De daam nei it Amelân (13)

GERBEN DE VRIES –  

Op 1 maaie 1963 waard it rapport fan de kommissje Verbinding Ameland-vaste wal oan de kommissaris fan de Keninginne oanbean. Hjiryn waard pleite foar de oanlis fan in dyk nei it Amelân, yn it foarste plak foar de befoardering fan it strântoerisme. It waard de opmaat fan in jierrenlange diskusje tusken foar- en tsjinstanners. Dy tsjinstanners hiene yn’t earstoan benammen praktyske beswieren.

Sa makke prof. dr. ir. J. L. Klein fan de Technische Hogeschool fan Delft op de Lauwersseedei fan de Fryske Akademy yn augustus 1963 gehak fan de measte arguminten foar ynpoldering fan it waad en ek fan in dyk nei it Amelân. Foar de feiligens, in ekstra swietwetterfoarrie en lânoanwinning, wie der  gjin reden foar ôfdamming fan de seegatten fan de Waadsee en ek net foar in daam nei it eilân. Prof. dr. ir. J. L. Klein die in oprop oan de behearder fan it Waad, Rykswettersteat, om fuortendaliks te begjinnen mei ûndersiken nei de gefolgen fan mooglike ynpolderingen foar de Waadsee.

De foarstanners wiene lykwols folle machtiger yn tal. Lykas in pear jier earder ûntstie der yn 1964 en benammen yn 1965 yn Fryslân in sitewaasje dy’t noch it bêste omskreaun wurde kin as in lichte foarm fan massahystearje. Eins begûnen der twa plannen trochinoar te rinnen. De iene groep woe perfoarst in dyk nei it Amelân oanlizze, de oare groep hie foaral each foar it ynpolderjen fan de kwelders fan Swarte Haan nei Wierum troch it oanlizzen fan in rjochte dyk. Dat soe it achterlân in stik feiliger meitsje. In aksjekomité fan de gemeentebestjoeren fan It Bildt, Ferwerderadiel, West-Dongeradiel, East-Dongeradiel, it Ontwikkelingschap de Kleibouwstreek, de stifting Landaanwinningsbelangen Noord-Nederland en letter fersterke troch it gemeentebestjoer fan it Amelân woe earst dizze nije dyk oanlizze. Dizze ‘Commissie van Zeven’ wie benaud dat as der earst in daam nei it eilân lein waard, de opstowing fan it wetter ten westen fan dy daam te heech wurde soe.

Yn 1964 wie it op beide fronten noch frij rêstich. It ryk liet troch Rykswettersteat allegear stúdzjes dwaan en wie der noch net út. Ein 1964 wie der ynienen sprake fan twa diken nei it Amelân, wertroch’t de lânoanwinning fan it waad tusken it eilân en de Fryske kust in stik tichterby kaam. Dan koene dêr ek moai bungalowparken boud wurde kinne ynstee fan op it waadeilân, boppedat kaam der dan ek romte foar wetterrekreaasje. Yn dy sfear wie it gemeentebestjoer fan it Amelân begjin 1965 dan ek foar de oanlize van twa diken. Provinsjale Wettersteat en de Provinsjale Planologyske Tsjinst fan Fryslân wiene doe ek al mei dwaande mei dit twadammenplan.

It Provinsjaal Bestjoer fan Fryslân makke op 9 juny 1965 in foarstel bekind fan de oanlis fan twa diken nei it eilân, tusken Swarte Haan en de súdwestkant fan it Amelân, en tusken Ternaard en de eilanner dyk ten easten fan Buren. Dit soe in polder fan 17.000 ha opsmite, werfan 3.000 ha swiet wetter en de rest lân. It súdlike part krige in agraryske bestimming en it noardelike diel in rekreative. It like in oplossing mei allinnich mar winners.

Boppesteande wytrigel is it symboal fan de wetterskieding fan 1965. It ferhaal fan it Waad en it Waadseegebiet is nammentlik yn te dielen yn in perioade foar en in tiidrek nei 1965. Foar 1965 wie it benammen de Waadsee it domein fan fantasten en letter hieltyd mear fan ynsjeneurs en dreamers fan ekonomyske bloei troch esktra rekreaasje en ekstra lân. Dat koe neffens har relatyf maklik en goedkeap berikt wurde troch it oanlizzen fan ien of twa diken nei in waadeilân en it ynpolderjen fan stikken waad tusken eilân en fêste wâl.

Yn 1965 feroare der wat wêzenliks. De provinsje Fryslân koe dan wol yn mearderheid foar dizze plannen wêze, it ryk tocht der hiel oars oer. Dat wie drok dwaande mei in djoer Deltaplan. In daam nei it Amelân wie yn de wurden fan minister Ko Suurhoff fan Ferkear en Wettersteat yn de hjerst fan 1965 dan ek net urgent en soe neffens him fierstente folle kostje. Boppedat soene twa dammen grutte ynfloed op it Waad hawwe en dat woe er earst ûndersocht sjen. Dat wie ek de ynstek fan de Werkgroep Waddengebied, besteande út biologen, fysysk-geografen en oseanologen, dy’t yn septimber 1965 mei har ûndersiken út ein setten. Kees Wevers en de Wadlopers giene yn oktober ek út fan dat idee. Hy wie in 16-jierrige studint út Noard-Hollân. Hy skreau lulke brieven nei guon kranten doe’t er fan de dammeplannen hearde en krige aardich wast respons. Op 17 oktober 1965 rjochten hja de Landelijke Vereniging tot behoud van de Waddenzee op. Yn desimber 1965 protestearren boppedat op in bijienkomst fan de Contact-Commissie voor Natuur- en Landschapsbescherming (de foarrinner fan de stifitng Natuur en Milieu) wittenskippers en promininte natuerbeskermers tsjin eltse oantaasting fan de Waadsee.

In lytse Gideonsbende wie it noch, ein 1965. Mar mei troch har is it wol te tankjen of te witen – krekt hoe’t men der oer tinkt – dat der úteinlik gjin daam nei it Amelân kaam, dat de Waadsee stikje by bytsje wat mear beskermd waard en dat de Waadsee yn 2009 byskreaun waard op de Werelderfgoedlijst fan de UNESCO. Op dat stuit lykwols wie der noch in lange wei te gean.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.