Zea: “Ik bliuw gewoan muzikant hear”

Publisearre op 15 februari 2013

De fan oarsprong Fryske band Zea – no Amsterdam – bestiet al hast 18 jier en skreau begjin dit jier foar it earst in Frysktalich nûmer: ’Ik kin der net by’. De opnames fûnen plak yn Oyarifa yn Gana dêr’t Zea yn jannewaris 2012 holp om in lûdsstudio op te setten. De ôfrûne tolve jier spile Zea al yn mear as 30 lannen, mar wa is Zea?

Dêr’t Zea yn ’96 ûnder de namme ‘Entree Zea’ begûn as fiifkoppige alternative rockband, tinne de band yn ‘e rin fan ‘e jierren út ta in duo besteande út Arnold de Boer en sampler-muzikant Remko Muermans. Doe’t Muermans him in pear jier lyn yn Ruslân fêstige, gie Zea fierder as soloprojekt fan Arnold de Boer út Makkum. “Ik sjong en spylje gitaar. En ik wurkje graach mei elektroanika.”

 

It begûn mei Ingelân en Dútslân, mar ûnderwilens dus ek Gana en Brazilië. En ik bin der noch net.

 

Hoewolt Zea al yn mear as 30 lannen op it poadium stie, is er yn Fryslân dochs net hiel bekend. “Yn it ferline haw ik in pear kear op it Freeze Festival spile en de Omrop hat in pear kear in klip útstjoerd. Mar ik jou ta dat ik dochs wol in soad op paad bin bûten Fryslân. De ôfrûne tsien jier bin ik hiel faak mei myn VW Golf heel Europa trochriden. En sa kaam it dat myn netwurk bûten Fryslân him sterk útwreide. It begûn mei Ingelân en Dútslân, mar ûnderwilens dus ek Gana en Brazilië. En ik bin der noch net.”

Nei achttjin jier skreau Arnold de Boer foar it earst in Frysktalich nûmer. In nûmer oer in heit en in slim sike mem. “Ik koe it net oars dwaan. It moast wol yn it Frysk. It gie fansels. Myn nûmers binne faak ferhalen wêrmei’t ik in oare kant fan in ûnderwerp sjen litte wol. En ik tink sels dat ik mear nûmers yn it Frysk skriuwe sil. Minsken pakke it goed op. Fan Macedonië oant Amsterdam.”

 

It is wol handich dat ik it sels doch, foar elke CD of plaat is dochs artwork nedich. En ik hâld de saken graach yn eigen hân.

 

De opnames foar syn earste Frysktalige nûmer fûnen plak yn in studio yn oanbou yn Gana, fier fan it thúsfront. “Ik wie yn Gana foar it opsetten fan in studio. Us suske hat dêr in skoft wenne en ús heit en mem hienen der ek alris op besite west. Yn Gana wisten se dat ús mem ferstoarn wie. Ik hie it nûmer eins al earder skreaun, mar doe’t ik dêr mei dy studio dwaande wie en de apparatuer teste woe, tocht ik: “It kin hjir ek. It fielde gewoan goed. En moatst sjen hoe’t it útpakt.”

By alle nûmers dy’t ûnder Zea útkommen binne, makket Arnold in tekening. It artwork fan de albums en singles dy’t er útbrocht, stean der fol mei. “Soks giet automatysk. As ik de titel opskriuw, haw ik altyd in bepaald byld foar my dat der by moat. It byld is foar my in boartlik elemint dat krekt wer oar ljocht skine litte kin op it ûnderwerp fan in nûmer. Dêrby komt ek dat it wol handich is om’t foar elke CD of plaat dochs artwork nedich is. En och, ik hâld graach de saken yn eigen hân. Mar ik bliuw gewoan muzikant hear.”

Op dit stuit wurket Zea oan nije opnames yn syn studio en wenplak Amsterdam. Yn maart sil er wer op reis. Diskear tsien dagen troch Frankryk. En wa wit wat langer.

 

Mear fan Zea hearre of sjen? Gean nei syn webside: www.zea.dds.nl. Of keapje ien fan syn tracks op iTunes.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels