Yn it skaad fan de kroanjuwielen

SJOERD BOTTEMA – 

Sa’n bytsje tagelyk mei it ferskinen fan Tsjêbbe Hettinga syn sammele wurk, is it nijste boek fan Jannie Regnerus útkommen. Dat sil wol gjin tafal wêze, want Nachtschrijver is in oade oan de Fryske dichter. Yn it skaad fan de kroanjuwielen, sa soe men sizze kinne.

 

Regnerus observearret en registrearret, har poëzy – want dêr stiet har proaza fol mei – is nergens kryptysk mar altyd ferhelderjend.

 

Regnerus debutearre yn 2005 mei De volle maan als beste vriend, dat in ferbliuw fan twa jier yn Mongolië beskriuwt. In jier letter ferskynde noch sa’n reisboek, Het geluid van vallende sneeuw, no oer Japan. Yn beide boeken giet it om de moeting mei in kultuer dy’t de skriuwster wêzensfrjemd is mar tagelyk o sa fasinearret. Yn Japan is boppedat sprake fan in wûnderbaarlike miks fan âlde tradysje en moderne high tech. It lêste boek waard bekroand mei de VPRO Bob den Uyl prijs, miskien mei fanwege de wat mismoedige sfear dy’t ek sa typearjend is foar de reisferhalen fan Bob den Uyl.

Yn 2010 ferskynde Regnerus har earste roman, De ent, en yn 2013 Het lam. Beide boeken waarden rûnom bejubele. Ek har nijste boek, Nachtschrijver, basearre op petearen mei Tsjêbbe Hettinga krige in posityf ûnthaal.

Yn De ent beskriuwt Regnerus har jeugd- en bernejieren op ‘e Bildtske klaai. Yn Nachtschrijver keart dat elemint werom. Regnerus is hikke en tein yn deselde streek dêr’t Hettinga opgroeid is, it lege keale lânskip fan Noardwest-Fryslân: “Ik ken zijn oerlandschap waarin de wereld niet meer ruimte in beslag neemt dan een kwastbrede streep. Daarboven is het canvas leeg, iedere dag wordt het met andere wolken ingekleurd.”

De skriuwster is fan de bline dichter, ‘Blindman’ sa’t sy him neamt, djip ûnder de yndruk. Fan syn foardracht – “Niet eerder heb ik iemand zo horen voordragen als Blindman. Het is als zingen en huilen tegelijk. Hij spreekt met een urgentie, de woorden lijken van diep onder de graszoden te komen en vanuit zijn voetzolen en benen omhoog te worden gestuwd om als stoom aan het zwarte geisergat onder zijn snor te ontsnappen. Op de lengte van een ademstoot laat Blindman zijn stem door de lucht wentelen, duiken en weer stijgen als de vogels in het gedicht.” – en fan it lytse museum yn syn holle – “Zalen en depots gevuld met stillevens en landschappen, weilanden vol klaver en paardebloem.”

Regnerus skriuwt lykas Hettinga tige byldzjend, mar dêr’t Tsjêbbe Hettinga alle registers iepenlûkt en hertstochtlik pinsielet yn barokke streken en felle kleuren, in oerdonderjend panorama dêr’t de lêzer of taharker it paad maklik yn bjuster rekket, dêr is it proaza fan Jannie Regnerus koel en helder. Regnerus observearret en registrearret, har poëzy – want dêr stiet har proaza fol mei – is nergens kryptysk mar altyd ferhelderjend.

Tsjêbbe Hettinga hat as ferskining, skriuwer en foardrachtskeunstner hast mytyske proporsjes krigen: de bline Fryske bard, dy’t it klinke en daverje lit, fier yn it rûn. Foar dy ‘sound’ hat de skriuwster wol in ferklearring: “Misschien zijn de kleuren in Blindmans herinneringen zo intens omdat ze in de beslotenheid van zijn verduisterde schedel worden bewaard, geen lichtstraal kan de pigmenten vergelen of verbleken. Of komt het doordat de beelden uit zijn jeugd de enige zijn en is zijn collectie als siroop die nooit is aangelengd met water?”

Yn ‘The Church of the Light’, yn de Japanske stêd Osaka, belibbet de skriuwster wat bysûnders. “Het is een kerk zonder raampartijen met vier blinde muren die uit beton zijn opgetrokken.” En dan bart it wûnder: “In de muur, recht achter het altaar, zijn twee kieren in het beton uitgespaard, een lange verticale lijn gesneden door een kortere horizontale lijn, samen vormen ze het klassieke Jezuskruis. De zon perst zich naar binnen en likt aan de randen. Het kruis lijkt vlam te vatten. In geen andere kerk die ik ooit bezocht kwam het goddelijke zo dichtbij als in een kerkbank in Osaka.” Prachtich is it sa’t de skriuwster in ferbining wit te lizzen tusken wat har oerkaam yn dizze bysûndere tsjerke en wat Tsjêbbe Hettinga ûnderfine moast doe’t er stadichwei blyn waard: “Zodra het buiten langzaam donker wordt, begint het kruis te smeulen, uur na uur boet het in aan kracht. Wie lang genoeg in de kerk blijft zitten, ervaart wellicht wat Blindman mee moest maken, alleen achter te blijven in duisternis.”

Oan ‘e ein fan it boek komt dy godlike sensaasje noch ien kear werom. De ikfiguer sjocht op in camping op Flylân om middernacht hinne de bline dichter foar syn tinte sitten, stoarjend nei de moanne: “Ik weet dat Blindman soms het geluk ervaart om de volle maan te kunnen zien. Hoe dat kan is ook voor hem een raadsel, de gloed wurmt zich door een kier in zijn pupillen naar binnen. De aanbidding waarmee hij omhoogkijkt, wekt de indruk dat dit voor hem het goddelijk licht is.”

Men hoecht gjin Tsjêbbe Hettingakenner of -leafhawwer te wêzen om fan Nachtschrijver te genietsjen. It boekje – it is mar tin, goed 100 siden – is sa ryk besiedde mei heldere en rake bylden en formulearrings dat it net yn it skaad fan de kroanjuwielen hoecht te stean: it is in juwieltsje op himsels.

 

Jannie Regnerus, Nachtschrijver. Atlas Contact 2017, €21,99

Comments
Ien reaksje oan “Yn it skaad fan de kroanjuwielen”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.