De lânskippen fan Paula Modersohn-Becker

TSJOMME DIJKSTRA – 

Yn Museum Belvédère iepenet op 23 febrewaris in tentoanstelling dêr’t skilderijen fan de keunstneresse Paula Modersohn-Becker te sjen binne. It giet om skilderijen dêr’t se de lanlike omjouwing fan it Dútske doarpke (har eardere wenplak) Worpswede op útbylde hat. It is nijsgjirrich dat dy samling skilderijen fan Modersohn-Becker in kear yn in Frysk museum te sjen is. Fanwege de ferneamdens fan de keunstner, en om’t dizze skilderijen noch net faak te besjen west ha yn Nederlân, mar ek troch de ûnderwerpen fan de skilderijen.

‘Paula Modersohn-Becker is een van de belangrijkste expressionistische kunstenaars van de 20e eeuw. Ze heeft een prachtig oeuvre’, seit Han Steenbruggen, direkteur fan Museum Belvédère. ‘Ze woonde in het Friese deel van Duitsland. Er is een geografische binding van Friesland en de landschappen van de schilderijen van Modersohn-Becker. Zij woonde daar in de veengebieden zoals je die hier in Oranjewoud en Heerenveen vindt.’

‘We hebben veel schilderijen die niet eerder in Nederland te zien zijn geweest.’

Paula Modersohn-Becker skildere op in tige autentike manier en doarde te eksperimintearjen. Yn har lânskipsskilderijen sjocht men hoe’t hja de natoer om har hinne bewûndere en hoe’t dy foar har in ynspiraasjeboarne foarme foar dat eksperimint. Hoewol’t Modersohn-Becker mar in koart libben hân hat, se stoar yn 1907 op 31-jierrige leeftiid, hat se in alsidich oeuvre neilitten. Yn 2007 wie der yn it Chabot museum yn Rotterdam foar it lêst keunst fan Modersohn-Becker op in esposysje te sjen. Op dy eksposysje krigen net allinnich de lânskippen fan har in plak, mar bygelyks ek har selsportretten en stillibbens.

No leit de klam fan de tentoanstelling tige op skilderijen mei agraryske ûnderwerpen, mar ek de seleksje fan dy tentoanstelling is op in bepaalde wize unyk. ‘We hebben veel schilderijen die niet eerder in Nederland te zien zijn geweest’ seit Steenbruggen. Nêst de eksposysje komt der noch in boek út oer de skilderkeunst fan Modersohn-Becker. Dêr stiet in wiidweidich essay fan Ron Manheim, spesjalist op it mêd fan Dútsk ekspressionisme yn en ek gastkurator fan de tentoanstelling.

De tentoanstelling yn Museum Belvédère hat de namme ‘ein Wunderland, ein Götterland’ krigen en hy lit sa’n fjirtich skilderijen fan Modersohn-Becker sjen. De skilderijen komme ûnder mear út kolleksjes fan har wurk út it Paula Modersohn-Becker Museum (Bremen), it Von der Heydt Museum (Wuppertal), it Stedelijk Museum (Amsterdam), it Gemeentemuseum (De Haach) en it Groninger Museum (Grins).

 

De eksposysje Belvédère wurdt iepene op 23 februari en is dêrnei te sjen oant en mei 9 juni 2013.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.