Yn it Frysk is it noch moaier

Publisearre op 20 februari 2017

SJOERD BOTTEMA – 

Erik of het klein insectenboek is it bekendste boek fan Godfried Bomans (1913-1971). It ferskynde yn 1941 en yn 2013 kaam de 60e printinge út. Yn totaal binne der yn Nederlân mear as 900.000 eksimplaren fan ferkocht. It giet oer Erik Pinksterblom, in jonkje dat himsels op in stuit weromfynt yn it skilderij dat boppe syn bêd hinget: Wolwiid, dêr’t allerhande ynsekten op ôfbylde binne. Dêr belibbet er allerhande aventoeren. Uteinlik bedarret er yn in mierekoloanje. Erik skeakelet de mieren yn om werom te kearen nei de minskewrâld. It ferhaal is ferskillende kearen bewurke foar toaniel, televyzje en film. It berne-iepenloftspul fan Littenseradiel hat Erik spile yn 1993.

 

Tagonklikens hat nei alle gedachten net de earste soarch west fan de oersetter. Hy wol foaral oantoane hoe bysûnder as it Frysk is.

 

De bedoeling fan Geart Tigchelaar (1987) syn oersetting fan Bomans’ ynsekteboek sil wol west ha om der in moai Frysk keunstwurkje fan te meitsjen. Want tagonkliker is it der net op wurden. Even yn alfabetyske folchoarder: in beamimerke, in brims, in eamel, in hipper, in holder, in krob – wat foar bisten binne dat eins? En wêr is elkenien mei dwaande yn Erik of it lyts ynsekteboek? Der wurdt doarme, dikere, kuerd, peazge, geid, kriemd, longere en jotske dat it in aard hat. En dêrby is men tsjok, útskroeven, besjestere, bizich, mûtel, ûnderhearrich, skrutel, krigel, feralterearre of skrillich. Besykje dêr as modale Fries mar ris út te kommen. (Bomans koe der sels trouwens ek wat fan: hy brûkte gauris plechtige taal en âlderwetske wurden. In dogeniet is in ‘schalkse schavuit’ en fynfielend is by him net ‘fijngevoelig’ mar ‘kies’.)

Tagonklikens hat nei alle gedachten net de earste soarch west fan de oersetter. Hy wol foaral oantoane hoe bysûnder as it Frysk is. Dêrby permittearret er him wolris in lytse frijheid. ‘Het duurde geruime tijd’ set er bygelyks oer as ‘it duorre in amerij’, wat net hielendal itselde betsjut mar wol moai Frysk is. En wêr’t Bomans hiel ûnskuldich oer omke Bob seit dat er mei ‘een vrolijke jongedame’ nei Yndië tein is, dêr makket Tigchelaar it ferhaal seksy mei in ‘mûtel jongfaam’. ‘Het groeiende duister’ is yn it Frysk ‘de oantsjusterjende jûn’ wurden en it foarname komôf fan de famylje Van Vliesvleugel blykt yn it Frysk al daliks út de stavering fan har namme: Van Vlueswjuck.

Yn ferliking mei de Nederlânske ferzy’s dy’t ik der by hân ha, de 26e druk fan 1963 en de 57e edysje (yn it ramt fan de aksje Nederland leest) fan 2013, is de Fryske útjefte rynsk foarsjoen fan orizjinele en grappige yllustraasjes (fan Nina Peckelsen), dy’t soms in hiele side of sels twa siden beslaan. De tekening fan de deftige wesp strielet ien en al foarnamens út en it plaatsje fan de dûnsjende deagravers lit dúdlik sjen dat it gjin deabidders binne. De sêne mei de deagravers smyt ek ien fan de aardigste passaazjes yn it boek op:

 

‘Wy ha eins mar ien winsk,’ sei de earste deagraver, dy’t meilijen like te krijen, ‘en dat is dat jo deagean. Dan kinne wy teminsten wer fierder mei it wurk.’

‘Mar ik gean net dea!’ rôp Erik.

‘Ho, ho!’ sei de deagraver mei in glimke, ‘sis dat net al te gau. De saak kin noch in geunstige draai nimme. Hoe faak ha wy it net meimakke dat ien noch efkes bykaam, ja, sels noch wat omrûn en dan foar altiten lizzen gie. It kin allegear noch samar goed beteare. Ik sis altiten mar: salang’t der libben is, is der hoop.’

 

De Fryske ferzy hat ek in rommere bledspegel mei bredere marzjes en in gruttere rigelôfstân. Dat makket it lêzen wol sa komfortabel. Al is it wol spitich dat de lofrede fan Midas Dekkers en de foarwurden ûntbrekke.

Tigchelaar wûn mei syn oersetting de Obe Postmapriis 2016. Harke Bremer en Jarich Hoekstra har oersetting fan Marten Toonders De vergelder wie dêr ek foar nominearre. Beide oersettings geane werom op in kwa taalgebrûk argaysk orizjineel dat gâns mooglikheden jout ta it bespyljen fan in wat âldfrinzich taalregister. Dat bart firtuoas. De oersetting – en dat jildt foar Bremer en Hoekstra likegoed as foar Tigchelaar – docht net ûnder foar it orizjineel. Yn it Frysk is it miskien noch wol moaier.

 

Godfried Bomans, Erik of it lyts ynsekteboek. Oersetting: Geart Tigchelaar. Yllustraasjes: Nina Peckelsen, Utjouwerij Regaad 2015, €15,00

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels