Yke Reeder
fotografy: Yke Reeder

Doch mei dyn skoalle mei oan Arcadia

Arcadia, het ferfolch op LF2018, brûkt keunst as middel om nei te tinken oer de wrâld en lit ús ûntdekkingsreizger wêze yn ús eigen omjouwing. Keunstwurk en Arcadia hawwe in edukaasjeprogramma makke foar it ûnderwiis. Dêr binne twa projekten by yn it ramt fan Taalplan Frysk 2030, de Nije Moanne – in edysje fan de Moanne spesjaal foar bern – is dêr ien fan.

De Nije Moanne is in tydskrift dat net fan juster is, it giet oer keunst, kultuer en taal yn Fryslân. Helje it de klasse yn!

Wa foar groep 6 o/m 8 pû, klasse 1 fû
Materiaal mei dit pakket mei de byhearrende lesbrief kinne learkrêften breed oan it wurk. Der stean opdrachten yn dy’t learlingen selsstannich of ûnder begelieding fan in learkrêft meitsje kinne.
Ja, ik wol! hjirûnder kinst it Nije Moanne-pakket mei 30 tydskriften en in lesbrief fergees bestelle! De skoalle betellet allinnich de administraasje- en ferstjoerskosten (€8,50).

Bestel it fia dizze link by Kek cultuureducatie.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.