3e Friese Miniprent Biënnale

MIRJAM VAN HOUTEN – 

Grafisch Atelier Friesland spant him yn om de fakkennis fan grafyske techniken troch te jaan en de belangstelling foar grafyk te befoarderjen. Wichtich, want de wrâld tilt hjoeddedei op fan printwurk lykas kranten en reklamefolders. Grafyske techniken binne de foarrinners fan moderne printmetoades, basearre op deselde prinsipes. Alde grafyske techniken binne it begjin fan massakommunikaasje, sa seit Dik Hageman fan de stifting Grafisch Atelier Friesland.

Troch  de opmars fan nije media krijt grafyk hieltyd minder omtinken.  It stimulearjen fan jong talint falt dan ek binnen de missy fan Grafisch Atelier Friesland. De stifting docht dit ûnder oaren troch de saneamde Friese Miniprent Biënnale te organisearjen;  jonge talinten op it mêd fan grafyske keunst wurde oproppen om trije wurken yn te stjoeren binnen it formaat 40 x 40. Sadwaande litte 93 grafisi 279 wurken sjen yn eksposysjeromte De Galerij yn de Lawei yn Drachten.

It fakgebiet grafyk omfettet dieltechniken lykas ets, litografy, houtdruk, seefdruk en kombinaasjes hjirfan. Tel hjirby op de eigen ûnderwerpkar, keunstopfetting en byldtaal fan de keunstner en jo hawwe in grut ferskaat oan printen sa’t dat yn de tredde edysje fan dizze biënnale te sjen is.

Wat alle grafyske keunstwurken gemien hawwe is it yndirekte karakter. De grafikus bewurket de drager; dêr wurdt in ôfdruk fan makke op it papier. Net allinnich mei it doel om de ôfbylding reprodusearje te kinnen. Want yn de lêste fase fan it produksjeproses, it moment suprême dêrt somtiden in lang en arbeidsyntinsyf proses oan foarôfgien is kin der – ûnder de drukparsen – noch fan alles barre bûten de keunstner om. De grafikus kin allinnich mar oan it tsjil fan de parse draaie en tinke; hoe pakt de komposysje út, hoe yntisyf binne de kleuren, sille de linen helder wêze of is der sprake fan fage kontoeren. Binne de wyt bedoelde flakken ek wyt of hinget der aanst in flues fan goare inket oer de lege parten. Dizze faktor, de ûnbedoelde ferrassing, it gefaar fan mislearjen,  it loslitten fan de kontrole, bewurket in sekere ôfstân tusken de keunstner en syn wurk. Krekt dat befettet foar my fierhinne de sympaty foar grafyk.

En foar de grafikus. Ommers, loslitte is ek in keunst. Hielendal yn ús hjoeddeiske kompjûterstjoerde wrâld dêr’t men hast alles nei eigen hân sette kin en wol.  Miskien is it ek hjirom dat  de stifting Grafisch Atelier Friesland war docht om de grafikus foar útstjerren te behâlden.

Eltse Friese Miniprent Biënnale rikt de stifting prizen út foar jong talint. Trije grafisy dy’t oan ‘e begjin fan harren karrière stean wurde sa stimulearre mei in jildbedrach. Dit jier hat in sjuery besteande út  byldzjend keunstner Frans Nicolaï, fotograaf en byldzjend keunstner Jan Kalma en keunstkritika Grytsje Klijnstra har bûgd oer fjirtjin ynstjoeringen. In hast ûnmooglike opdracht fanwege it brede skala oan techniken en ûnderwerpen. Dochs kaam de sjuery ta in unanym oardiel. De tredde priis gie nei de dimmene sferyske etsen fan Iris van Lavieren. De twadde priis kaam ta oan Irini Mavromatidou dy’t har ûnderbewustwêzen yn in miks fan ferskate techniken ferbyldet. De earste priis is takend oan Mauricio Cortes Fuentes. De sjuery prizige syn rike fantasy en elegante linefiering.

 

De wurken dy’t ynstjoerd binne foar de 3e Friese Miniprent Biënnale binne oant en mei 16 juny te sjen yn eksposysjeromte De Galerij fan skouboarch De Lawei yn Drachten. Sjoch ek: www.grafischatelierfriesland.nl.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.