Abe Bonnema Arsjitektuerpriis 2013

NYNKE VAN DER ZEE – 

Tagelyk mei de iepening fan it Frysk Museum yntrodusearret de Abe Bonnema Stichting dit jier in prestisjeuse nije priis. De Abe Bonnema Arsjitektuerpriis – goed foar 50.000 euro – is bedoeld om oandacht te jaan oan Nederlânske projekten, dy’t troch tapassing fan ynnovative konsepten en aspekten in foarbyld binne, in nije noarm of standert sette, of it toanbyld binne fan fernijing yn ‘e arsjitektuer.

It plan foar in twajierlikse arsjitektuerpriis lei al langer op tafel, mar it wachtsjen wie al dy tiid op de bou fan it Frysk Museum. No’t de museumdoarren dizze hjerst iepen kinne, is einlings it momint dêr om de priis te yntrodusearjen. Mei it útrikken fan de priis wol de Abe Bonnema Stichting in bydrage jaan oan it stimulearjen fan de kwaliteit fan arsjitektuer yn Nederlân. Tagelyk wurdt op ’e nij de oandacht fêstige op it wurk fan de arsjitekt ir. Abe Bonnema (1926-2001).

Nederlânsk talint yn swier waar
Ed Nijpels, foarsitter fan de Abe Bonnema Stichting, makke it nijs ein maart bekend. ‘De prijs past uitstekend in de doelstelling die wij ons als Stichting hebben gesteld, namelijk het bevorderen van de bouwkunst in Nederland en het uitdragen van de professionele werkwijze van Bonnema. Met het instellen van deze prijs willen we een bijdrage leveren aan het hedendaagse architectuurdebat en bovendien het gedachtegoed van Abe Bonnema op hernieuwde wijze onder de aandacht brengen. Daarbij kiezen we bewust voor een landelijke prijs. Immers, Bonnema was een Nederlands architect, weliswaar geboren te Stiens maar werkend in heel Nederland.’

Dat der yn ús lân genôch talint is, dêr twifelet de foarsitter net oan. De oast sit him júst yn de kânsen dy’t dizze ambisjeuse arsjitekten krije. De Abe Bonnema Arsjitektuerpriis is dan ek bedoeld om dizze nije garde in steuntsje yn ‘e rêch te jaan. Nijpels: ‘Nederland beschikt over een groot aantal talenten, maar veel van hen zitten in zwaar weer door de economische crisis. Bijna de helft van de architectenbureaus is de afgelopen jaren verdwenen. Wat dat betreft is er een miserabele situatie ontstaan in deze sector. Dat zal in Friesland net zo zijn, hier hebben we bovendien ook nog eens te maken met extreme krimp in de bouwsector.’

In útsûnderlik projekt mei heechweardige arsjitektonyske kwaliteit, dy’t takomstige generaasjes ynspirearret en ta foarbyld tsjinnet

Yndrukwekkende sjuery
Wa’t de sjueryleden oereaget kin net oars as konkludearje dat de Stichting de crême de la crême út de Nederlânske arsjitektuerwrâld oan harren priis wit te binen. Frans Evers, âld direkteur-generaal fan de Ryksgebouwetsjinst, Marijke Martin, universitêr haaddosinte Moderne Arsjitektuer- en Stedebouskiednis oan de Ryksuniversiteit Grins, en fername arsjitekten as Liesbeth van der Pol, Bastiaan Jongerius en Hubert Jan Henket. In namme dy’t net ûntbrekke mei is dy fan it jonge Fryske arsjitektuertalint Nynke Rixt Jukema út Mantgum.

‘We beschikken over een indrukwekkende jury’, fynt ek Nijpels. ‘Ik heb nog altijd veel contacten uit mijn tijd als minister van VROM, en dat kwam in dit geval goed van pas in de zoektocht naar de juiste mensen.’ Dat der keazen is foar in deskundich oardiel is net mear as logysk, sjoen it treflike bedrach wêr’t it om giet. ‘Wij willen ons niet vergelijken met andere prijzen’, seit Nijpels mei klam. ‘Maar door het mooie bedrag dat we ter beschikking kunnen stellen, is de Abe Bonnema Architectuurprijs in één klap een van de meest prestigieuze prijzen in ons land, durf ik wel te stellen.’

Ynspiraasje foar de takomst
Oant en mei freed 14 juny kinne der noch projekten digitaal ynstjoerd wurde via de webside fan de Abe Bonnemapriis. Op basis fan de beoardielingskriteria selektearret de sjuery minimaal trije en maksimaal fiif projekten as kandidaat foar de priis. Projekten mei in útsûnderlike, heechweardige arsjitektonyske kwaliteit, dy’t takomstige generaasjes ynspirearjeen ta foarbyld tsjinje. De priiswinner wurdt bekend makke tidens de iepening fan it Frysk Museum. De krekte datum is noch net wis.

Abe Bonnema Oanmoedigingspriis
Njonken de Abe Bonnema Arsjitektuerpriis stelt de Stichting ek de Abe Bonnema Oanmoedigingspriis foar Jonge Arsjitekten yn. Dizze priis sil yn 2014 foar it earst útrikt wurdeen rjochtet him op arsjitekten jonger as 40 jier, dy’t yn harren wurk fernijende ideeën brûke en dêrmei grinzen oerstiigje. Oan de Oanmoedigingspriis is in bedrach fan 10.000 euro ferbûn.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.