Yntrigearjend gesamtkunstwerk

TSJOMME DIJKSTRA –

Ynspirearre troch sinnen dy’t er om him hinne hearde, wurke tekener, skilder Jochum Hamstra (1962) yn de ôfrûne jierren oan in bysûnder boek: it boek fertelt en toant in ferhaal dat situearre is yn in wrâld, opwinend, geheimsinnich en somtiden sinister, sa’t men dy ken út graphic novels of de surrealistyske films fan bygelyks regisseur David Lynch.

 

‘Vandaag heb ik een engel gekocht.’

 

It materiaal foar it ferhaal – de tekst, sfear- en dekoreleminten – garre Hamstra út ferskillende boarnen byelkoar. Oan de iene kant seach Hamstra de kontoeren fan in wrâld foar ’m fol assosjative eleminten fan filmsênes en stripromans. Tagelyk harke er foar it ferhaal nei de minsken om him hinne. Sa harke hy nei klanten fan winkels, nei museumbesikers en nei treinreizgers; minsken op iepenbiere en algemien tagonklike lokaasjes. Unbedoeld – en sûnder it te witten – soargen dy minsken foar ynput troch dêr opmerklike útspraken te dwaan. No ja, opmerklik, sa opmerklik hoegden dy trouwens ek wer net te wêzen, soms hearde de tekener ien wat alledaachsk sizzen, dat yn in oare kontekst miskien dochs in oare lading krije soe. Hamstra skreau it op as er wat treffends of ynteressants hearde. It opskriuwen, dat die er sa gau mooglik, sadat er gjin wurden ferjitte soe.

It resultaat is in tige orizjineel boek. En dat komt ek troch de treflike foarmjouwing fan Monique Vogelsang. Medio april is it boek al presintearre yn galery Melklokaal op it Hearrefean, dêr’t Hamstra syn wurk ek earder eksposearre waard.

Op de lofter sides binne de 72 tekeningen te besjen. Oan de rjochter kant stiet by eltse tekening in sin dy’t ynformaasje biedt by it byld oan de oare kant. It is in trochrinnend ferhaal, benammen wat it byld oangiet. “Soms volgt het beeld de tekst en soms weer niet,” seit Hamstra sels.

In net yntrodusearre ferteller sjocht yn dat ferhaal nei in frou, earst fan wat fierder ôf, mar hy komt hieltyd tichteby har. It wurdt hieltyd yntimer, tagelyk bliuwt de ferteller dochs op ôfstân. De lêzer makket fan dy ferteller automatysk in man by it lêzen fan dy sinnen yn gearhing mei de tekeningen. En it moat in gluurder of sels stalker wêze, binne je sels al gau neige te tinken. Mar dat is it dekselse deroan; dy gluurder binne je fansels ek sels.

Yn de útlis fan de tekener bliuwt de wrâld fan de ferteller geheimsinnich en mysterieus: “Het gaat over een man die naar een vrouw kijkt. Misschien in zijn hoofd. Dat weet je niet.”

It fertelperspektyf feroaret lykwols ek yn it ferhaal. Op de omslach fan it boek is in man mei in ferrekiker ôfbylde. Op ien fan de tekeningen yn it boek is de foar- of de efterkant fan in wenflat te sjen. Troch de ruten binne fertrekken fan ferskillende bewenners te besjen – knypeachjes nei filmklassikers.

De sinnen binne net minder yntrigearjend as de tekeningen. ‘Zodra ik mijn ogen open doe, beginnen mijn oren te suizen, direct,’ stiet der nêst ien fan de tekeningen. ‘Vandaag heb ik een engel gekocht,’ stiet by in oare. As je ien kear witte dat minsken de sinne echt útsprutsen hawwe, makket it je tige nijsgjirrich nei de orizjinele kontekst, de situaasje wêryn’t de sinnen echt útsprutsen binne. En wat te tinken fan in sin as dizze: ‘Ik ben niet de man met veel hobby’s enzo.’

Maklik is it om de tekener nei de oarspronklike situaasje te freegjen. Faak wit hy noch presys te fertellen wêr en wannear’t de sin útsprutsen waard. Aardiger is it lykwols om je ek by it neitinken oer de orizjinele kontekst fan de sinnen oer te jaan oan de ferbylding.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.