Benediksje
ARJAN HUT –
Op it Mediterranean Literure Festival op Malta, augustus 2018 tref ik dichters fan oer de hiele wrâld. Wy foarmje al gau in hechte famylje. Ien fan de dichters is Juana Adcock (Monterrey, 1982). Se wennet al jierren yn Glasgow, Skotlân. Grutte eagen, folle lippen, flamjend hier. Op it eilân Fort Manoel, de festivalsite, keapje ik har yllustrearre gedicht Este Cuerpo de Mujer Que Habito / This Body of a Woman I Inhabit. Nei middernacht litte we de oaren smokend en drinkend achter oan de baai fan St. Elmus en kuierje, nee klimme, werom nei it hotel. ‘Ye cursed streets of stairs, how surely he who mounts you swears,’ sei Lord Byron twahûndert jier lyn oer de strjitten fan Valetta. Mar wy binne ûntspannen as yn in dream. In Noard-Afrikaanske waarmte hinget tusken de hege, sânkleurige hûzen “Hast de skilderijen sjoen yn ús hotel?”, hifket se. “Dy mei brânende krusen en prosesjes fan mannen yn wite lekkens mei puntmûtsen?” ‘Chwanna’, sa moat men har namme útsprekke. Sy fertelt oer in kear dat se har fersliepte yn Singapore, en dat se yn Vittoriosa middeis ien sjoen hat mei in fiskegraat yn it ear. We prate oer Tranströmer, enchiladas en de leafde foar stjerrende talen. O Juana! In nacht en in kuier om yn te wenjen.
BENEDIKSJE
(Bénédiction / Benediction)
Ik donderje myn mobyltsje
yn de pot
spiel troch
belje mysels
lit in voicemail achter
foar in ferdwaalde krokodil
of in tûfe soere seesla
en in net te missen muorre fan beton:
dat dy de holle segene wurdt
fjouwer fûgels fleane oan de loft in krús
dat dy de fuotten segene wurde
mei alle rododendrons dysto plantsje soest
dat dy de nâle segene wurdt
mei de sellen fan dyn adem, dyn geast
dat dy de mûle segenet, segenet,
alle dingen segenet