Ynstitút

Publisearre op 20 november 2017

KAREN BIES – 

Der wie in blokkade op de A7 fanwege swarte pyt mar wy wiene moai op tiid fuort. Fier genôch fuort fan de gefjochten. M. en ik stean foar it ymposante Akademygebou yn Grins, dêr is in foarljochtingsdei foar âlders. As it in bytsje meisit en se binne net te beroerd, dan soene ús bern hjir skielk studearje kinne. ‘Se dogge it fêst better as wy,’ sis ik, wylts wy de trep op rinne. ‘Laten we het hopen,’ seit M. It falt my op dat der foar it gebou ferskate flagen yn top hingje. Fansels de Grinzer, mar dêrneist ek de Fryske. Hinget dy dêr altyd? Ik wit it net. It liket my yn elk gefal in goed teken. Grins is in moaie stêd. En as se mekoar yn Dokkum de kop ynslaan wolle fanwege in achterhelle tradysje, dan moatte se dat mar gau dwaan.

 

Jou my dy tekst út myn earste jier nochris, ik wol it graach oerdwaan. Ik sil it cyrillysk alfabet noait wer ferjitte, dat beloof ik.

 

De grutte kolleezjeseal sit fol mei âlders. Ik sjoch reade nekjes en keale hollen. Miskien sieten se hjir tritich jier lyn séls wol, stinnend op metodology of statistyk of in oar dreech fak. Katerich fan de foarige jûn. ‘Dy lêste gong nei de Benzinebar hie net mear moatten.’ De Benzinebar … bestiet dy noch?

De stúdzjeadviseur fertelt oer stúdzjeferienings – wat oars as studinteferienings – en problemen yn it earste jier. Krekt op keamers en sa drok mei it nije libben, dat der te min tiid oerbliuwt om te studearjen. Hiel herkenber.

Yn 1987 siet it Slavysk ynstitút noch yn in moai âld hûs oan de Reitdiepskade, grut genôch foar dat groepke studinten Russysk. Yn it souterrain wie de kantine, dêr dronken wy kofje op in âld learen bankstel, dêr wiene de Slavyske borrels. Dêr waard ek allemachtich smookt, leafst goedkeape Russyske sigaretten mei ûndúdlike yngrediïnten fan ûnbekende herkomst, bygelyks fan it merk Oktjaberskije of Droezjba. De dosinten wiene der ek altyd, dy fûnen dat je op freonskiplike basis it fierste komme koene mei studinten. Ik tink oan ús learaar grammatika Hans Hamburger, dy’t yn de jierren santich noch Russyske les jûn hie oan Nederlânske soldaten. Hy hie in grut hert en woe dy altyd helpe. Dy leave Hamburger, soe hy noch libje?

Ik fytste as earstejiers de Plantsoenbrêge oer, ûnderweis nei it ynstitút. Us learaar Peter Houtzagers stie op de brêge. De sinne skynde, ik rôp fleurich: ‘Goedemorgen!’ en betocht dat wy hjoed wol de útslach fan ús earste tentamen weromkrije soene. Houtzagers sei neat, hy seach sa wyt as in lyk. Syn blauwe eagen stiene wyld, hy hie de hannen strak om de reling fan de brêge. As soe hy der elk momint oerhinne springe!

In kertier letter hearden wy dat de Russyske oersetting abominabel makke wie. De measten fan ús hiene it cyrillysk alfabet noch niet iens ûnder de knibbel, sei Houtzagers. Hysels wie promovearre op in Kroatysk dialekt dat noch mar troch twa âlde wyfkes yn in berchdoarp praat waard. Hy frege him ôf wat hy mei ús oanmoast. Earstejiers, dy’t it Grinzer studintelibben, yn dat souterrain oan de Reitdiepskade en fier dêrbûten, belangriker fûnen as it Russyske alfabet.

Letter gong it better mei my. Ik kaam sels yn in soarte fan stúdzjeferiening. Alle freedtemiddeis by Jantje Vos thús, op de Koninginnelaan. Hy wie reislieder yn East-Europa en hy learde ús Russysk praten ‘met gewone Russen’. Nei in oerke hakkeljen krigen wy in gleske spraakwetter, dan gong it in stik better. Wodka fan, neffens Jan, ‘geheid betrouwbare herkomst’. Nazdrovje! Wat soe der fan Jan Vos wurden wêze?

Sa sit ik te prakkisearjen yn dy kolleezjebanken fan it Akademygebou. Wie it mar wer tritich jier lyn. Koe ik noch mar efkes it Slavysk ynstitút ynrinne. Hé Peter Houtzagers, lit dy brêge mar los. Jou my dy tekst út myn earste jier nochris, ik wol it graach oerdwaan. Ik sil it cyrillysk alfabet noait wer ferjitte, dat beloof ik.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]