Yn memoriam Binne Lútsen Boarnstra

EELTSJE HETTINGA –

Juster, fjirtjin septimber, is de dichter-skriuwer en skipper en histoarikus Binne Lútsen Boarnstra (1946) yn Marrum te hôf brocht, in plak dêr’t net allinnich syn pake en beppe Eeltsje en Jantsje Holwerda lizze, mar ek syn soantsje Eeltsje Allard dy’t, krekt njoggen moanne âld, te ferstjerren kaam, doe’t Boarnsta, it wie healwei de jierren santich, tegearre mei syn frou Sietske Postma (1952-1984), op Aldebildtdyk tahold. De dichter ferstoar ferline wike, njoggen septimber, yn it sikehûs te Snits oan de gefolgen fan in oerhaal en attack. Syn libben draaide oer alle boegen om poëzy, muzyk en wetter. Hy wie as natoerlyrikus in essinsjalist, in dichter op ’e syk nei ‘de romte achter de wurden.’ Dêr’t it markante hearskip Binne Lútsen Boarnstra nei foaren stapte, dêr barde wat, syn oanwêzichheid wie a way of happening, a mouth, om it mei in rigel fan de Ingelske dichter W.H. Auden te sizzen. Yn syn bydrage oan de blomlêzing Gjin grinzen de reis (2004) neamde er syn tiid en bestean in rêstleas fierder gean.


Fan rêstleas fierder gean

En altyd wer nij libben
Dat iepenbloeit
Rûnom in bliid beweech
Dêr’t wyn oer soeit

Mar ’t koarte reid
Jout noch gjin liet
Lykas it nôt op ‘e ekers
Jitte gjin fruchten biedt

Komt dan de hjerst it gea benei
Ferbloeid is ’t mêd gewaaks
Jins maitiidssang fertoarket en wurdt wei

Mar ’t hege reid
Bûcht linich foar de stoarm
En bliuwt steech stean

Sa, yn ’t rûzjen tusken fjild en fliet
Hear ik aloan in liet
Fan rêstleas fierder gean

Binne Lútsen Boarnstra, hy wie in tûke taalmaster, in merakelse muzikant en robúste frijbûtser, of better: in oprjochte non-konformist en bohémien, om der ris sa’n wurd om te sizzen. Hy siet yn de fjirde klasse fan it gymnasium yn Ljouwert, doe’t de strideraasjes mei syn thús sa’n flecht namen dat er op in dei, út protest tsjin de twingerijen fan syn ambisjeuze heit – hy wie learaar oan de ULO en letteroan de HBS – yn it tún, thús, fuort foaroer heite’s studearkeamerglêzen, syn learboeken yn ’e brân stiek, dyselde deis noch op ’e grutte feart oanmeunstere en  lang om let op de Falkland Eilannen by Argentinië bedarre.  Dêr fersylde er as passazjierjend seeman tafalligerwize op in brulloft. Doe’t de gasten fernamen dat er knap piano-, oargel en fioelspylje koe, waard him frege oft er even in brulloftssankje dwaan koe. Wat it wurde moast? Makket net út, rôp de breid. Achter yn de feestseal stie in âld oargel. Boarnstra, net sûnder humor, sette him achter de toetsen, frege om stilte en spile mei flêr ‘Glaasje op, laat je rijden’, mar dan à la Bach. By syn seereizen lies er it oeuvre fan Frederik van Eeden en Dostojevski. Benammen de ideeën fan Van Eeden oer de koloanje Walden makken grutte yndruk.  Wa’t by de dichter oer de flier kaam en dan mei oan tafel skode, dy koe der op rekkenje dat him/har in goed makrobiologysk miel rist waard, it hearde by syn Walden-wrâld. It iten sels, dat  waard optsjinne ûnder bytiden de meast útwrydske en eksoatyske nammen lykas ‘Boarnstra’s aventoerhearlike brannettelstamppot’.

Syn pake en beppe kamen fan Westernijtsjerk en Holwerd, skippersfolk, mei in stel bern dêr’t in kop op siet. Syn heit dy’t ta ûnderwizer learde, krige yn de jierren tritich in baan yn Yndonesië. Yn de Twadde Wrâldkriich bedarre er as kriichsgefangene yn ien fan de ynternearringskampen fan de Jappen, in oanslach dy’t him opskypje soe mei wat men hjoed-de-dei in posttraumatisch stress syndroom neame soe, mar dêr’t eartiids gjin omtinken foar wie, lit stean dat it as sadanich werkend waard. Binne Lútsen wie de jongste yn in húshâlding fan fjouwer bern, de iennige ek dy’t yn Nederlân berne waard. It grutste part fan syn jeugd brocht er troch yn Inkhuzen, Wassenaar en Ljouwert. Ienkear yn Fryslân ferplichte de heit de bern om Frysk te praten; dienen se dat goed, dan krigen se oan ’e ein fan de wike in gûne. Dy twatalige achtergrûn soe letteroan ek nei foaren komme yn syn poëzy. Syn earste Fryske gedichten krigen plak yn it dichtbondeltsje Ut Fryslâns boezem (1971), dêr’t ek Jelle Kaspersma, Tsjêbbe Hettinga, Anne de Vries en Hiske Rypma oan meiwurken. Se koenen inoar fan de kweekskoalle en kofjebar De witte kat yn Snits. Mar it ûnderwiis lei him net, hy hie in ôfgriis fan it jo moatte dit en jo moatte dat. In pear moanne foar it eineksamen – Boarnsta die de kweekskoalle yn Ljouwert – hong er de aktetas oan ’e wylgen. Frijgeast as er wie, sei er: De dichter giet foar de boarger. Om oan de kost te kommen, bestelde er him as beurtskipper (‘As God wyn jout, jou ik seil’), sylynstrukteur, koster en los arbeider. Yn dy jierren wenne er rûnom yn Fryslân, ûnder oaren yn Sânfurd, Brânbuorren, Wâldsein, Makkum en letteroan Starum, allegearre plakken ticht by it wetter, respektivelik by dat fan de Aldegeaster Brekken, de Fluezen, de Sleatter- en Iselmar. Wetter wie de dichter syn wrâld en beweech. Hy feroare der sels syn namme om, Boonstra waard Boarnstra, nei’t er útfûgele hie dat syn fiere foarfaren, oait earne oan de mûle fan it âlde, ta de Middelsee delstreamende rivierke de Boarn taholden hienen. Dat sadwaande.

teiwaar it iis is brutsen
tusken wyn en wetter
fryslân’s buozzem swelt
ûnder hannen fan ’e westewyn

efter de reiden
yn ’e wâl
fine wy no wer skomspoaren
fan harren ivige omgong

Yn 1974 makke er syn Nederlânsktalich debút mei de bondel Onaantastbaar kleinbedrijf, útjûn troch it doe noch selsstannige Bosch & Keuning. It wurk waard yn de Nederlânske media moai posityf ûntfongen. Yn dy dagen ek sette er mei Tsjêbbe Hettinga It Sizzenskiplik Wurkferbân útein, in ‘parapluviusterm foar de noardlike Earder- en Letterkundigenferienheden Lieksa Blieksa Moatsa Hassa Wêzena’, oftewol: Frysk literêr kabaret. Begjin jierren tachtich joech er syn earste Frysktalige bondel yn it ljocht, in lyts, op bûsformaat útjûn boekje, mei de titel Teiwaar: it iis is brutsen (1982). Dêrnei waard it stil. Dat hie syn reden. Boarnstra hie nei it ferstjerren fan syn eks-frou yn 1984 de soarch foar syn twa bern op him naam. Tiid ta dichtsjen wie der eins net. Pas fjirtjin jier letter kamen der nije útjeften, ûnder mear it lange, meartalige gedicht Levensboom der Lage Landen/ Libbensbeam fan ‘e Lege Lannen/ Lowlands’ Tree of live. By de jierren lâns hawwe dêr ferskillende útjeften fan west, ik neam bygelyks it keunstnersboek 1000 stromen land, dêr’t byldzjend keunstner Gerrit Terpstra de yllustraasje by makke.

Skilderij Gerrit Terpsta by it boek ‘1000 stromen land’

It gedicht hie syn oarsprong yn it eardere, út de jierren santich datearjende fers ‘Lykas de rivier’, in tekst dy’t ek al part útmakke fan it niisneamde bondeltsje ‘Teiwaar’. It gedicht ‘Libbensbeam’ is Boarnstra syn magnus opus, it bestiet út in syklus fan 27 twa- en trijerigelige strofen wêryn’t de minsklike geast ferlike wurdt mei in nei see streamende rivierdelta. Mei dit iene grutte, yn mear as ien taal bestavere gedicht hat er winliken in libben lang te set west, in soartemint fan Sisifuswurk, dat tûzen en ien farianten opsmiet. It wie Binne Lútsen Boarnstra syn fariant op das Unvollendete.

Lykas de rivier
yn hieltyd stadiger winingen
syn delling siket
sa streame ús gedachten
út nei de see
en yn it op en del
fan eb en floed
dêr fyn’ wy ús dellinglân
út de tijen fan
har fruchtbere grûn
binne wy hikke en
hinnetein

De poëzy wie him in lyts tabernakel, in dronken meitsjend hillichdom fan wetter en wyn, in tsjinst dêr’t hast alles foar wike moast, hy fielde him der ta feroardiele. It wurk sels beskôge er as ‘it âldste en swierste berop op ierde. It is makliker in klipper fol bern troch in tongerbui te heljen as in gedicht te skriuwen,’ sei er yn in fraachpetear yn de Ljouwerter Krante. ‘Dichtsje is hiel wat aparts. It is in ûntjouwingsproses. Jo skeppe in myte om fia dy myte troch te kringen yn de essinsje fan de poëzy.’ De dichter repte yn dat ferban fan ‘de tredde romte’, in gegeven dat bepaald wie troch de dualiteit tusken minske en natuer. Yn it literêre tydskrift Hjir (nr. 4, s. 31-32, 1997) murk er dêr oer op: ‘Ik beskôgje dy tredde romte as in weinhûs, in smidte of in briedplak dêr’t de dichter nei syn reizgjen troch matearje en geast, ferline en takomst libben en dea, ensfh, hieltyd weromkomt om de bestive en ûntsiele taal op ’e nij ta in besiele ferbân te bebrieden.’ Der siet fan datoangeande in krom Obe Postma yn it tinken fan Boarnstra. Syn tragyk wie lykwols it witten dat it oarspronklike, op ienheid basearre ferbân (yn poëzy en tinken) foargoed ferbrutsen wie. Syn persoanlike libben wie dêr ta in hichte de belicheming fan.

It oeuvre fan de ‘minor poet’, dy’t Binne Lútsen Boarnstra wie, nee, grut is it net, mar fan wearde is it al, al wie it mar fanwegen de ynfloed dy’t it hân hat op it wurk fan dichters as Tsjêbbe Hettinga, Jelle Kaspersma en Bartle Laverman. Hy wist har, sa’t it juster yn de tsjerke fan Marrum nei foaren brocht waard ‘fan poëzy te berûzjen’. Mar boppe-al wie er in baas foardrager, ‘performer’ soe men tsjintwurdich sizze. As gjin oar wist er hoe’t poëzy en muzyk mei-inoar ferweve wienen. Syn foardrachten waarden trochstrings ynlaat mei motto’s lykas: ‘Lit jo aanst troch Binne nei bûten bringe, hoera, hoera, o, spiritus intus alit, of sis mar: de geest voedt zich van Binne’ uit.’ Boarnstra wie in sneuper. Niget as er oan de histoarje hie, hat er him as amateur-histoarikus yngeand dwaande holden mei it Fryske terpelânskip en de ûntjouwing derfan. De leafde foar dat ‘dellinglân’ hie syn oarsprong by wat er ‘it grutte fisioen’ neamde. Dat kaam oer him doe’t er op in dei – it wie net lang nei it ferlies fan syn soantsje – by Aldebildtsyl op it seedyk stie en ynienen ‘seach’ hoe’t it Waad oait ien grutte terp west hie, in machtige seeheuvel, mei trekkende folken en klapwjokjende talen, dêr’t ek it Frysk en it Ingelsk by hearden. Letteroan, doe’t er yn Staveren wenne, sette er him oan syn saneamde ‘ûnderwettergeologyske’ stúdzjes. Benammen it âlde seerjocht fan de stêd Staveren hie syn omtinken. Dat rjocht hie oait in foarbyld west foar de ûntjouwingen fan it seerjocht yn de regio fan de Eastsee, dêr’t Fryslân, sa, yn de lette Midsieuwen bergen hannel mei die. Neist syn besites oan kroech, fiskhannel en sa út en troch in Vrouwtje van Stavoren, wijde Boarnstra in grut part fan syn tiid oan it ûndersyk nei it âlde, midsieuske kleaster Odulf, dat in foech kilometer foar de kust fan Starum lei. By alles wat er boppe wetter helle, krige er by de h.h. akademisy lykwols gjin gehoar. ‘Do moast earst mar ris wat boeken lêze,’ joech professor Breuker fan Fryske Akademy him oait te ferstean, doe’t er de resultaten fan syn stúdzje en ûndersyk by de Fryske Akademy publisearre hawwe woe. ‘Do moast earst mar ris wat boeken lêze.’ It wie as hearde er syn heit wer moanjen en bearen. Dat, út protest tsjin wat er ‘de ‘Binnendykse Akademy’ neamde, rjochte er de ‘Bûtendykse Akademy’ op. Erkenning foar syn dichterlik histoarysk sneuperswurk kaam pas folle letter. Fan’t maitiid ferskynde in part fan syn wurk yn it tegearre mei Klaas Jansma, Dirk Huizinga en Johan Prins skreaune boek Stavoren, hoofstad van de Friese kusten.

Dy wurdearring wie, spitigernôch, net weilein foar syn poëzy. Yn de troch Teake Oppewal c.s. gearstalde Spiegel van de Friese poëzie bygelyks is gjin wurk fan him te finen. Sels yn it literêr-histoarysk oersjoch Zolang de wind van de wolken waait fan 2006, dêr’t de niisneamde Oppewal redaksjoneel yn behelle wie, is gjin wurd wijd oan de persoan en dichter Binne Boarnstra. In blamaazje. ‘Teake Oppewal hat in protte stikken makke, bliksems, de man is in helt yn it achterútliteratuerbefoarderjen,’ fertelde de dichter oait tidens in tocht mei de troch him ‘bekapteine’ pream, wêrmei’t Gerrit Terpstra yn 2007 de ynventaris fan syn tsjerke-atelier yn Ginnum nei Osingahuzen oer fear. ‘Earst waard Jelle [Kaspersma, e.h.] it maaiem yn holpen, Kas’ syn wurk wie neffens Oppewal net de muoite wurdich, it koe dus net yn de Spiegel. Mar Jelle wie in knappe dichter, dy naam fuortdaalks revâns troch it jier dêrnei de Rely Jorritsmapriis binnen te heljen. Mar goed, dêrnei wie ik oan ’e beurt. Itselde lot as Jelle, dus: eksit. Keine Spiegel für mich. It is slim steld, hear, sterker: mei stipe fan de oerheid hat Oppewal – as er yn de spegel sjocht, seit er grutsk: leaver fyn as frij – de Fryske Goelach Argipel stifte. Yn tsjinst fan de oerheid wurde rare dingen dien. Ik ha my der lykwols by dellein, want it is sinleas en stek jinsels noch wer ris de hoarnen yn de Oppewâl, no?’

By de routsjinst yn de âlde, midsieuske tsjerke, heech op de terp fan Marrum, lies Tsjêbbe Hettinga it gedicht ‘Ofskied’ fan Obe Postma, wylst Klaas Bruinsma ‘Fan rêstleas fierdergean’ oer it fuotljocht brocht én it klassike gedicht ‘Kastanjes’ fan Jelle Hindriks Brouwer, mei dêryn dy iene, ferneamde lêste strofe: ‘De dize dript – dan, op ’e stille strjitte, / Knappe kastanjes en de frucht springt bleat. / Mocht sa ús siele út lichems hoalling sjitte. / En glânzgjend iepenboarste yn ‘e dead!’ In feale septimbersinne sylde troch de hege finsters fan de tsjerke. Oargelmuzyk makke syn weagen. Bûten yn it lichte rûzjen fan de linebeammen op it hôf fan Marrum betocht ik my de dichter syn stim en foardracht fan it meartalich brocht gedicht oer ‘de lege lannen,’ syn libbenswurk en slútstik.

Eeltsje Hettinga
http://www.eeltsjehettinga.blogspot.com/

Comments
5 reaksjes oan “Yn memoriam Binne Lútsen Boarnstra”
  1. rymke boonstra schreef:

    Leave Eeltsje,
    Dankjowol! In ere hersteld!
    Grutsk!
    Schipper naast God.
    Groetnis,
    Rymke Boonstra

  2. Wiebe Postma schreef:

    Tige tank Eeltsje foar dizze moaie umskriuwing fan in markant man.

    Myn suster Sietske is ferstoarn yn 1985, net 84. It wie in ramp foar us allegear yn’e famylje, mar benammen fanself foar de bern.

    Wat moai dat Binne op it ein fan syn libben noch meimakke hat dat it boek oer Starum útkaam.

    Mei freonlike groetenis,

    Wiebe Postma, Tilburg

  3. Wiebe Postma schreef:

    Sorry, haw it noch even neisocht. It wie 1986 fan Sietske.

  4. Wies Boonstra schreef:

    Hoi Eeltsje, wij waren niet met 4 maar met 7 kinderen, Binne was de vierde en ik de zesde…hij was mijn liefste broer en we liepen elkaar het huis plat maar later werd dat alles anders. Het hele stuk heb ik nog niet gelezen dus misschien komen er nog meer reakties van mijn kant. Het is prachtig wat je over hem schrijft en dat je al z’n schrijfsels nog gaat uitzoeken. Tige Dank! Ik stuur je een foto van z’n graf in Marrum waar we alle zwerfkeien uit z’n tuin omheen gelegd hebben en ken je z’n gedicht de Wankeljende Wrâlda? Prachtig! Ik kan niet zo goed Fries schrijven hoor….maar dat maakt niet uit.
    Groet van Wies……t’ja een foto hoe ferstoer jo die?

  5. Wies Boonstra schreef:

    Nog even, een foto kin ik fansels wol ferstjure as ik dyn e-mailadres haw……..groetenis Wies of Wytske.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.