De daam nei it Amelân (9)

GERBEN DE VRIES –  

Tweintich dagen nei de wettersneedramp fan begjin febrewaris 1953 waard de Deltacommissie ynstallearre. Al folle earder wie bekend dat sawat alle Nederlânske kustdiken te leech wiene. In Stormvloedcommissie kaam yn 1940 ta dizze konklúzje. Ynsjeneur Johan van Veen fan Rykswettersteat makke al yn 1942 in kaart fan de ‘Verlandingsmogelijkheden langs de Nederlandse kust, Noord-Nederland’. Neffens him wiene net allinne de diken te leech, mar hiene provinsjes as Fryslân en Grinslân ek te lijen fan it sâlt wurden fan de grûn troch kwel fanút de see. Dêrom woed er de hiele Waadsee ôfslúte mei diken tusken de eilannen en fan Rottumereach oant in dyk nei de Grinzer kust. Van Veen woe dêrnei earst stikken waad ten suden fan Flylân, tusken Skylge en de fêste wâl, tusken it easten fan it Amelân en de kust en ten suden fan Skiermuontseach ynpolderje. By it lêste stik wie dat ynklusyf it yndykjen fan de Lauwerssee.

Op dat stuit wie it noch in echte ynsjeneursdream, in tekentafelprojekt dat wa wit oait útfierd wurde soe. Nei de Twadde Wrâldkriich waarden der wol hieltyd mear arguminten oanfierd foar in ôfslúting fan de folsleine Waadsee. Der koe sa’n 130.000 ha lân wûn wurde foar bygelyks greidelân en grutte bosken. Der koe in grut rekreaasjegebiet ûntwikkele wurde, mei troch de oanliz fan swietwetterbekkens. Troch yndiking kaam der in ein oan de ôfslach fan de waadeilannen en dy waarden ek nochris út har isolemint ferlosse. De wichtichste arguminten wiene lykwols in koartere kustferdigening en it opkearen fan de ‘verzilting’.

De Ramp fan 1953 makke dit alles in stik urgenter. De Deltacommissie rjochte him yn ’t earstoan benammen op de regio dêr’t it meast gefaar drige én dy’t ekonomysk it belangrykst wie. Yn it skaad fan havenstêden as Rotterdam en Antwerpen moast dêrom Súdwest-Nederlân better befeilige wurde en dat koe it bêste troch it ôfslûten fan seegatten. Yn dit kader publisearre de geolooch EC Abendanon noch yn 1953 de brosjuere Nederland’s Boschprovincie. Een studie over de drooglegging van de Waddenzee. Hy woe ek de hiele Waadsee ynpolderje, sa’n 200.000 ha, mei in boskbou-bestimming. Dan wie deputearre Harmen Martens Gerbrandy (CHU) fan Fryslân wat realistysker. De yndiking fan de Lauwerssee soe wat him oanbelange wol slagje, sei er yn july 1953 al yn de Steaten. Mei de ôfslúting fan de Waadsee lei it oars. Gerbrandy wiisde der op dat dêrfoar in soad problemen oplosse wurde moasten, lykas de ôfstreaming fan swiet wetter, de ferbining fan Harns mei de iepen see, de fiskerij en de bou fan skutsluzen. Hy tocht dan ek yn terminen fan tsientallen jierren.

Sa kaam it ek yn de ‘nationale uitgave’ De Dijken te stean, it boek dêr’t it saneamde Deltaplan oan it Nederlânske folk presintearre waard. Dat wie yn it foarste plak in plan om Súdwest-Nederlân te befeiligjen, mar der waard ek sprutsen oer plannen mei it Waad. As twadde fase fan de lânoanwinning wie in kaart yntekene mei de ynpoldering fan stikken waad ten suden fan Teksel en Flylân en fan de Lauwerssee. Yn de tredde fase soe de Waadsee fanôf it midden fan Skylge nei It Bildt yn it westen en fan Rottumereach nei de Grinzer kust yn it easten ynpoldere wurde, mei it grut ‘zoetwaterbekken der tuskenyn. Nei it Amelân soe in aparte dyk oanlein wurde, ûngefear oer it trasé fan de dyk fan Teding van Berkhout. Yn dat jier klonken de ek hieltyd mear lûden oer in 25.000 ha grutte polder tusken Skiermuontseach, de Grinzer kust en de Dongeradielen, mei as kanttekening dat de realisearring wol 25 jier duorje koe.

Yn 1955 hakke it regear knopen troch. De Deltacommissie tsjinne yn novimber 1957 in ûntwerp fan de Deltawet yn by de Twadde Keamer yn en yn maaie 1958 waard de wet definityf oannaam. Yn 1955 ek waard troch Rykswettersteat de Dienst Lauwerszeewerken oprjochte, want de yndiking fan de Lauwersse jildde as ‘proefproject’ foar de Deltawerken. De tsjinst kaam twa jier letter mei twa mooglikheden: in 13 km lange ôfslútdyk meitsje of de besteande 32 km lange diken op Deltahichte bringe. It lêste wie stikken goedkeaper en dêrom besleat it regear yn 1957 yn earsten foar dy opsje te kiezen.

Dat joech gâns opskuor, benammen yn Fryslân. Mei om dy reden plande de Stichting Landaanwinningsbelangen Noord-Friesland yn de simmer fan 1958 in grutte útstalling yn de splinternije kristlike LTS yn Kollum. De stifting wie yn 1954 oprjochte as in gearwurkingsferbân fan Noord-Fryske gemeenten en wetterskippen mei it each op de ynpoldering fan de Lauwerssee en de Waadsee. De tentoanstelling Komende Kansen wie bedoeld om sjen te litten dat Noard-Nederlan troch ynpoldering fan de Lauwerssee in stik feiliger wurde soe, want de diken wiene de minste fan Fryslan. Boppedat wie de ôfsluting fan dizze binnensee tige wichtich foar de ôfwettering en foar de winning fan 7.000 hektare lân. It wie fan de miet ôf oan in grut sukses en by de iepening wie der sels in ‘wad-wandeling’. Yn de seal hong ek in grutte kaart mei derop yntekene de ynpoldering fan grutte stikken Waadsee. Mar it gie no earst om de Lauwerssee. Of, sa’t it begjin juny 1958 foar de foarste kear formulearre waard: ‘De Lauwerssee moat ticht!’ It wie it begjin fan in útbarsting fan massahystearje, sa’t Fryslân dy net faak sjoen hie.

 

 

 

 

 

 

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.