fotografy: Reyer Boxem

Yn Memoriam Sjoerd Janzen

STEVEN STERK –

Hast fiif wike ferlyn krige Sjoerd de diagnoaze longkanker, onbehandelbaar. Hy hat syn neisten doe allegear sels op ’e hichte brocht. Nee, ik wol gjin gemoterapy. It giet om de kwaliteit fan it libben, net om de lingte.

En hoe is it no mei dy, frege ik him op it lêst. Doe sei er: ‘Och Steven, ik haw dien wat ik woe en ik libje mei de frou dêr’t ik fan hâld.’

Yn ’e lêste wike fan juny seach ik him. Bliid him wer te sjen, nei’t er fjouwer moanne yn Berlyn sitten hie.

‘Wat bisto meager wurden, jonkje.’ Sjoerd fertelde, hy hie gryp hân en ferskriklik fûl arbeide. En bealge hat er, in gigantyske produksje yn in pear moanne. Prachtich wurk.

‘Moatst mar in sleef gol fet oer de jirpels nimme’, sei ik grapjeiend en wy hienen de grutste wille. Sjoch, Sjoerd wie in Fries en in kosmopolyt. De measte Friezen dy’t om utens swalkje wolle of neat mear fan harren ôfkomst witte of se romantisearje it. By Sjoerd hie syn ôfkomst in plak, hy wist wêr’t er wei kaam en woe dat ek witte. Hy wie in ferteller yn syn prachtich fersoarge Frysk. ‘Ik praat sa’t ik ús heit praten hearde. As op jierdeis ús heit fertelde, pissen de froulju yn ’e broek fan it laitsjen.’ Yn dy ferhalen en de balâns tusken Fries en kosmopolyt ferstienen wy elkoar. It gie like maklik oer it ploegjen mei de trekker as oer Picasso, like ienfâldich oer it libben yn Easterbierrum as oer it libben yn Berlyn. Hy prate trouwens ek moai Dútsk.

Tagelyk wie Fryslân te lyts en te ynbannich. De boerejonge fûn syn plak like goed yn New York, Brazilië, Italië en Berlyn. Fryslân hat in lange tradysje fan eigensinnige, dwerse yntellektuelen dy’t suver autodidaktysk har eigen paad fûn hawwe. Dêrta hearde bytiden ek in hast bernlike naïviteit. Yndividualisten, jo rikke se en rikke se net. Yn dy tradysje stiet Sjoerd Dirk Janzen.

Wy praten dy moarns noch eefkes oer it hûntsje dat er út in supermerkdoaske snien hie, in kop en sturt fike út de ûnderkant en der hinge in hiele grutte penis ûnder.

Dat is Bijke 2, sei Sjoerd, want hy hie al in tekening dy’t Bijke hjitte.

In oardel wike letter seach ik him wer op de iepening fan myn simmertentoanstelling, dêr’t Bijke 1 hinge en ik skrok. Myn grutte sterke maat, dêr’t ik wis fan wie dat er 100 wurde soe, fol libben, fitaal, kaam der oanrinnen as in âld man. ‘Ik meitsje my soargen, Sjoerd’, sei ik. Neffens Sjoerd kaam it omdat hy gjin kofje mear dronk. Hy dronk altyd sleatten kofje en hy seach it as in soarte fan ûntwenningsferskynsel. In pear dagen letter fertelde er dat er wer wat kofjedronken hie en dat er dêr bot fan opknapt wie. Dat fûn ik ek altyd sa fassinearjend oan Sjoerd. In man dy’t alles trochtocht hie, alles hie syn plak, libbenswiis, ‘weltoffen’ en dochs bleau in bernlike naïviteit. It libben ferraste him hieltyd wer. Hy koe ek hiel ûndogens sitte, mei sa’n snútsje dêr’t er ek mei yn de skoalbanken sitte moatten hat. Begryp my goed, dy naïviteit is krêft, dêr moatte jo geastlik goed foar yn balâns wêze, mar sa op it each gie Sjoerd dat maklik ôf.

Likegoed, hy soe nei de dokter en ûndersiken ha.

Op 24 july kaam it berjocht fan de sykte, fjouwer wike letter is er weirekke. Dy fjouwer wike hawwe bysûnder west en yngeand. Sjoerd hat ynterviews jûn, tariedingen makke foar de tentoanstelling, praten en lake mei freonen, mei Susanne de striid fierd foar it libben en de dea.

Ik wol it net tefolle ha oer de striid mei húsdokters en de rest fan de medyske wrâld. In wrâld mei ego’s en lange teannen, dy’t it mar min sette kinne as ien sels de baas bliuwe wol oer syn eigen lichem.

Ik wol dermei folstean dat ik betiden graach ris ien kopke-ûnder treaun hie en Sjoerd ek, as er noch de krêft hân hie. Doe’t er de krêft noch al hie, hat er der twa út set. De earste prate mei him as mei in bern, woe him ta gemo twinge en behannele him – en dan moatte jo Sjoerd kenne – net as gelikense. Sjoerd is mei syn lêste krêften fan ’t bêd ôf kommen, foar him stean gien en hat sein: Eruit! Ynienen krije jo allegear minsken oer de flier dy’t jo net sels útsocht hawwe en noait útsocht hawwe soene. En Sjoerd socht de minsken dêr’t er mei omgie sels út, wie gau beret as it him net sinde. Hy joech him net of hy joech him hielendal. Heal koe er net, sei Phillipus van der Meulen, syn grutte maat. Sa keatste Sjoerd, sa makke er keunst. Hy woe altyd de bal boppe slaan. Hy wie net beredenearjend, hy moast him reitsje. Hy sloech altyd ferwoestend út, ek as it om in lyts keatske gie. Hy moast ferwoestend útslaan. Hy hat syn skouder dermei ferslein en dêr altyd lêst fan holden.

Ik fûn Sjoerd trouwens altyd mear by it kickboksen passen as by it keatsen. Sa’t er ek harkje koe, geduldich – ôfwachtsjend as in kickbokser, ynkassearjend – en dan ynienen: in rake opmerking. En as dat net oerkaam, kaam er wer fanwegen: pats! Krekt salang oant er syn doel berikt hie.

Hy skildere sa ek. Doe’t er yn in ûnferwaarme atelier oan it tekenjen wie, seach er dat de tekening read waard. Hea, tocht er: ik haw dochs swart kryt? Doe pas krige er yn ’e gaten dat er troch it fûleindich tekenjen de toppen fan syn fingers ôfsliten hie sadat it bloed derút kaam.

Sjoerd woe ‘selbstbestimmt sterben’ en gjin pine, want foar pine hie er in grutte eangst. De doktoaren hawwe him net begrepen en begûnen tige prinsipiële diskusjes oer eutanasy. En Sjoerd en Susanne hakten dêr fûl op yn. Sjoerd woe de regy yn hannen hâlde. Sjoerd en Susanne woenen gewoan hearre dat er gjin pine ha soe. Dy ûnfrede hie net hoegd en net moatten. Der is net folle betrouwen yn de medyske wrâld oerbleaun.

De regy hat Sjoerd yn hannen hâlden. Doe’t de krêften ôfnamen, hat er syn ein net slûpe litten. Doe’t er al mear yn ’e sûs wie en der kaam ien del of der belle ien, dan wie er der dochs wer, stjoerend.

Ik kin út de grûn fan myn hert sizze: better minske haw ik net kennen. In leave, soarchsume man, trou, ynteger. Sjoed makke it bêste yn minsken los.

Mar net sa goed as bôle. Der siet in kop op en dy kop liet fan him hearre.

De fotograaf dy’t fjirtjin dagen foar syn dea delkaam om in foto te nimmen fan syn hannen, frege er ek in foto te nimmen fan syn gesicht: mei iepen en sletten eagen. It binne monumintale foto’s wurden.

Fjouwer dagen foar syn dea haw ik him in brief fan Gryt van Duinen fan Omrop Fryslân foarlêzen, dy woenen him noch filmje. It like my net ferstannich omdat er doe al in part fan ’e dei yn ’e sûs wie. Mar Sjoerd frege de tillefoan en makke in ôfspraak foar tiisdeitemoarn, in dei nei syn dea.

De prognoaze wie rûchwei dat er noch ien moanne te gean hie. Dêr hat er him net by dellein. En dêr wie er gauris nayf yn. Yn it begjin leaude er noch wol oan in wûnder. Dat hie ien tsjin him sein en alles wat ien sei, naam er tige earnstich. Omdat alles wat hy sei oertocht wie en earnstich, koe er dat by in oar net oars foarstelle.

Doe’t ik in kear oan syn bêd siet, sei er: ’Ik nim in sabbatical year.’ En hy woe dit noch en soe dat noch. Hy brûkte dat om himsels oan fêst te hâlden. ‘Ik wit wol Steven, dat it hurd gean kin, mar ik lûk my deroan op’, sei er yn ’e lêste wike. Hy hie noch sa graach de iepening fan de útstalling yn Museum Belvédère meimeitsje wollen. Dat hat er net rêden, mar sykjend nei de erkenning as keunstner en minske hat it him gelokkich makke dat de tentoanstelling der yn septimber wêze sil.

It hat foar him en Susanne in grut gelok west dat se noch trouwe koene, in wike foar syn ferstjerren. Dêr hat er sa oer yn sitten, dat er dat net helje soe. It wie in prachtige middei en Sjoerd wie der wer hielendal, swak, mar grapkes meitsjend, ferbiningen sykjend tusken de iene en de oare persoan, bliid en mei in reidsje slokjes nimmend fan syn gleske nepsjampanje.

Ferline wike tongersdei hawwe Caro en ik mei Susanne oan syn bêd sitten te keuveljen, Thom kaam noch eefkes del en dat fûn er wol gesellich, al foel er dêrnei wer yn ’e sûs. Dêrnei rekke er hieltyd mear yn ’e sûs, mar as ik him dach sei, myn wang lizzend tsjin sines, waard er heal wekker.

‘Ha jonge’, sei ik.

Hy sloech syn eagen heal op en sei sêft: ‘En hoe is it no mei dy.’ Hy hie gjin krêft mear, mar hy besocht noch om de earmen om my hinne te slaan.

Moandeitemoarn om kertier oer achten is er stoarn, hy sloech de eagen op, helder, nei Susanne dy’t him de hannen fêsthâlde. Yn frede.

Susanne, syn frou, hat har grutte leafde ferlieze moatten. Sjoerd wie sa ferskriklik grutsk op har, sa bliid mei har. Fjouwer wike lang hat se net by him wei west, stridend, tsjinjend, ynleaf.

Skilder sûnder kompromis. It giet net om it moaie plaatsje of om de minsken it moais sjen te litten. Sjoerd Janzen syn wurk hat wat te sizzen. Sjoerd skilderet gjin plaatsjes, elts skilderij, eltse tekening giet earne oer. Sa’t by Sjoerd it altyd earne om gie, yn it praten altyd om de kearn. Eefkes slop seure wie der net by. Mar wol grutte gefoelens.

Elk wurk hat in grutte spanning, in krêft dy’t jo rekket. In natuerkrêft. It hat him sear dien dat der by de útstalling begjin fan ’t jier neat ferkocht waard. Net om it jild, want Sjoerd libbe Spartaansk, lúkse boeide him net. It gie om erkenning.

Nee Sjoerd, it is gjin wurk foar boppe de bank, dyn wurk is foar grutte samlers, ynstitúsjonele samlingen en musea. En it duorret altyd foardat in echte skilder trochbrekt. It is as in kleaune jern, Sjoerd, jo moatte earst it triedsje sykje en dan wurdt de kleaune grutter en grutter. Doe’t wy in pear wike ferlyn skilderijen fan him út Berlyn wei hellen, stie der op in kastke in glêzen pot mei dêryn in kleaune jern.

Ik sis jimme: Sjoerd Janzen is in keunstner fan ynternasjonale klasse. In grut keunstner mei wurk dat wat te betsjutten hat. En it wurk moat en sil hingje yn al de wichtige musea fan de wrâld. En de keunsthistoarje sil útwize dat dizze keunstner ien fan de grutten is.

Sjoerd wie mâl mei bisten, mei hûnen meast. Hy fûn it prachtich om dêrmei te boartsjen, wêr’t er ek wie. Fan Susanne haw ik Bijke 2 oerkrigen, de hûn fan Sjoerd. Ik sil goed op Bijke passe, Sjoerd.

 

Rede útsprutsen op 26 augustus 2006 yn de St. Joristsjerke yn Easterbierrum.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 5 (2006) 7 (septimber) s. 8-9.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.