De lytse dea, noch altyd

Publisearre op 3 april 2007

ELSKE SCHOTANUS – 

Echt en ûnecht. Yn de leafde, yn erotyk, yn seks en porno. Dat is wêr’t Josse de Haan syn nijste roman Elja om draait. De haadpersoanen El (hy) en Elja (sy) sille tegearre in film meitsje: ‘Gummykut’. De filmtitel tsjut de wûndere miks fan ûnecht en echt oan, it ûnechte omdat it om in film giet, in eroatyske film wêrby’t gummy foar it kâlde, foar it neimakke stiet, mar wêrby’t gummykut as wurd, as titel, tagelyk in contradictio in terminus is. Echtens is it wêr’t de filmmakker yn syn wurk nei stribbet, en net allinne yn syn film: Hy is fereale op de haadrolspylster, Elja.

De filmmakker en syn haadrolspylster prate alle wiken ôf yn in restaurant. Nei elke moeting skriuwt Elja El in brief, wêryn’t se har reaksje op de petearen jout, oer har wurk as prostituee fertelt en har ideeën oer de ynhâld fan de film dy’t se meitsje sille op it aljemint bringt. Yntimiteit kin net kocht wurde, wol spile, mient Elja. El lykwols wol fierder gean as dat: it beskermjende omskot dat se sels om har hinne wuolle hat derôf skraabje. Mei’t besprutsen wurdt oft Elja har dochter Ella ek in rol krije kinne, komt de jaloerskens om de hoeke.

De earste siden fan it boek binne yn mearfâldich personaal perspektyf skreaun, dus yn de hy-foarm wêrby’t de perspektiven fan beide haadpersoanen ôfwiksele wurde. By El bliuwt dat troch it hiele boek hinne sa, nei elk petear yn it restaurant sjocht er dêr op werom en filosofearret er oer de ynhâld fan de film. Wat Elja har kant fan it ferhaal oanbelanget giet it sy-perspektyf nei de earste pear siden oer yn brieven, dus rint it fan de sy- oer yn de ik-foarm. Elja skriuwt El oer en nei oanlieding fan de petearen dy’t se hân ha.

Sjochst de beide dus noait tegearre iten, praten of frijen. Fan beide kanten hearst oer de moetings yn it restaurant, mar feitlik is der allinne it tinken en it skriuwen, der is gjin beweging en der is gjin dialooch.

Tusken de brieven fan Elja en de kommentaren fan El steane skeanprinte fragminten. Nearne wurdt eksplisyt sein wat der mei bedoeld wurdt. Mei rigels as De film dy’t se sels wie opnimme en útskriuwe (s.10) of In roman dy’t sûnder in soad yngrepen in film wurde koe (12) giet it yn in part fan de kursyf stelde stikken om de ferbannen ûnderelkoar tusken libben, literatuer (û.m. Camus) en film of, soms, oare keunstfoarmen. In inkeld fragmint is filmysk fan karakter, meastentiids giet it, lykas Elja har brieven en El syn oertinkingen, mear om ‘tinke oer’ as dat der werklik, aktyf, wat bart.

In tal fan dy fragminten lykje ferbân te hawwen mei libben en wurk fan Françoise ‘Kiki’ Sagan: der komme kasino’s, hurdridende auto’s en plakken as Honfleur yn foar.

In tal geane oer jaloerskens, oer haat, oer dreamen, oare binne suver pornografysk, fan it gratisseksverhalen.startspot.nl-nivo, wer oare parten binne mear poëtysk fan aard. Ut en troch wurdt fan út in froulik perspektyf, oare kearen fan út manlik wei skreaun, soms komme beide yn ien sa’n skeanprinte stikje foar. Ynhâldlik heakje se wol min ofte mear yn elkoar en hjir en dêr komme eleminten derfan ek op oare plakken yn Elja werom, mar in ferhaal foarmje se net. Ek leit der gjin streekrjocht ferbân mei de oertinkings fan El of de brieven fan Elja, al is it sa dat de kursive parten dêr in ekstra diminsje oan jouwe.

Yn Elja komme in tal fersen foar, skreaun troch El, dy’t net allinne filmmakker is, mar ek auteur. Ek yn de fersen giet it oer echtens:

 

Yn ús wurden skûlet soms de angel

Yn myn fingers allinne mar de echte ik

Lykas yn dy de ripens freget en befêstiget.

(s. 55)

 

of:

 

Myn tonge telt 999 wurden

Net opferve, soms wolris brutaal.

 

Ut earder wurk fan De Haan komt net allinne de brief werom (bgl. Feuilles mortes), mar ek it boartsjen mei nammen. (bgl. Piksjitten op Snyp, 1999) Boppedat ferwiist de skriuwer nei syn fakgenoaten en ynspiraasjeboarnen en troch it geregeld brûken fan de útdrukking ‘de lytse dea’ foar it orgasme bringt er ek syn eigen bondel De lytse dea, soms (1996) werom yn it ûnthâld. En om’t El neist filmmakker ek skriuwer is – hy is ferantwurdlik foar it senario –  komt yn dit boek de literêre wrâld noch eefkes op it aljemint, hjir giet it om de skriuwers en harren froulju.

 

Guon trouden mei froulju dy’t fan literatuer gjin grevel ferstân hiene, mar it wol ynteressant fûnen in dichter te geriven. Op in stuit hienen in pear de froulju ruile. Dy tochten dat soks der by hearde. In boarterijke dat goed wie foar de produksje fan literatuer. (s. 56)

 

Dy froulju komme der net al te bêst ôf: se wienen te fet, te gleiïch, te klisjee.

Om’t it hjir om in filmmakker giet, fyn ik it net sterk om him ek noch as in grut kenner fan de literêre wrâld del te setten. Literatuer wie oarloch en dy oarloch wurdt op it seksuele front spile. It seksuele en de literatuer – op ynhâld – spylje yn Elja seker in rol, mar soksoarte ferskynsels dêromhinne binne der al wat nuver byskuord. Oan de ein blykt Elja, dy’t neist har berop as hoer ek letterkundige is, in kenner fan de Tachtigers en skriuwers as Gustave Flaubert en D.H. Lawrence te wêzen. It kin. Mar omdat de literatuer op oare plakken yn de skeanprinte parten syn gerak al krijt, is dat wol wat dûbelop.

Yn positive sin jildt nei myn gefoel ek dat it oantinken fan El oan syn pake net sa by de rest fan it boek past. (s. 106-110) Dat part is tear, hiel ‘echt’. Funksjoneel is it om de echtens derfan en om’t ek ditsoarte tearens in plak yn de film krije moat, mar de toan is hjir ynienen hiel oars – it falt út de toan. Miskien past dit fragmint toch ek net sa goed yn it boek omdat Elja foaral oer de relaasjes tusken de beide seksen giet.

Elja wit my net hielendal te boeien. Neist boppeneamde lytse puntsjes is de wichtichste krityk dat, wa’t der ek oan it wurd is – El, Elja of oaren (yn de kursyfkes), it altyd de leafde, de erotyk en de seks is dêr’t it oer giet. Yn relaasje ta ‘Gummykut’, de film, en mei it aksint op it ûnderskied tusken autentisiteit en keunstmjittigens wurde alle aspekten fan dy trije-ienheid hieltyd op ’e nij behannele en fan alle kanten besjoen. Dêrby meie der dan oerflakkige ferskillen wêze tusken El en Elja – hy filmer, sy hoer, hy skriuwer, sy letterkundige, hy in arrogant stik potfretten, sy bewûnderet him, hy wol tichterby komme, sy ôfstân bewarje – de haadrolspylster liket de filmmakker op in stuit by wize fan sprekken út de bek stapt. De boekefroulju har ‘fjoerstokjes’, lykas de ‘spikers’ fan de hearen, nimme yn Elja in prominint plak yn. Yn de sintrale rol dy’t leafde/erotyk/seks yn harren libben en tinzen ynnimt komme de beide personaazjes oerien. Sels fan in pestsin om’t froulju ûngesteld wurde moatte is noait sprake. (Gauris is it it ien of it oar yn de literatuer: menstruearjende froulju sûnder sekslibben of frije, seksuele wêzens dy’t noait pineholle ha.)

It is fansels prachtich dat in filmmakker en syn haadrolspylster op ‘ien line’ sitte en yn de struktuer fan de roman mei dan oan de ein blike dat it allegear in bedoeling hân hat, op de lêzer hat it in oar effekt: Op in stuit hast dyn nocht fan de talleaze fariaasjes op hieltiten ien en itselde tema. En de lêzer moat al meilutsen wurde… Om’t der boppedat konstant oer echtens en ûnechtens tocht en skreaun wurdt en der gjin ôfwikseling is mei ien of oar konkreet barren en/of dialooch wurdt it allegear krekt wat te abstrakt, te prekerich soms ek:

Grif tocht sy noch tefolle oan eksklusiviteit fan gedachten, en libbens foaral. Hy seach yn it eksploitearjen en eksplorearjen no krekt de kaai foar yntimiteit. Wrâld en oare minsken waarden oars ferstien – echter, minder keunstmjittich. (s. 19)

 

Of, no en dan, oer maatskiplike saken:

Groepen, hy wie der bang foar – foaral foar de lieders. Sûnder lieder taasten de measte lju blyn om har hinne. It autoritêre luts oan, fassinearre en brocht minsken soms bûten harsels. It barde yn de polityk, it kaam ek yn de godstsjinst nei foaren. Sleepten yn it ferline kristenen minsken nei de brânsteapel, no besochten moslims oarsleauwigen of ûnleauwigen om hals te bringen. Ien ferkeard wurd oer har fiksjonele profeet en jo krigen de folle laach.

(s.36)

 

Buorreltafelpraat. Sokke passaazjes soe ik yn in roman net lêze wolle. Ik wol gjin hapkleare brokken – dat kinne se sels op geenstijl.nl better, ik wol it sjen, fiele, rûke om myn part.  Mei soksoarte algemienheden docht De Haan ûnderstek oan de parten dy’t ál moai skreaun binne, lykas ûnder mear de fersen, it earder neamde stik oer de pake of bygelyks it moaie begjin fan it boek:

 

– wist El dat er dit noch nea yn ’t echt sjoen hie. Yn in film of in dream faaks. De hazze mei de earen omheech, harsels de snút waskjend mei de foarpoaten – in frou ûnder de dûs. Foaral in monumint yn de nacht, ferljochte troch in fergetten lampe op in âld perron. In lokaasje dy’t op de ferbylding wurke.

 

Sa kin it dus ek.

 

Oan de ein fan it boek giet Elja har perspektyf fan de brieffoarm werom nei it personale dêr’t Elja ek mei begûn. Dizze wurklikheid soe El net betinke kinne, lit de skriuwer Elja sizze. It is dan El dy’t de wurklikheid te sjen krijt, Elja harres, as wie it in film. It bestean keunstmjittich, rinne film en wurklikheid, echt en ûnecht, op ferrassende wize yn elkoar oer. Yn de struktuer is Elja dêrmei in yntelligint boek.

 

Josse de Haan, Elja, Utjouwerij Venus, Frjentsjer 2006. 133 siden, € 13,90.

 

Dit stik stie earder yn ‘de Moanne’ nûmer 4, 2007

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels