fotografy: Jelle Krol biedt Sipke Jan Bousema it earste eksimplaar fan de blomlêzing oan. Foto: Tresoar Haye Bijlstra

Roze taspraak ‘Do draachst de leafde oan’

Ljouwert kleurde roze sneon 16 oktober. Alle kleuren fan de reinbôge skenen op de stêd. By de presintaasje fan it Afûk-boek ‘Do draachst de leafde oan’ hulde Jelle Krol fan Tresoar dizze prachtige taspraak.

– – – – – – –

Bêste minsken, bêste Sipke Jan,

‘Aren’t we all gay today?’ Sa sette in dosinte Ingelsk út ein mei har kolleezje Ingelsk idioom, dat ik yn de jierren santich fan de foarige iuw oan de Grinzer universiteit folge. It wie in âlde dosinte en wy tochten miskien earst wol dat sy de moderne betsjutting fan it wurd ‘gay’ net koe, mar dat wie net sa. Sy woe allinne mar oanjaan dat sy de ferskowing yn betsjutting fan dat wurd fan ‘fleurich, blier’ nei dy fan ‘homo’ meimakke hie. Foar my as jongstudint wist ik wol dat ik ‘gay’ wie, mar der foar útkomme wie noch in hiel oar ferhaal. Ik doarst mar kwealk it boek Maurice fan E.M. Forster dat al yn 1913-1914 skreaun wie, mar pas yn 1971, nei de dea fan de skriuwer útkommen wie, te lienen en te lêzen.

Fansels wiene der boeken fan Gerard Reve, mar de treurichheid en letter noch faker de opsetlikens dêryn makke dat ik dêr net yn fûn wat ik socht, nammentlik minsken mei wa’t ik my identifisearje koe of woe. Ut en troch fûn ik wolris wat by De Slegte fan skriuwers as Jacob Israel de Haan, Jaap Harten, Hans Warren, mar it wie gauris sa drôvich of it stie hiel fier fan my ôf. Ek boeken fan lang fergetten skriuwers lykas Harry Thomas (1945-1991) – dy’t, ferjit it nèt, nammers ek foarsitter wie fan de Nederlandse Homofielen Partij – makken jin net fleurich. Allinne bygelyks al de titel fan ien fan syn boeken seit al genôch: Een homofiel wordt geslagen (1970). Ek Steven Membrecht, mei syn boeken Wachten op de zon(1961), Het einde komt vanzelf (1962) en Alle homo’s vliegen (1970) tilde my net út boppe myn yn-de-kast-bestean.

Aldergeloks wiene der en kamen der ek oare skriuwers, benammen dy út it Ingelske, Ierske en Amerikaanske taalgebiet dy’t my yn de besnijing krigen: Evelyn Waugh, Christopher Isherwood, Stephen Spender, James Baldwin, Edmund White, David Leavitt, Alan Hollinghurst, Andrew Holleran, Michael Cunningham, Stephen Fry, Colm Toibín en John Boyne, mar ek wol Flaamske of Hollânske skriuwers as Tom Lanoye, Arthur Japin en Sipko Melissen.

De list soe samar langer makke wurde kinne. Wat ik lykwols sizze wol is dat al dy skriuwers my mei holpen hawwe om mysels te finen en wurden. Dêr bin ik har tankber foar. Likegoed miste ik by dat alles it aspekt fan myn eigen taal. Ik socht minsken, fiktyf yn boeken stal jûn, mei in selde aard as ik, dy’t, yn deselde taal as dy’t ik brûkte, har gewoan doarsten te uterjen oer wat har dreau en dwaande hâlde. De jierren troch dat ik my dwaande hâlden haw mei it Frysk en de Fryske literatuer kaam ik út en troch wol bytsjes en brokjes tsjin dy’t my oansprieken, mar gauris wie it ek sa dat fan guon fragminten my de grize oer de grouwe gie fanwegen it klisjeemjittige of stereotipe karakter.

Tresoar Haye Bijlstra

Sipke Jan Bousema (foto: Tresoar, Haye Bijlstra)

Tom Johnston komt de eare ta dat hy foar it earst in foech blomlêzing makke hat út de Fryske homoliteratuer. Ik mocht him doedestiids wat skewiele mei it oanrikken fan suggestjes foar dy karlêzing dy’t yn 2001 publisearre is yn it troch Vassallucci útjûne jierboek Gay2002. No, tweintich jier letter, kinne wy yn Fryslân mei in tsjokkere karlêzing foar it ljocht komme dy’t mei, tanksij nije en jongere skriuwers, har eigen spesifike lhbty+-kleuren toane.

Cindy Lauper sjongt yn har bekende liet ‘True colors’:

…. don’t be afraid, to let them show
Your true colors, true colors
Are beautiful, like a rainbow.

Elkenien is en bliuwt op syk nei de eigen ‘true colors’. Literatuer kin derby helpe om dy te finen en om jin ynspiraasje te jaan om dêrmei oan de gong te gean: elk op eigen wize. Dizze twatalige blomlêzing mei in ryk ferskaat oan gedichten en proazafragminten – mei 400 siden -is mei dêrfoar bedoeld, mar likegoed om jin yn de kunde te bringen mei net ferkende kleuren.

Mei myn oare redaksjeleden: Janneke Spoelstra, Jantsje Post, Doeke Sijens en Tsjerk Veenstra hawwe wy dêr mei in soad nocht oan wurke. Wy hawwe dêrby help hân fan ferskate minsken om ús hinne. Yn it bysûnder wol ik hjir neame Jan Henstra, dy’t ús wiisde op net by ús bekend wurk.

It docht ús o sa’n deugd dat de Kommissaris fan de Kening, Arno Brok, it foaropwurd foar dit boek skriuwe woe. Hy is op ’t lêst de earste man hjir yn ús reinbôgeprovinsje. En dat wy no, lang om let, doch Reinbôgeprovinsje wurden binne, hawwe wy mei te tankjen oan ús Rainbow warrior Sipke Jan Bousema. Hy hat alles op alles set om it sa fier te krijen. It is my dan ek in grutte eare om dy, Sipke Jan, it earste eksimplaar oerlangje te meien fan ‘Do draachst de leafde oan’.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.