‘de Moanne’ siket in marketeer
Publisearre op 5 juli 2024
De Moanne is op syk nei in entûsjaste en kreative marketeer. Bisto immen dy’t goed Frysk skriuwe kin en graach oan de slach wol mei de webside en social mediakanalen fan ús tydskrift? Wy sykje in persoan dy’t ek goede ideeën hat foar it werven fan nije abonnees en dy’t advertinsjes ferkeapje kin.
Wat wy fan dy ferwachtsje:
- Do kinst skriuwe en kommunisearje yn it Frysk.
- Do hast ûnderfining mei it behearen fan websides (WordPress) en social media.
- Do kinst kreative en effektive wervingsaksjes betinke.
- Do hast ûnderfining mei it ferkeapjen fan advertinsjes of bist ree om dit te learen.
- Do kinst in nijsbrief meitsje en ferstjoere (Mailchimp).
- Do kinst in kontentkalinder byhâlde en útfiere.
- Do bist in inisjatyfrike en selsstannige wurker.
Wat wy oanbiede:
- In tydlike opdracht op ZZP-basis foar 8 oeren yn ‘e wike.
- In dynamyske wurkomjouwing by in kreatyf en ynspirearjend tydskrift.
- De romte om dyn kreative ideeën ta útfiering te bringen.
Bisto de persoan dy’t wy sykje?
Stjoer dan dyn cv en in koarte motivaasjebrief nei ynfo@demoanne.nl foar 1 septimber 2024. Wy sjogge út nei dyn reaksje! De petearen sille yn ferbân mei de simmerfakânsje plakhawwe yn septimber.