Spannende proazasimmer: Lara Kool

Publisearre op 10 augustus 2024

Dizze simmer publisearret de Leeuwarder Courant yn gearwurking mei ‘de Moanne’ in searje ferhalen fan sân begjinnende Fryske skriuwers oer it tema ‘spanning’. Talintfolle yllustratoaren meitsje by elts ferhaal in ôfbylding. Skriuwer Lara Kool en yllustrator Beau Bente van der Ploeg binne de fiifde yn dizze rige.

 

Sinneklaas

Der is wat mei dyn antlit dat ik net pleatse kin. Net de Rien-Poortvliet-kabouternoas op himsels, of de lippen dy’t altyd krekt net laitsje. Sels net de twinkeljende donkerblauwe eagen, sa donker dat se hast swart lykje. It is net in inkeld detail wat my oanlûkt, mar it gehiel. It gehiel, makket dat ik my feilich fiel.

It is lang lien dat ik dit gefoel hân haw, miskien wol as lêste by de Sinteklaas dy’t eartiids altyd by myn buorfamke op ’e jierdei kaam. Sy wie op 5 desimber jierdei, dat Sinteklaas kaam alle jierren. En ik mocht der dan by wêze. Ik kin my no noch de rook fan pipernuten mikst mei smink weromhelje.

It skimerljocht yn it tsjustere, grôtfolle hûske, dêr’t de iepen hurd myn hert ferwaarme oant op ’e stien, dêr middenyn my. Op ’e skurte, stoarjend nei de spatterjende flammen. Alle oaren degradearre ta skimen. De reade, sêfte mantel oeral om my hinne. As sitst letterlik ýn dyn krûpbear en kin nimmen dy noch reitsje. Yn stilte mocht ik dêr sa lang sitten bliuwe as ik woe, Sinteklaas wie nea hastich. Sa no en dan in aai oer de rêch. Immen fûn my de muoite wurdich.

Skruten sjoch ik fansiden. Do likest hielendal net op Sinteklaas. Dyn noas is der fierstente te breed foar, dyn holle te rûn. Soest earder foar krystman trochgean kinne. Mar dochs… Sels no, neidatst my fannacht yn alle kommoasje hurdhandich dyn auto yn treaun hast, azemest dyselde rêst út. Do bist likegoed net hastich. It fielt as thúskommen. Wat fansels folslein waansin is yn dizze situaasje.

Blauke, it ôftanke blauwe bearke

Hieltyd fierder fan hûs. Mar myn Sinteklaas hie itselde húslike oerkommen as dy. It leafst soe ik dan ek sa op dyn skurte krûpe. En dêr foar ivich yn dimmenens sitten bliuwe, opkrollet as in kat, út en troch in stryk. Bespotlik! Soest dat grif te waarm fine ek. De waarmte dript yn strieltsjes by dyn foarholle del. Op de sydkant folget se dyn kraaiepoatsjes. Bytiden fagest har fuort mei in âlderwetske, blaublokte bûsdoek. Krekt sa’nien as myn heit hie. Net sa frjemd miskien, want bist like âld. De rook fan dyn swit docht my tinken oan myn leafste krûper as bern, Blauke, it ôftanke blauwe bearke, dat myn broer my ris tasmiet doe’t ik net sliepe koe, want ik hie net ien. It rûkt op beskerming.

De wei wurdt hobbelich en úteinlik ride we in bosk yn. ‘Der sitte hjir bearen’ is it earste watsto seist. Dyn swiere stim giet ûnder alles troch, sadat it hiel djip yn my telâne komt. Ik hie al hope datsto in Sinteklazestim hawwe soest. Sa’nien, dêr’tst by fuort dreame kinst, dy’t nei in skoftsje oergiet yn in monotoan gebrom. In brom dy’t neitrillet yn myn hiele lea.

As ik stikem út ’e eachhoeken wei nei links sjoch, blykt dyn grize burd in gouden rântsje te hawwen. Troch de sinne. ‘Bist Sinneklaas’, flústerje ik foar my út. Skrokken sjoch ik dy oan. Dyn eagen glimkje, gjin ôfwizing, gjin ûnbegryp, mar boppedat ek gjin agresje te sjen. Eefkes krij ik hoop.

De hjitte nimt noch altyd net ôf

Oant by in needstop de glêzen eagen ús temjitte rôlje. Sinnestrielen litte in grut mes glinsterje yn it fak fan dyn autodoar. Bylden út ’e krante flitse my troch de holle. Froulju mei in protte soarch opset as bisten, yn leafdefolle hâldingen, oan ’e râne fan ’e bosk. Earne leaflik, wylst ôfgryslik luguber. Dochs, ast my oansjochst wurd ik read. Unbegryplik. Gau sjoch ik ta it rút út.

Lara Kool en Beau Bente van der Ploeg yn LC

Lara Kool en Beau Bente van der Ploeg yn LC

Hoe bestiet it datst sa’n freonlik oerkommen hawwe kinst? Hoe bestiet it dat ik my feilich fiele kin, wylst dat perfoarst net kloppet? En hoe lang ride we no al? Ik wit it net. Doe’t ik dy foar it earst seach, in pear wiken lyn, yn itselde kafee as ferline nacht, hie ik gjin idee wa ofst wiest. Miskien hat it ek wol myn eigen fout west. Hie ik doe mar net hieltyd nei dy sjen moatten. Faaks siet ik dan net yn dizze benearjende posysje. Ast troch reade flaggen grutbrocht wurdst, kinst kleureblyn wurde, tink ik.

De hjitte nimt noch altyd net ôf. It is gleon! De airco is net-besteand en ik sit hjir yn myn swarte, lange broek. Miskien moat ik dy myn wite, bobbele, lipoedeem-skonken sjen litte. Miskien dat dat noch ôfskrikt. Datst my dan de auto wer útsetst. En ik frij bin. Mar ik beweech net. Ik wol net datsto witst dat ik eins in sinesapel bin.

Dizze auto is boud om Sibearië oerlibje te kinnen

Makket allegearre dochs neat. Do stoppest net. Nee, noch fierder de bosk yn. De takken meitsje stoptekens en skrasse op ’e auto. De woartels besykje drompels te wêzen en de beammen bekûgelje ús mei dinne-apels. Dêr jousto neat om. Hast dan ek in âlde, beukte, bêzje Lada; in sabeare-Jeep. Der leit in fytspomp yn om de bannen op te pompen.

Dizze auto is boud om Sibearië oerlibje te kinnen, dizze auto is wol wat wend. Dat de beammen sille my net rêde, sy litte dy net stilhâlde. Untsnappe is ûnmooglik. Lang om let sjogge we, by in dearinnend stikje, yndie in bear. Mei har welpke.

‘Meist no kieze: de bear of ik’ it klinkt yslik. Hielendal net rêstich. En dan komt it. Dan komt it dochs, omdat ik wit datsto net stopje silst. Deadseangst, eangst dy’t ik fan it begjin ôf al fiele moatten hie. Foar dy, foar de bear – foar my. Stadich, út de teannen wei, lit it my de knibbels trilje, de mage draaie, de kiel tichtknipe.

Sa hurd, dat it my it sop út ’e eagen, it liif parset. Wangen, earmsholten, broek, alles wurdt wiet. De bearen skrilje like hurd fan de klakson fan ’e auto as ik. Mar dêr’t ik as ferlamme sitten bliuw, wurdt mem-bear woast en komt op ús ôf. Do dochst myn doar iepen en by my slute de lûken…

It is roetswart as ik by kom, noch hieltyd yn dyn auto, hielendal opkrolle yn foetushâlding, op dyn skurte. Sa no en dan strykst my mei dyn flymskerpe slachtersmes oer de rêch.

– – – – – – – – – – – – – – – – – – – –

Biografieën

Lara Kool (1985) hat op 32-jierrige leeftiid it Frysk leard. Se is treddejiersstudint oan ‘e Skriuwersfakskoalle en is oansletten by dichterskollektyf Rixt. Se skriuwt mei namme gedichten en koarte ferhalen, foar folwoeksenen en bern, bygelyks foar Ensafh, Tsjil en FeRstival. Se is skriuwer fan de winteredysje 2023 fan de boekelizzers fan Leeuwarden City of Literature en ien fan har gedichten stiet op in paniel lâns de rinrûte ‘It Dichterspaad’ yn Aldegea. 

Beau Bente van de Ploeg har keunst is woartele yn maatskiplike en persoanlike emoasjes. Hoewol har skilderijen op it earste gesicht ienfâldich en kleurryk binne, stribbet sy nei werkenning yn emoasje op te wekken by de sjogger. Symbolyk spilet dêrby in wichtige rol.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels