Jochem Hamstra – Yndrukwekkend spul fan skyn en werklikheid

EELTSJE HETTINGA – 

.

(…) Ik heb
mijn lot gelezen, maar het niet begrepen.
Aan één soort klappen was ik maar gewend:
aan van die klappen die in plaats van tanden
de letters laten rollen uit je mond,
met geur van bloed.

Ut: ‘Testamint’ fan Boris Ryzji (1974-2011)

 

Maklik mei it net wêze, maklik mei it net wurde. It is ien fan de redens dat skilder en byldzjend keunstner Jochem Hamstra op de rûge, wjerstribbige achterkant fan it linnen skilderet. Under de iroanyske titel ‘Het mooie leven’ lit Hamstra dizze moanne yn de nije eksposysjeromte it Melklokaal op It Hearrenfean in yndrukwekkende searje fan twaenfyftich skilderijen sjen dy’t mei-inoar ien famyljeportret foarmje. It is net de bûtenkant fan de figueren dy’t de skilder delset, mar harren binnenkant. Syn kleurige, ekspressive doeken hawwe yn toan en sfear faak wat mankelyks, riedseleftichs en soms ek wat grotesks. Skilder Sjoerd de Vries omskriuwt Jochem Hamstra as ‘ien fan de meast bewûnderenswaardige skilders dy’t wy yn Fryslân hawwe, in geweldige en dappere experimentator.’

Sûnt it begjin fan dizze ieu wennet Hamstra, dy’t oarspronklik fan It Hearrenfean komt, yn Grins, oan it Hoge der Aa. Syn atelier hat er lykwols yn de binnenstêd, op de souder fan in earder earmhûs. Oan de sydmuorre njonken de doar in houten, krúsbyldachtich objekt, mei – like komysk as absurd – in wyt barchje foarop de standert, dat flankearre wurdt troch twa waksineljochtsjes. Boppe it oanrjocht foto’s fan Melissa, Donna en Katie, nammen fan annonsearjende ‘dames’ út kranten en tydskriften. Myld spytgnyskjend: ‘Ik soe noch wolris in searje meitsje wolle mei de namme ‘Fammen’.

LsHs_JHamstra_7700Het mooie leven hat in lange foarskiednis. De earste skilderijen derfan datearje fan goed trije jier ferlyn. It idee foar de searje ûntstie, doe’t Hamstra him nei it tragyske ferstjerren fan syn âlden en in broer – sawol syn mem as syn broer dienen harren tekoart – ôffrege wat er oan moast mei alle neilitten foto-albums. It brocht him op it idee de foto’s te brûken foar it meitsjen fan in searje skilderijen dêr’t alle grutte tema’s en fragen fan it bestean – berte, leafde, erotyk en dea – yn foarkomme moasten. ‘It fotomateriaal komt út de jierren tweintich en tritich fan de foarige ieu en rint troch oant it begjin fan dizze ieu. Mei-inoar beslacht it sa’n santich, tachtich jier. It giet om it minsklike bestean dat yn ferskillende tafrielen en fragminten foarm en ynhâld jûn is mei twaenfyftich skilderijen. De searje is, sis mar, in minskelibben yn ien jier.’


A second life
De tafrielen en portretten binne foar in part de ensenearrings fan in ferlerne tiid. De stilte dy’t yn de foto’s sit, lit him weromlêze yn bylden en sfearen dêr’t weemoed yn skûlet, der is sprake fan in bepaalde ferlittenens en desolatens ek. Mei nostalgy of oare foarmen fan romantisearring fan in eardere tiid hat Hamstra syn wurk neat te krijen. Fûl: ‘Nee, soks ynteressearret my net, dêr ha ik ek gjin boadskip oan. It giet my net om it anekdoatyske, sa fan dat is dy muoike en dat is dy omke. Yn dat soarte ferhalen haw ik hielendal gjin sin. Dan wurdt it inkeld mar folkloristysk.’

De figueren op syn doeken hawwe dus gjin namme, se binne anonym holden. Lyksa hawwe de skilderijen sels ek gjin titel. Dochs is de searje yn syn ûnderwerpen ta in hichte in bepaald earbetoan oan in wrâld dy’t ferdwûn is, in wrâld fan skûtsje- en frachtskippers, it miljeu dêr’t Hamstra yn grutbrocht waard. Fan datoangeande rinne der parallellen mei de roman In kop as in almenak fan skriuwster Elske Schotanus, in eksperiminteel, yn fragminten opset boek wêryn’t de haadpersoan it libben fan har âlden dy’t beide út in laach fan skippers komme nij libben ynblaast. Lykas by Hamstra giet it net allinne mar om in famyljeskiednis, mar ek om in tiidsbyld fan in ferdwûn en feroarjend Fryslân, sûnder dat it nostalgysk wurdt.

Ek by Jochem Hamstra is sprake fan in besykjen, sa net in ferlangen om dat wat fûn is as in soartemint fan objet trouvé in nij libben te jaan. ‘Ek al binne de minsken dea, ik jou se a second life. Samar ynienen stiet sa’n figuer, dy’t miskien ien of oare oerbeppe fan my is, no op in skilderij. Dat fyn ik hiel maf.’ Wat him benammen fassinearret, is de manier wêrop’t minsken op de kyk steane. ‘Der wurdt, as in foto naam wurdt, faak posearre, ek al is it mar in fraksje fan in sekonde. Yn wêzen is it natuerlik allegearre nep.’ Dêrmei hat Hamstra it winliken oer de ferhâlding skyn en wurklikheid. Dat jildt bygelyks ek foar it portret dat brûkt is op de útnoegingskaart foar de eksposysje Het mooie leven. Te seil geand op de fleurige en bûnte simmerjurken liket it as hat it libben it lok fan in ljochte, ivige simmerdei yn, mar jildt dat, retoarysk frege, ek as it op de ynderlike wrâld fan de figueren oankomt?


‘In psychyske gluurder’

LsHs_JHamstra_7705In soad fan Jochem Hamstra syn famyljeportretten binne yn wêzen lytse komeedzjespullen, der wurdt in spul spile mei al of net posearre foarmen fan lok en ûngelok. ‘Op merken yn Dútslân en sa kinst faak fan dy foto’s keapje, mei dêrop bygelyks in stel laitsjende Nazi-famkes. Der sit in bepaalde tiid en sfear yn. Do fregest dy ôf: wa binne dat, wa ha dy persoanen west, wat giet der yn harren om?’ Skilder Sjoerd de Vries neamt him fandatoangeande ‘in psychyske gluurder’.

Yn dy typyske, him sa eigene griemmank fan Frysk, Nederlânsk en Stedsfrysk foeget De Vries ta: ‘Hy slagget deryn, en dat op in razend knappe manier, om in oare, echte ynderlike werklikheid del te setten. Van zulken als Hamstra zijn er maar weinig hoor! Ik ha him yn de jaren negentig op Vredeman de Vries yn de klasse hând. Jochem soe lilk wurde as ik sei dat er les fan my hân hat, want hee, hy kon alles al, hè… De oaren, dat waren maar learlingen, mar Hamstra, dy wie toen al in elk opsicht in echte keunstner.’ Dat wie ek de tiid dat Jochem Hamstra gauris by Willem van Althuis oer de flier kaam. ‘In prachtige ferteller en in fantastyske kolorist. Hoe’t it kin, wit ik net, mar ek Van Althuis hat, lykas in soad oare skilders dy’t fan It Fean komme, wat melancholysk.’


‘It mei net te maklik gean’
Hamstra is ien dy’t it himsels net maklik makket. Lykas de Ingelske skilder Francis Bacon skilderet er op de achterkant fan it linnen. Earst giet der in laach boekbynderslym oer, dan in pear lagen gesso, in soartemint fan primer, en op dy rûge ûndergrûn komt de oaljeferve. It jout in droege manier fan skilderjen. It bepaalt foar in part de skilder syn hânskrift. ‘It mei net te maklik gean. It wurk, fyn ik, moat befochten wurde. Bytiden as it net wol, meitsje in slach de stêd troch. Soms bin ik sa ferrekte lilk, dan smyt ik sa in fervepot troch it dakraam. Hy kaam oait op it idee om de achterkant fan it linnen te brûken, doe’t er net tefreden wie oer in tal skilderijen. ‘Der siet safolle ferve op, der foel neat mear oan te feroarjen. Doe haw ik de saken omdraaid. It befalt my noch altyd hiel bêst, it skilderet lekker stug.’

LsHs_JHamstra_7704Foardat er mei de oaljeferve yn ’e slach giet, set er earst mei houtskoal de komposysje op. Hy lit in skilderij, mei fjouwer achter de tooch steande persoanen sjen. De figueren ferdwine oan de sydkant út it doek. ‘Dat moatst dan wol sá skilderje dat it ek kloppet. Ast mei in projektor wurkest lykas in skilder as Marlene Dumas dat docht, dan hoechst der net oer nei te tinken. Dan trekst gewoan de linen oer. Mar dat is my te maklik.’ It binne de heldere, yntinse kleuren dy’t Hamstra syn wurk sfear, ljocht en ekspresje jouwe. Hy wurket altiten mei seis basiskleuren. ‘Yntuïtyf witst faak al datst dy en dy kleuren ha moatst om de sfear te treffen,’ fertelt er by it doek fan de jonge mei de silinderfoarmige mûtse op de holle, in mantsje dat yn syn kaki-kleurich unifoarm kjel om him hinne sjocht, wylst er omtrint fersûpt yn in ûnbidich grutte, salmkleurige fauteuil. In bizar en grotesk wurk dat tinken docht oan de portretten dy’t Francis Bacon oait makke op basis fan de skilderijen fan Diego Velázquez fan paus Innocentius X.


Dissonant
Lykas by Het mooie leven wurket Jochem Hamstra in protte yn searjes. It jout him de mooglikheid om alle fasetten fan in ûnderwerp út alle hoeken wei te ferkennen en te bekoekeloeren. ‘It is in ûndersykjende manier fan wurkjen. Yn myn skilderjen besykje ik myn eigen grinzen op te sykjen. Dus, wat kin ik wol en wat net. Oan ’e iene kant is der it abstrakte skilderjen, oan ’e oare kant it útdjipjen fan it figurative. Foaral it wurkjen mei kombinaasjes is spannend,’ seit de skilder, wylst er oerein komt út de wite simmerstoel op syn novimberske ateliersouder om by it keukenblok kofje te setten. ‘Soms dochst dingen dêr’tst fan wist dat it net kin. Dus, dan setst bygelyks in skaad by in figuer yn de wittenskip dat de ferhâldingen hielendal net klopje. Dat soarte dissonanten, dêr hâld ik fan.’ Yn Het mooie leven jildt dat bygelyks ek foar it doek mei de wytblauwige swannen. Neffens Hamstra past dat eins hielendal net yn de searje, mar hy wol foarkomme dat tocht wurdt dat it inkeld mar om famyljeskilderijen giet. ‘By sa’n doek wol ik dat de minsken har ôffreegje moatte: Hee, wat docht er no?’

Ien fan de kombinaasjes dy’t Het mooie leven ta in absolút hichtepunt makket, is de geometryske, suver monumintale wize wêrop’t de romte yn in soad doeken foarm en djipte jûn is. Dêrnjonken is der it figurative elemint dat yn al syn ekspressiviteit de sfear fan in tiid bleatleit. Mar dêr sit him foar in part ek it ferrifeljende fan Hamstra syn wurk yn, want ek al liket it dat de skilder inkeld de bûtenkant fan syn figueren delset, yn wêzen leit er harren op ûnmeilydsum hurde wize de siele bleat. En sa is it faak ek mei de sfear yn de doeken, dêr’t nettsjinsteande alle kleur, goed besjoen, in werklikheid fan leechte en weemoed ûnder skûlgiet. It sil net fernuverje dat Hamstra syn famyljeportretten in sitaat meijûn hat dat dy skynbere tsjinstridigens like skerp as wrang nei foaren bringt. It giet om in sitaat út de film The ice storm fan de Amerikaansk-Taiwaneeske regisseur Ang Lee: ‘Je familie is de leegte waaruit je voorkomt, en waarin je weer terugkeert als je sterft. Dat is de paradox. Hoe meer je ervoor terugdeinst hoe dieper je erin verdwijnt.’


Fellini en de see

LsHs_JHamstra_7698Hat by Het mooie leven alderlei fotomateriaal in grutte rol hân, ek yn de rest fan Hamstra syn wurk spylje foto’s, strips en films net swak by. ‘As jonkje al gong ik op sneintemiddei mei myn neef nei de skouboarch op it Hearrenfean, it matinee, om films te sjen. Ik bin in echte filmfreak. Foar in film as Under my skin, mei yn de haadrol Scarlett Johansson, stap ik, as dy net op tiid yn Grins draait, subyt op ‘e trein nei Swolle om him dêr te sjen.’ Hamstra hat in foarleafde foar Russyske films, foar de gauris rûge, rauwe, modderige en donkere bylden deryn. Fierders neamt er himsels in Fellini-fanaat. Hy hellet de dokumintêre Gesprekken met Fellini oan, dêr’t de Italjaanske filmer yn fertelt hoe’t er op in dei út Rome wei nei de see rydt, tegearre mei syn lokaasje-skout. Neffens syn kompaan soe de Terenyske see de ideale achtergrûn wêze foar in sêne yn ien fan syn nije films. ‘Mmm’, sei Fellini, doe’t se it strân op rûnen, ‘dy see, dat is niks. Dat is klisjee.’ As se dêrnei werom nei Rome ride, sjocht er ûnderweis grutte, yn de wyn wapperjende stikken plestik tsjin de wynranken op de heuvels. ‘Ho’, ropt er, ‘ho, dát is de see, dat is de see.’

‘Sjoch’, seit Hamstra, ‘dat is in manier fan sjen dy’t my oansprekt.’ Films lykas De verleiding van Dokter Antonio, wêryn’t op in groteske wize de Italjaanske seksuele moraal op de hak nommen wurdt, kinne by him net stikken. Fierders dielt de skilder Fellini syn foarleafde foar frjemde, singeliere types. Hy hellet de fermaaklike klassiker Amarcord oan, mei dêryn de idioat, dy’t heech yn de toppen fan de beammen sit en fanôf dat plak dagen oanien mar ropt en raast: – Ik wil een vrouw, ik wil een vrouw, wylst in tal nonnen ûnder de beam raast en skreaut dat er út dy ferrekte beam weikomme moat. It sil net fernuverje dat ek yn Het mooie leven dat soarte Fellini-achtige types omskarrelje, figueren dy’t har oan de râne fan de maatskippij lykje te bewegen en dy’t troch Hamstra gauris op in bytiden hast karikatureske wize delset binne.


Objet trouvé
‘De lêste tiid,’ fertelt Hamstra, ‘sjoch ik in soad films en dokumintêres út de jierren santich en tachtich. Alles dêryn hat wat griis. Dan giet men bygelyks nei it strân en dochs is it griis. Ast de films fan hjoed-de-dei sjochst, dan kloppet alles presys. Mar de sfear mist. Ik woe mar sizze: oan de bylden werkenst de tiid.’ Dat lêste jildt ek foar Het mooie leven, út de sfear fan de skilderjen sprekt in bepaald epoch. Wat dat oanbelanget, is Hamstra in dichter yn de gongen en krochten fan tiid en herinnering. De poëzy is him trouwens net alhielendal frjemd. Syn favorite dichter is Boris Ryzji, de Russyske dichter, bokser en heale hooligan dy’t yn 2000 op Poetry International yn Rotterdam te hearren wie en dy’t himsels in jier letter – hy wie krekt sânentweintich – tekoart dwaan soe. ‘Syn wurk is bot en rau, mar ek hiel sensityf. Der is in prachtige dokumintêre oer syn libben makke, it lit syn omjouwing sjen, in isolearre treasteleaze Russyske yndustrystêd yn de tiid nei de fal fan it kommunisme.’

LsHs_JHamstra_7697Pratend oer Ryzji, wêrby’t ek de namme fan de Amearikaanske skriuwer en dichter Charles Bukowski falt, is der by Hamstra in sekere foarkar te fernimmen foar it sjenre fan de swarte romantyk, in begryp dat Mario Praz yn syn klassiker Romantic Agony omskreaun hat ‘as in griemmank fan lust en lijen, genot en grouwélichheden dy’t by inoar in aparte estetyske gewaarwurding opsmite.’ Fierdersoan lêst Hamstra in soad wurk fan Bob den Uyl, benammen syn surrealistysk tinte ferhalen. It is ûnder mear de man syn humor, swartgalligens en ûnhandichheid dy’t him oansprekt. ‘Faak sit ik ergens yn, dan wol ik dêr ek alles fan witte, dus lês ik alles fan Den Uyl of ik wol alle swarte soulmuzyk út de jierren santich jierren hearre, mei sjongeres Milly Jackson foarop.’

Sa giet it ek by Hamstra syn skilderjen. It is ien fan de redens wêrom’t er gauris yn searjes wurket. Sels is er bytiden ek mei taal yn ’e slach, ûnder mear yn in rige eroatyske byldferhalen. Eins binne it taalmontaazjes. ‘As ik yn de trein sit, hein ik bytiden flarden fan gesprekken op. Sommige rigels, neam se objets trouvé, skriuw ik op. Letter skik ik de rigels en sinnen sa datst idioat absurde ferhalen krijst. Dêr meitsje ik dan wer tekeningen by. It is al mei al in soarte fan graphic novel.’ Hamstra neamt dat tekentaalwurk ‘huisvlijt’. Hy hopet dat der in útjouwer is dy’t it op ‘e merk bringe wol. It is foar de skilder in soartemint twadde tak, dêr’t ek it fenomeen ‘Hamstra’s Haring’ by heart. Hy ferkeapet sâlte hjerrings, twa soarten: skilderijen fan twahûndertfyftich euro it stik (akryl op karton) en fan fiifhûndertfjirtich euro it stik (oalje op hout). Under de souderbalken, dêr’t in stik boechhout tsjin oan spikere is dat it opskrift Op hoop van zegen. 32 ton hat, seit er oer syn hjerringwinkel: ‘Dat is byfangst.’


Altiten wat oars
Underwilens is de searje Het mooie leven, sa’t dy de kommende moanne te sjen is yn it Melklokaal op it Hearrenfean, in foar Hamstra ôfslettene tiid. Hy is dwaande mei in nije searje dêr’t er him, alhiel oars as yn de famyljeportretten, inkeld en allinne taleit op foarm en kleur. Hy rint nei de keuken, lit in tal skilderijen út de niisneamde nije searje sjen. De wurken springe der út troch harren organyske foarmen, om mar net te sizzen de eroatyske lading derfan. ‘Ik bin der bytiden sa yntinsyf mei oan ‘e gong, dat ik lêst fan myn linkerskouder krij of lêst fan de polzen. Der binne skilders dy’t altiten itselde meitsje, itselde lânskip of itselde stillibben, mar sa sit ik net yninoar. Ik wol altiten wer wat oars. Ik hâld derfan om te feroarjen, sis mar, it eksperimint.’

LsHs_JHamstra_7701

LsHs_JHamstra_7699

.

Foto’s wurk Jochem Hamstra, Linus Harms. De tentoanstelling ‘Het mooie leven’ fan Jochem Hamstra is te sjen yn it Melklokaal op It Hearrenfean, fanôf 9 novimber oant 20 desimber 2014.

Comments
5 reaksjes oan “Jochem Hamstra – Yndrukwekkend spul fan skyn en werklikheid”
  1. Friduwih Riemersma schreef:

    Prachtich!
    Opmerklik─en ûnheimlich─is it ûntbrekken fan djipte yn it wurk. It Gauguineske opinoar steapeljen fan platte, faak frij simpele flakken jout de iendiminsjonaliteit dy’t men faak sjocht by wurk dat him ôfkeart fan de wrâld. It Mooie Leven, just ja. “La civilisation est ce qui vous rend malade,” sei Paul Gauguin.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.