De reis fan langstme

Publisearre op 9 april 2013

JANNEKE DE BOER – 

Langstme nei it heitelân. It liket in klisjee dat heart by Fryslân. Mei de grutskalige reuny fan Simmer 2000 yn de efterholle; is langstme oan Fryslân bûn, of is Fryslân ferbûn mei langstme? Yn de earste produksje fan Pier21 komt dit  tema wer boppe wetter. Inisjatyfnimmer en produsint David Lelieveld makke yn 2008 in toer troch Kanada en hearde dêr ferhalen oer ivich duorjend langstme. Romke Toering, akteur, regisseur en skriuwer, giet yn de hjerst fan 2011 op oantrúnen fan Lelieveld op syk nei de Fryske emigrant.

“Lêze, lêze, lêze. Dêr begjint it mei. Ien fan de earste boeken dy’t ik as achtergrûn foar it stik lies wie ‘Gereformeerden overzee’”, sa seit Toering. Sekuer ferdjippet de skriuwer him yn de motivaasje van emigranten. Fan ferhalen út om-ende-by 1830 oant petearen mei remigranten fan hjoeddedei. “Al dizze minsken lieten wat achter, en wisten net oft harren kar goed wie.”

Wêrom gean minsken fuort út harren fertroude omjouwing? En wêrom komme minsken nei safolle jierren werom? “Langstme is net beet te pakken, net te mjitten.” Dat kin blykber net earder, oant je it sels fiele. De ferhalen fan de remigranten bin net altyd like moai en prachtich: “Der sitte skrynende, hertferskuorrende ferhalen by, mislearre dreamen en létterlik siik fan langstme wurde.”

Yn de simmer fan 2012 hat de skriuwer genôch ynformaasje om it ferhaal foarm te jaan. Troch alle ferhalen en dokumintaasje is hy safier dat er mei it feitlike skriuwen útein sette kin. In alhiel nije ûnderfining; skriuwe ûnder tiidsdruk mei in taks fan 500 wurden deis. “Ach, dat wiene der ek wolris 1000, dan hie ik letter ris in snipperdei. Alhoewol’t der al foarstellings op foarhân ferkocht wiene oan skouboargen en kulturele sintra, stie der noch neat op papier. Dan bin je eufoarysk as der jûns saken op papier steane, dêr’t je moarns gjin weet fan hienen.”

Guon saken bin Toering fan begjin ôf oan dúdlik, der moatte lieten yn it nije stik, it realistyske, mar fiktive ferhaal moat oannimlik wêze en sawol emi- as immigraasje moat beljochte wurde: “Safolle emigranten, safolle motiven. Guon gean mei leafdesfertriet in oseaan oer, priuwe it aventoer of prebearje gewoan in fatsoenlik bestean op te bouwen.”

‘Wa’t ik wie koe’k net mear wêze, dêr gûlde soms myn hert. Fan langstme en fan pine, in skrynend djip ferlet.’ (Liettekst út De Emigrant, Baukje Wytsma)

Haadpersoan yn ‘De Emigrant’ Sybolt de Haas, spile troch Freark Smink, hat syn ferstoarne frou tasein ea werom te kearen nei it heitelân. Allinne, alles is feroare. Wat je altyd sochten, wat je altyd misten, is ferdwûn. In ferline útflakke mei gom. Nei jierren fan in tragysk langstme om werom te kearen, bin de oantinkens mooglik moaier as de werklikheid. “Dat sit ek yn it stik. Altyd in hin en wer gefoel, altyd in spagaat”, seit Romke.

En dochs hat ek Sybolt syn soan in langjen nei Fryslân. It lân fan syn foarâlden, syn roots, wêr’t hy ienris op besite west hat, yn it jier 2000. Langstme is fan alle tiden, alle folken. Yn 1830 oer oseanen nei it ûnthjitte lân, begjin sechstiger jierren doe’t gastarbeiders nei Hollân fleagen, hjoeddedei as studint nei de grutte stêd. Hja tochten en tinke gauris oan thús. “Al is it kontakt, mei tank oan Skype en datsoarte saken, folle ienfâldiger.”

 

‘De Emigrant’ wurdt noch spile oant 11 maaie op ferskate lokaasjes. Freark Smink tekenet foar de haadrol, Theo Smedes nimt ferskate byrollen op him. Hja litte de taskôger sawol laitsje as prakkesearje. Wolsto it ferhaal fan Romke Toering en Pier21 ek noch priuwe en belibje, spyldata fynst op harren webside: www.de-emigrant.nl.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels