De kneppels fan de Dútske taalplysje

HENK WOLF –

Der binne Fryske bewegers dy’t poerrazend wurde as ien de taal fan Van Dale en it NOS-journaal ‘Nederlânsk’ neamt. ‘Hollânsk’ moat it wêze. Der binne ek guont dy’t de emoasjes net ynhâlde kinne as ien it hat oer ‘Hollandse kost’, ‘oud-Hollandse spelen’ of ‘Heel Holland bakt’. En as ien it weaget om yn it Nederlânsk de namme ‘Friesland’ te brûken ynstee fan de offisjele Fryske provinsjenamme ‘Fryslân’, oeheden, dan is de bear los.

By guon fan dy gefoelichheden kin ik my wol wat yntinke, by oaren net. Studinten wiis ik der wolris op, minsken dy’t my freegje om in tekst te besjen ek. Wat de namme ‘Holland’ as pars pro toto foar ‘Nederland’ hie ik as jonge jonge noch wolris wat missydrang, mar dat is ek al sa’n tweintich jier lyn.

Oer it generaal tink ik: elk moat it sels mar witte. Net iensen allinnich út fatalisme – ik kin der ommers doch neat oan feroarje – mar ek omdat ik frijheid belangryk fyn. Ik easkje foar mysels geregeld it rjocht op om Frysk te praten, om dat sa te skriuwen as my goedtinkt. In oar moat dy frijheid ek ha.

Dat de Ingelsktalige wrâld wat taal oangiet sa liberaal net is, is yn Nederlân wol bekend. Fansels is it listje fan ‘seven words you can never say on TV’ bekend: wurden dy’t men op ‘e Amerikaanske televyzje net sizze mei, want dan kin de omrop in flinke boete krije. De taalplysje patrûillearret yn dat lân wilens mei heeltyd grouwere kneppels en wee de lju dy’t de polityk-korrekte taaltaboes fan hjoed de dei skeine, dy kin it yn alle gefallen har rêst en frede kostje, as se har baan der net om kwytreitsje. Yn buorlân Kanada krige in heechlearaar ynternasjonaal bekendheid omdat er him fersette tsjin in wet dy’t foarskreaun dat er nei minsken ferwize moast mei foarnamwurden (wurden lykas ‘hy’ en ‘sy’) dy’t se sels betochten.

Yn Nederlân en Flaanderen is sokke taaltwang der sa bot net, haw ik de yndruk, mar yn Dútslân komt dy hurd op. Lykas by de Fryske bewegers sit der bêst in sympatyk idee achter, mar de wearde ‘frijheid’ wurdt ûndergeskikt makke oan dat idee.

Dy’t hjoed de dei mei Nederlânske earen nei it Dútske radionijs harket, wurdt sljocht fan de omstannige formulearringen. Sa’t Fryske bewegers betocht ha dat it lân Nederlân net ‘Hollân’ hite kin, omdat in wurd net tagelyk nei in lânsdiel en it hele lân ferwize kin, sa ha Dútske bewegers betocht dat in Bürger net tagelyk nei in man en nei samar in minskepersoan ferwize kin. Dus klinkt no de hele dei troch: ‘die Bürgerinnen und Bürger, die Sängerinnen und Sänger, …’ Prima, fansels, as ien sa prate wol, wat de mearderheid fan de Dútsers neffens opinypeilingen oars net wol, minder prima as it in ferplichting wurdt.

Oan de universiteit fan Kassel is dat al sa. Dêr meie dosinten (Dozentinnen und Dozenten) by studinten punten ôflûke as se net meidogge oan dat systeem – ta argewaasje fan studinten. Yn de krante Die Welt klage studint Lukas Honemann okkerdeis al dat de universiteit “punten joech foar politike aksje”. Neffens de universiteit is der lykwols neat te rêden, omdat de oanbelangjende Dozent(in) ommers wol yn it foar oanjaan moat dat “geschlechtergerechte Sprache” in beoardielingseask is, sadat Student(innen) har ynlêze kinne.

De taalorganisaasje Verein Deutsche Sprache is net sa’n leafhawwer fan al dat -innen. De organsisaasje hat no oanbean om studinten finansjeel by te stean as se in proses tsjin de universiteit fiere wolle.

Lit ús yn Fryslân dan leaver mar wat kreauwe op Internet en byneed mei knarseljende tosken ynskikke dat elk baas is oer syn eigen praat.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.