fotografy: Martina Ketelaar

De Rûchhouwer fan Echte Leafde

ANNE-GOAITSKE BRETELER – 

‘Soe Bouke myn hûntsje Willem ek opite of falt dat ta?’, app ik nei Emiel Stoffers, de bekende sjonger fan de arbeidersrockband De Hûnekop. Foar ús petear, by him thús yn Ljouwert, wol ik witte at Bouke, de grutte Rottweiler en maskotte fan ‘e band, net sa gefaarlik is as er derút sjocht. ‘Hy kin wol bûten bliuwe’, reagearret syn baas fuortendaliks. Under it skerp tasjend each fan Bouke achter de túndoar rin ik in dei letter mei myn hûn harren hûs binnen. Emiel set kofje, wylst er útleit dat hy hjir wennet mei syn ferloofde Margje, twa hûnen en in kat. It is moai waar, dus we kinne wol boppe op syn nij timmere terras sitte, opperet hy.

 

Ik libje no in bytsje yn ’e sjippebûl dy’t De Hûnekop hjit en ik doch gewoan myn ding.

 

It is de dei fan de Europeeske ferkiezingen en dat komt moai út, want dat is in goed brechje nei wêr’t ik it hjoed mei Emiel oer ha wol. De leadsjonger ferskynt de ôfrûne tiid nammentlik folle faker sûnder band – en ‘gewoan’ as Emiel – yn de media. By Omrop Fryslân yn de searje ‘Buorkje foar begjinners’ bygelyks, dêr’t er op ferskate boerebedriuwen meirint. Mar ek yn ‘Europa foar begjinners’ dêr’t er yn petear giet mei Brusselske politisy.

Nettsjinsteande de searje stimt er net. Tweintich jier lyn hie hy it wol witten; doe wie er hiel links oriïntearre. ‘Froeger, doe’t ik op ’e skipsbou wurke, doe wienen der wol in hiel soad dingen echt fout; hoe’t de arbeiders it hienen. En dêr bin ik noch hieltyd foar natuerlik, mar ik libje no in bytsje yn ’e sjippebûl dy’t De Hûnekop hjit en ik doch gewoan myn ding,’ ferklearret er syn stimgedrach. ‘Ja en ik hie froeger altyd sa’n sterke miening oer dingen, mar dy ha ik al sa faak bystelle moatten…’ De besites oan Brussel hawwe it dus net makliker makke. ‘Allinnich mar yngewikkelder eins’, seit hy.

De opset fan dy filmkes komme ek net by himsels wei, mar fan syn regisseur. Yn ’e mande mei de Omrop betochten se it plan om telefyzje te meitsjen wêrby’t Emiel foaral de taak krige om him as ‘himsels’ te presintearjen en sa yn petear te gean mei de minsken. ‘Yn ’e begjinjierren wie it wolris ûnwennich foar de kamera en dan tinkst fan: hoe doch ik mysels foar? Mar eins moatst dat loslitte, want dan bist konstant oan ’e gong mei in imago ofsa. Dus doe haw ik besluten: ik sis gewoan wat ik tink.’

De Omrop wol him dêrom graach ha. Ynhâldlik wurde de fragen wol betocht, mar Emiel is der om ‘slop te ouwehoeren’. It leafst befêstiget er alle klisjees, want dat ropt reaksjes op. Dy strategy brûkt er ek op it poadium. Allinnich al yn ’e titels fan harren ferskes – tink oan: ‘Skite Yn ’e Baas Syn Tiid’, ‘Hollânse Famkes’ as ‘Rûchhouwer’ – klinkt dat motto troch. ‘It is gewoan net te leauwen hè, en dochs is it moai om it sa te bringen’, gniist er.

Hy leit út dat hy mei De Hûnekop in oar boadskip – of eins foaral gjin boadskip – oerbringe wol. ‘Ik tink dat it allegear fuortkomt út de skipsbou, wytst wol? It wie gewoan krekt as spile iderien in karakter. Sjoch, altyd dom prate en altyd sa ekstreem mooglik en in protte dingen sizze dy’tsto eins net mienst, mar gewoan om te fucken. En eins bin ik dat ek yn myn muzyk begûn te dwaan. Allegear mei in knypeach.’

 

Obsternaat
Emiel is berne yn Grinslân, mar opgroeid yn Kollumersweach. Dêr’t hy no de plattelânskultuer just besjongt, woe hy op syn santjinde wat oars; doe fûn er it doarpslibben saai wurden en ferhuze er nei de stêd. ‘Ik wie bêst wol obsternaat en ik tocht hiel oars as en ik hie hiele oare ideeën oer alles op ’e buert. Ik sette my dêr ferskriklik tsjin ôf. Doe gie ik op mysels wenjen yn Ljouwert en ha ik Kollumersweach echt hielendal achter my litten.’ Hy fûn nije freonen, wol fan Fryske komôf, mar mei Hollânsk as fiertaal, dy’t hast allegear in problematyske achtergrûn hienen. De groep kaam byelkoar op in fêst plak: de coffeeshop. ‘Mar it is hiel moai, as ik no wer weromsjoch dan is iderien goed telâne kaam. In protte sitte yn ’e kreative sektor.’

Op syn achttjinde begûn Emiel yn ’e skipsbou. Tsien jier letter socht er it aventoer, yn Australië en Tailân. Mei help fan dy reizen fûn er de sjarme wer werom yn dy lytse identiteitsferskillen dy’t er sûnt 2009 yn syn lietteksten útfergruttet. ‘Sommige minsken fiele har ûndergeskikt oan wat der yn ’e Rânestêd bart. Dat we dêr by opsjen moatte en dat dy minsken fierder binne of wit ik folle wat, en no ja, De Hûnekop lit wol gewoan sjen: ‘It is fucking cool om Frysk te wêzen’. Sjoch, do hoechst net beslist grutsk te wêzen op wêr’tst weikomst, mar do hoechst dy dêr yn elk gefal ek net foar te skamjen.’

Tsien jier lang hawwe se al sukses mei De Hûnekop. Dêr wurkje se hurd foar: ‘Wy dogge altyd krekt of ynteressearet it ús gjin flikker, mar ast goed repetearrest dan kin dat ek.’ Yn it wykein trede se op, mar troch de wike binne se dwaande mei dy repetysjes, it opnimmen fan fideoklips en muzyk, de yn- en ferkeap fan merchandise, it byhâlden fan de sosjale media en it skriuwen fan teksten. ‘Dêr is neat rûchhouwerichs oan. In album opnimme is echt miereneukerij.’

Op it poadium en foar de kamera is it tiid om te eksellearjen, sa fertelt er. ‘Sa gau’t we in filmke meitsje en dat ding giet oan, dan gean ik ek oan. En dat is by in optreden ek sa; it moat dan gewoan gebeure en hoppatee. Oant no ta kin ik dy knop altyd wol omsette.’ Hy fielt him einferantwurdlik en dat betsjut dat elk tefreden wêze moat: de opdrachtjouwer, it publyk, mar ek de bandleden en de ferkeapers fan de merchandise. ‘Dat moat altyd goed wêze. Dêryn moatst noait ferswakke. Oan ’e ein fan ’e jûn binne wy altyd lekker dronken op it poadium, mar it moat net sa wêze dat se net mear witte wat se spylje moatte.’

 

Alkohol
Hy ûntwykt de fraach hoelang’t er noch takomst sjocht yn ’e band, troch te sizzen: ‘Ik ha noait echt ien west dy’t sa hiel bot foarútsjen wol. Ik fyn it no alwer lestich as minsken ús boeke wolle foar 2020. Dan ha ik echt soks fan: dat jout net de romte foar no, mar ja, it heart der gewoan by.’ Ek as ik trochfreegje oer it idee fan minder optredens mei de band en mear solo op telefyzje, bûcht er de fraach om. Hy leit út dat se überhaupt net mear safolle optredens dogge, sa’n fyftjin yn it jier. ‘Oars rinst alle jierdeis mis, want óf do bist oan ’t spyljen óf do bist brak.’

Oer drank kinne wy it wol lang en breed hawwe. As ik freegje nei it rock&roll-bestean fan de band, dan laket er: ‘Gelokkich binne wy wykein-rock&rollers’. Mar hiel happich is er net mear op twa dagen achterelkoar spylje. De mooglikheid om it bier stean te litten, dy is der net by. ‘Soest dat derút helje, dan soe it ek net mear wêze wat it is. Ik wit net hear, ik ha wol in pear kear bobt, mar dat is ferskriklik. Alkohol heart der gewoan by.’ It skept ek in bân mei it publyk; dy dogge op sa’n jûn net foar de bandleden ûnder.

As ik freegje oft it dan wol tankber is om foar in publyk fan foar it grutste part dronken minsken te spyljen, beskermet hy syn publyk fuortendaliks: ‘Sjoch, ast sa’nien hast lykas Bennie Jolink, dy’t lêsten seurde dat er graach in wat yntellektueler publyk ha wollen hie, ja dat fyn ik gewoan sa ûntankber om te sizzen. Want sis no sels: ‘Mama waar is mijn pils?’, wat tinkst dan, wat wolst dan?’ Dochs fynt Emiel it likegoed in útdaging om yn ’e smaak te fallen by in hiele oare doelgroep. Bygelyks op it festival Welcome To The Village; De Hûnekop neist de ‘hipstersjit’. De kearside fan it sukses is nammentlik ek dat se net mear sa bot harren bêst hoege te dwaan. ‘Dat wy in publyk winne moatte, dat komt hast net mear foar, want minsken kenne ús al. Dy geane al út harren plaat foardatsto mar in noat spile hast. Dan tinkst, ja, dit is al in wûne wedstriid.’

Dochs sil hy altyd trochgean mei muzykmeitsjen. Neist dat it belangryk is foar syn bestean, want ‘do makkest wat en dat bliuwt altyd’, betsjut it nammentlik ek in sterke sosjale kring om him hinne. ‘Dus it is eins in soarte fan famylje en muzyk is ús mienskiplike ding. Mar do sitst wol mei ferskillende karakters en ik sjoch it ek echt in bytsje as myn taak om dat allegear goed te krijen.’ Hy hat de oanrin fan minsken nedich, fertelt er. Sels sa bot dat er syn hûs yn ’e Wielenpôlle dêr wol foar opjaan wol: ‘Ik ha wol faker boarte mei it idee dat ik wol hiel graach ergens wenje wolle soe mei in pear minsken dy’t ticht by my stean. Op in buorkerij bûtenút.’

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.