Allardseach en Schylgeralân

RIK KLAVER & SYDS WIERSMA – 

Om 1930 hinne struts in groepke pioniers op de heide by Bakkefean del, yn it buorskip Allardseach. Se kamen om in ideaal hannen en fuotten te jaan: de oprjochting fan in skoalle foar it libben, in folkshegeskoalle. It gie om emansipaasje, troch fakûnderrjocht en kulturele en sosjale foarming, foar jongerein en folwoeksenen. Jarig van der Wielen, in garismatyske en sosjaal bewogen lânûntginner, hie in pleatske en in stik wylde grûn.

As wethâlder fan Opsterlân pleite hy der yn de jierren tweintich al foar om de wurkleazens oan te pakken troch ûntginning fan heide en bosk op de grins fan de trije noardlike provinsjes. Van der Wielen stie pal achter it ideaal fan in folkshegeskoalle yn Nederlân. Der waard in stifting oprjochte en yn 1932 gie Allardseach fan start. Dy simmer waard der in ynternasjonaal studintekamp organisearre om de boel op te bouwen: gebouwen, in grientetún, in keuken, in iepenloftteaterke, in fytspaad nei Bakkefean. Der ûntstie in mini-maatskippij fan fêste meiwurkers en passanten. It wie midden yn de krisis. Praktykûnderwiis en wurkgelegenheid foar jonge wurkleazen wie in spearpunt. Buertwurk ek. It lânboubedriuw op Allardseach waard in wichtige boarne fan ynkomsten.

Mei Allardseach as ûnderfiningsplak en foarbyld krigen Frysksinnige jongelju it idee dat de folkshegeskoalle in middel wêze koe om it Frysk en de Fryske identiteit ûnder de oandacht te bringen en út te bouwen. Yn 1939 namen Heine van der Molen, Douwe Tamminga en Marten Scholten it ynisjatyf ta de oprjochting fan de stifting Fryske Folkshegeskoalle. Tamminga hie doe al goede kontakten mei de Deenske folkshegeskoalle fan Hoptrup (Súd-Jutlân), dêr’t er op in fytstocht troch Denemarken bedarre wie en yn de winter fan 1934-35 assistint-lieder waard. De nije stifting hie earst noch gjin eigen plak. De aktiviteiten, mei Frysk as fiertaal, waarden yn Allardseach organisearre.

Halbe Doele, dy’t yn Allardseach wurke hie, wie nei de oarloch de organisator fan simmerkampen foar it Boun fan Frysk-Nasjonale Jongerein op Skylge. Tidens it twadde kamp yn 1947 waard it bunkerkompleks tsjin it bosk by Hoarn ûntdutsen. Dat wie it ideale plak. De Stifting Schylgeralân waard oprjochte en it terrein oankocht. De Fryske Folkshegeskoalle wie los fan grutte broer Allardseach en organisearre syn kampen tenei op Skylge. It is de lêste folkshegeskoalle dy’t noch bestiet.

Fan beide folkshegeskoallen yn Fryslân bestiet filmmateriaal út de earste jierren. Dat is in bysûnder gegeven. Oer Allardseach hat it Fries Film Archief sân filmkes út de jierren tritich en fyftich. Se binne inkele jierren lyn troch bemiddeling fan histoarikus Johan Frieswijk by it Fries Film Archief ûnderbrocht. Frieswijk skreau, tegearre mei Maarten van der Linde, it boek De Volkshogeschool in Nederland, 1925-2010 (Hilversum, 2013). Fan de kampen op Schylgeralân en it begjin fan de Fryske Folkshegeskoalle op Skylge hat it filmargyf trije filmkes. Se binne makke troch Jan Bean Singelsma. Ut al dizze filmkes hat Rik Klaver fan it filmargyf in koarte kompilaasje makke.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.