fotografy: Ernst Bruinsma

As de sinne lang om let ferdwynt achter de Tjaardaflats

MALTSJE DE RIDDER-JANSMA – 

Op de langste dei wurdt yn kafee Marktzicht yn Drachten nota bene it koarte ferhaal yn it sintsje setten. In inisjatyf fan oersetster Martsje de Jong en skriuwster Hilda Talsma, ek om it gat dat yn de jierlikse Fryske boekemerke fallen is op in oare manier op te foljen. Fiif renommearre auteurs waard om in nij, koart ferhaal frege en der wie in skriuwwedstryd útskreaun. It tema: Sinnekear.

 

Hjir is it mei tweintich man al gesellich drok, der komme ek noch wolris Grinslanners oanwaaien, Drinten sels.

 

Hawar, de jûn begjint om kertier oer achten, mar healwei achten komme de earste besikers en dielnimmers al oer de drompel. De hjitte fan de middei hinget noch nei. Martsje de Jong en de foar in Gysbert nominearre Elske Schotanus steane mei Wâlddichter Arjan Hut op it terraske, Schotanus freget oft er Eeltsje Hettinga, de Dichter fan Fryslân, ek tsjinkommen is yn de bus fan Ljouwert nei Drachten. As Hettinga mar net trochriden is nei Assen. Mei rêde stappen komt ek Hylke Speerstra deroan en even letter arrivearret Geert Nauta. Yn it kafee heint Talsma de besikers op mei in hân en in glimk.

Utbater Ronald van der Molen fynt it moai dat de Fryske literatuer syn Marktzicht wer wit te finen. Hjir is it mei tweintich man al gesellich drok, der komme ek noch wolris Grinslanners oanwaaien, Drinten sels. Ida Heddema fan Boeken fan Fryslân dekt in tafel mei literatuer, twa meter fierder stiet de mikrofoan, ûnder in âlderwetske siferklok. “Fryske skriuwers lêze mekoars wurk net,” bromt Speerstra, mar der komme yn alle gefallen wol in soad om nei har kollega’s te harkjen. Njonken Speerstra binne ûnder oaren dichter Job Degenaar en berneboekeskriuwer Paul van Dijk oanwêzich, en ek de Dichter fan Fryslân stekt de holle troch it doarsgat. Mar we moatte net allegear by de doar stean, want dan ûntsteane der opstoppings.

Nyk de Vries, ien fan de dielnimmers, sit oan in lytse rûne tafel achter yn in hoekje en wurket noch konsintrearre oan syn ferhaal. Rigels wurde mei de pinne soepelder makke. Hy sjit út en troch ien oan, yn de hoop dat it in lokale Wâldpyk is, en freget: “Dy flats ast Drachten ynrydst, hite dy de Tjaardaflats?” Foardat it programma begjint, sit Speerstra – oan de grutte tafel by de bar – al op de praatstoel en fertelt Geert Nauta in ferhaal dat him ôfspilet yn de regio fan Top en Twel, dêr’t Nauta hikke en tein is.

Wilens spilet it duo Gjalt de Jong & Paul Siemensma maritime folk op rockfolume. Mei de eagen ticht is it krekt as binne we werom yn de tiden dat Eije Wijkstra en Durk Tabak as muzikanten aktyf wiene. It is net fier fan Marktzicht dat Tabak yn 1929 yn kafee Jonker oan de Noardkade ien mei syn mes om hals brocht.

Foar it skoft binne Nauta, Elske Schotanus en Nyk de Vries oan bar. De ferhalen binne sa’n seishûndert wurden, dat is minder as dit ferslachje minsken, dat it earste blok is samar foarby. Elke auteur follet it tema op in eigen, herkenbere wize yn. By Nauta rint der in staasje fan toarstige en pystige manlju troch it ferhaal, Schotanus har bydrage sit fol ûnútsprutsen famylje-frustraasje en De Vries mient in âlde freon te sjen, dy’t Sjampoo hjit en al lang dea is.

Ek nei it skoft rint it noflik troch. Fan hûnsdagen oant knyntsjedagen, alles komt foarby yn de kompakte epistels fan Ferdinand de Jong, Anita Terpstra en de winner fan de ferhalewedstryd, Rienk Vlieger út Eastermar, mei syn ferhaal Nachtljocht. “Der binne trettjin ferhalen ynstjoerd,” neffens Talsma. “De measte net de frolike kant neist.” Vlieger syn ferhaal wie dat ek net, joech de man sels ta, mei de (eangst foar de) dea as tema. Ut hannen fan Ida Heddema kriget hy in boekepakket mei alle nominearren fan de Gysbert én Baukje Zijlstra har De Koma Korrektor, winner fan de Douwe Tammingapriis, dy middeis wie de seremoanje yn Tresoar.

Ferdinand de Jong, ek bekend fan syn Omrop-kollums, lêst syn ferhaal sa floeiend as soe er de wurden azemje. Martsje de Jong (in soad de Jong-en dizze jûn, men soe sizze kinne dat de Fryske literatuer dochs oan it ferJongen is) kundiget de ôfsluter oan mei “De lêste ear is oan Anita Terpstra”. Terpstra, út Hollum, ynternasjonaal suksesfol thrillerauteur, merkt op dat de begraffenisûndernimming út har berteplak ek De Laatste Eer hjit. Se praat wol Frysk, mar skriuwt it net. It oanwêzige Afûk-personiel stekt de earen op.

It is krekt healwei tsienen as it foarlêzen achter de rêch is. Sa’n fyftich oanwêzigen hawwe har skoan fermakke en by de organisaasje oerhearsket it gefoel dat der noch wol mear ferhalen klinke kind hiene. De sinne sakket lang om let stadich achter de Tjaardaflats. Wilens springe de Dichter fan Fryslân én de Wâlddichter by Terpstra yn de auto, foar de rit werom nei Ljouwert, nei de Gysbert Japicxstrjitte nota bene… men soe der wol in koart ferhaal oan ophingje kinne.

Op nei Boekwinterboek?

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.