de Gerben Rypma Stichting. It earste eksimplaar waard yn ’e boekwinkel fan Van der Velde yn Snits troch Hille Faber fan de Gerben Rypma Stichting oerlange oan emeritus predikant Alex van Ligten. Elske Schotanus en Eeltsje Hettinga holden in koarte ynlieding op it wurk fan Terpstra en Dam. Woansdei waard al bekend dat der in twadde printinge fan de kalinder komme sil.

Fisk yn ’e arke

De poëzijbondel ‘Fallend ljocht’ fan Eppie Dam is Boek fan de moanne jannewaris. Abe de Vries is in leafhawwer fan de poëzij fan Eppie Dam. Hy lies it gedicht ‘Fisk yn ’e arke’.

It is griis en it sit yn ’e holle

De poëzijbondel 'Fallend ljocht' fan Eppie Dam is Boek fan de moanne jannewaris. Tsead Bruinja is in leafhawwer fan de poëzij fan Eppie Dam. Hy lies it gedicht 'It is griis en it sit yn 'e holle'. Moarn is de beurt oan Elske Kampen, sy lêst it gedicht 'It is de wei'.

Ik woe in lytse Marseillaise

Ik woe in lytse Marseillaise, om mins en mienskip no oerein, mar koe de wurden amper lêze yn wazen ús temjitte slein. En noch sil ik yn tûzen bochten om kûgels en skerpsliperij te liif mei dy grize meldij: de frijheid fan geast hjir befochten.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.