De daam nei it Amelân (5)

GERBEN DE VRIES –

Yn 1879 wie de daam nei it Amelan klear en koe de provinsjale subsydsje ynkassearre wurde. Der wie in frij soad onaslibbing oan wjersiden fan de dyk, safolle dat der no tocht wurde koe oan twa oare diken om it waad tusken it eilân en de fêste wâl fan Fryslân yn te polderjen. De eastlike dyk soe 12 km lang wêze moatte, de westelike 15 km. Dat soe nochris de kapitale som fan goed 6,5 miljoen gûne kostje moatte.

Heal oktober 1880 kamen lykwols de earste berjochten binnen oer swirrichheden mei de daam. Troch hjerststoarmen wie der sa’n gat yn de dyk slein dat de oertocht te foet net mear makke wurde koe. Op sa’n 5 km fan de Fryske kust ôf wie de daam oer in lingte fan 40 m weislein. Ek op oare plakken wie der skea. Op 1 april 1882 wie der op ‘e nij stoarmskea oan de dyk en de Ljouwerter Krante frege him al ôf oft de mei stien ôfdekte riisdaam wol behâlden wurde koe. Dochs waarden de gatten tichtmakke. Yn de hjerst fan 1882 wie it wer raak: no lei der in gat fan goed 100 m. Dat koe noch bymakke wurde, mar jild foar mear aktiviteiten hie de ‘Maatschappij tot Landaanwinning op de Friesche Wadden’ net.

Yn dit fennoatskip kaam der ûnienichheid oer de fraach hoe’t it no fierder moast. De provinsje Fryslân, dy’t al in subsydzje fan 200.000 gûne jûn hie, woe net mear stipe jaan. It ryk, dat ek in flinke subsydzje ferliend hie, woe lykwols net dat it projekt strânje soe, want der siet al sa’n protte kapitaal en arbeid yn.

Yn augustus 1882 stelde de N.V. fan P.J.W. Teding van Berkhout út dat de steat de ûndernimming oernimme soe. Yn 1884 kaam der in wetsfoarstel: de regearing soe de wurksumheden oernimme en ôfmeitsje. Tagelyk kaam der ek hieltyd mear twifel oer de ynpolderingsplannen. Neffens in berekkening fan it tydskrift Het Vaderland soe de nije grûn op syn meast 1 miljoen gûne opbringe, mar de kosten om de daam allinnich mar yn stân te hâlden kosten nei alle gedachten allikefolle. It foarstel dat de steat it wurk fan de Maatschappij oernimme soe, sneuvele op 10 juny 1887 mei 30 tsjin tweintich stimmen yn de Twadde Keamer.

It fennoatskip hie it tij ek net mei. Yn 1877 hie it regear al besletten dat foar de feilichheid fan it omlizzende lân yn ‘e takomst allinne it súdlike part fan de Sudersee droechmakke wurde soe. Dus net de Waadsee of dielen dêrfan. Dêrmei wie de idee fan it ynpolderjen fan it waad tusken it Amelân en de Fryske kust net mear yn byld. It beslút fan 1887, tsien jier letter dus, wie de facto de ein fan de ‘Maatschappij tot Landaanwinning op de Friesche Wadden’. De fennoatskip brocht noch wol in obligaasjeliening út fan 1,2 miljoen gune, mar dat waard lang net foltekene. Teding van Berkhout besocht it ein 1887 nochris mei it publisearjen fan in brochure mei de titel De landaanwinning op de Friesche wadden in haar huidige toestand.

De oandielhâlders woene der net oan en drongen oan op in nij ûndersyk nei de útfierberens fan it projekt en de fruchtberens fan de boaijum fan de Waadsee. De jonge ynsjeneur Cornelis Lely krige de opdracht. Syn rapport út 1888 hei in negatyf advys. De kosten wiene te heech en it oanslibbingsproses wie ûndudlik en dêrom koe de Maatschappij him better beheine ta de yndiking fan de kwelders foar de Fryske kust.

It brocht twaspjalt yn it fennoatskip en yn 1890 waard der in foarstel ta likwidaasje dien. Dit waard fersmiten en dêrom giene in tal kommissarissen, ûnder wa de Fries W.J. van Welderen Rengers, ôf. Teding van Berkhout woe doe yn 1891 it oarspronklike plan mei eigen finansjele middels ôfmeitsje. Der wie hast gjin belangstellig mear foar en yn 1903 ferfoel de konkesje om lân yn de Waadsee yn te polderjen. De bolbjirken jonker Teding van Berkhout – ‘Wadden-Piet’- wie al yn 1895 ferstoarn.

De daam wie op dat stuit al foar in grut part ûnder de weagen ferdwûn en al yn de jierren tachtich fan de 19e ieu foeren der wer skippen fan east nei west en oarsom. Wol bleau it begjinpunt by Holwert bestean. Rykswettersteat ferhege en fersterke it yn 1904 ta in pier mei oanlizsteigers foar de fearboat. Guon stikken fan de daam nei it Amelân binne noch oant hjoed de dei te sjen. It is hast it symboal wurden foar in tekentafelprojekt dat yn de praktyk mislearret, benammen omdat der net in goede kosten-batenanalise makke wie. In hiele soad jild wie letterlik en figuerlik yn it wetter smiten.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.