Yahya Hassan, de angry young man fan de Deenske poëzij

Publisearre op 22 augustus 2014

EELTSJE HETTINGA – 

Ofrûne simmer waard er by in op safe gokkend Poetry International yn Rotterdam bûten de doar holden: de Deensk-Palestijnske dichter Yahya Hassan (19), de angry young man fan de Deenske poëzij. ‘Vind je hem zo goed dan,’ sei in knap earmhertige en bornearde Bas Kwakman, direkteur van ‘Poetry’, oer dy ôfwizing. Yn syn spraakmeitsjende debútbondel Gedichte (2013) jout Hassan yn in lange stream fan ferheljende poëzij stim en lûd oan it geweld, de krimininaliteit en de moslimreligy dêr’t er mei grutbrocht waard. Hy is de dichter fan de botsende beskavings, de slachter dy’t beknypt as er is yn de knier tusken twa kultueren lucht jout oan syn woede tsjin syn âlden, in moslimgeneraasje dy’t mei de hân op de koran sa’n bytsje alles docht wat dyselde koran ferbiedt.

Fan de goed 160 siden tellende bondel Gedichte binne allinne al yn Denemarken – it lân hat goed fiif miljoen ynwenners – mear as hûnderttûzen eksimplaren oer de toanbank gien. It debút is wilens bekroand mei de Deenske debutantenpriis, de Politikens Litteraturpris en de Weekendavisens Litteraturprisen. Bûtenlânske útjouwers rûkten by sokke ferkeapsifers fansels pekunia. Lit dat sa wêze, Hassan’s kontroversjele poëzy stiet en kin der op troch. De dichter hat wat te fertellen. Yndrukwekkend binne syn beswarrende, as litanijen brochte foardrachten. Wat in kracht, wat in stim! Wat in ritme, wat in rep!

remcocampert

Remco Campert

De sterk autobiografyske fersen kypje der út troch harren krêftige toan en emosjonele fûleinigens. Yn in fraachpetear mei de VPRO sei Remco Campert, de grand old man fan de Nederlânske poëzy, oer it wurk fan Hassan: ‘Een explosie van poëzie. Het gaat [in de bundel, e.h.] in één stroom door, ik heb daarin eigenlijk geen zwak moment ontdekt, zo sterk. (…) Ik moest aan Jean Genet denken die ook een misdadig leven had, die ook diezelfde kracht had. Een groot schrijver wat deze dichter ongetwijfeld ook is.’

 

Geweld

De dichter groeide op yn de achterbuerten fan de Deenske havenstêd Aarhus, yn in húshâlding dêr’t slaanderij skearing en ynslach wie: FIIF BERN OP IN RYCHJE EN HEIT MEI IN KNEPPEL / RUNOM MOARTSJEN EN IN POEL FAN PIS / WY STUTSEN OM BAR IN HAN UT / OMWILLE FAN DE FANSELSSPREKKENDHEID / DAT LUD AS DER IN KLAP FALT…”, sa geane de earste rigels fan it iepeningsfers ‘Jeugd’ yn Gedichte, dêr’t útjouwerij De Bezige Bij fan’t maitiid in Nederlânske oersetting fan yn it ljocht joech. As puber makke Hassan syn skoalle net dien, bedarre op it kriminele paad, – allessizzend binne ferstitels as ‘Politiejacht’, ‘Poging tot roofoverval’ en ‘Politiecel’ – hie allegeduerigen de plysje om ’e teannen, dealde en blowde him suf oant er lang om let nei in gesticht foar ‘moeilijk opvoedbare kinderen’ stjoerd waard. Dêr wiene, tafallich, boeken, boeken dy’t him in útwei beane, neidat er ienkear de smaak fan it lêzen te pakken hie. Hy lies Dostojevski en Walt Whitman, ûntduts de poëzij fan de jong ferstoarne Deenske dichter Michael Strunge (1958-1986) en begûn sels te skriuwen.

De bondel Gedichte soarge ferline jier foar in soad opskuor. De dichter syn krityk op de skynfrommens en it geweld binnen it Deenske moslimmiljeu waard him net yn tank ôfnaam. Hy waard mei de dea bedrige, waard op it treinstasjon fan Kopenhagen nadere troch ien of oare wyldeman, rekke by dy oanfal sa ferwûne dat er yn it sikehûs bedarre. De dieder gyng foar fiif moanne de bak yn. Ek waard er troch in lokale Deenske moslimpolitikus oanklage fanwegen rasisme, de man woe hawwe dat de dichter yn syn oerdiel oer de generaasje ymmigranten dêr’t syn âlden ta behearre ‘te generalisearjend’ wie. Dêr’t de plysje him eartiids achter de fodden siet, dêr hat de dichter dyselde Hermandad hjoeddedei hurd nedich as befeiliger en liifwacht. Sûnder kûgelfrij fest kin Yahya Hassan net mear de strjitte op.

omslach bondelOer syn tirades tsjin de dûbele moraal fan de moslimreligy, sa’t er dy sjocht, wjerfart en belibbet, liet er yn in ynterview mei NRC (12-06-2014), moai relativearjend, witte: (…) Voor de duidelijkheid: ik ben geen islamcriticus. Ik ben iemand die zo nu en dan een gedicht schrijft. De dingen die ik bekritiseer, hypocrisie, geweld en fraude, zijn niet aan moslims of de islam voorbehouden. Dat is menselijk gedrag dat je bij allerlei soorten mensen en verschillende religies terugvindt. Maar ik ben niet christelijk of joods, ik kom uit een moslimgezin. Dat is mijn achtergrond, daarom praat ik erover. Ik heb niet de referenties om over andere dingen te praten.’

 

 

 

Kapitalen

Wa’t Gedichten lêst, wurdt gewaar dat Yahya Hassan oer alle boegen de dichter fan de botsende beskavings is, in dichter dy’t stim en foarm jout oan in hybride identiteit, ynbegrepen alle derby hearrende twivels, ferskuord as hy en syn generaasje binne tusken twa of mear kulturen, religy’s en politike systemen. Fral de earste generaasje ymmigranten, dy fan syn âlden, hat de oanstriid en slút harsels op yn in ghetto, it ghetto fan de eigen islamityske wearden, fier fuort fan alle ‘ferdjerlike’ Westerske ferliedings. Sa is der by Hassan it tema fan it jin net thús fiele kinnen, net yn Denemarken en likemin yn it lân fan syn âlden, de Gaza. It komt ûnder oaren nei foaren yn it lange, tritich siden tellende slotgedicht. Derút it neifolgjende taalferhaspeljend fragmint:

MY IK BIN DE IDIOATE SOAN
MY IK HAW RUILE MYN TRENINGSBROEK
FOAR SIVILISEARRE EN PASSENDE STRAKKE SPIKERBROEK
MY IK BEKAMP JIMME MEI WURDEN
DY’T JIMME BEANTWURDZJE SILLE MEI FJOER
MY IK BIN KAFFER MY IK BIN MUNAFIQ
MY IK BIN HUN
MY IK BIN SMOARCH MYN SIEL IS ROPPICH
EN NEIST AL DY MISDIEDEN IK TE SLOMJEN SIT YN
DE FOARJIERSSINNE

De rigels roppe assosjaasjes op mei dat iene magistrale ‘Rotterdamske’ gedicht ‘Mi have een droom’ van Ramsey Nasr: (…) mi was nog maar een breezer als mi moeder zo zei: “azizi / doe gewoon jij, doe je gekke shit genoeg, wees beleefd, maak geen tsjoeri / toon props voor je brada, zeg ‘wazzup meneer’, ‘fawaka’ – en duh / beetje kijken op di smatjes met ze toetoes is no trobbi / beetje masten, beetje klaren & kabonkadonk is toppi / aber geef di goeie voorbeeld, prik di chickies met 2 woorden.” /

De poëzij fan de Deensk-Palestijnske dichter is bepaald gjin estetysk spul fan keunst-om-de-keunst, mar beslacht de rauwe werklikheid sels. Yn dy sin giet it eins om in foarm fan anty-poëzy. Syn sprektalige, sterk ritmyske en yn kapitalen skreaune gedichten dy’t sûnder ynterpunksje binne, litte ek tinke oan it betide wurk fan de dichters om it Fryske tydskrift Quatrebras hinne, yn it bysûnder oan de rebelske, ûnbekappe hurd realistyske fersen fan Fryslân’s grutste nei-oarlochske skriuwer Trinus Riemersma (1939-2011), en oan de poëzy fan Hessel Miedema, fan wa’t ik hjir in tal rigels oanhelje út Fers II  ( Op ‘e literaire toer. s. 15): ‘Mar oeheden / oeheden / as jim it besteane / en miene dat dit alles ivich is / HWANT IVICH BIN IK ALLINNICH / JIMME DEADEN DEA // oeheden / as jim it besteane / en miene dat Gods ljocht / út jimme bline eagen skynt // dizze pretinsje sil  / nammentlik net dulde wurde //. Ek al sit der tusken Hassan syn fersen wolris in misprint, want bytiden wolris tefolle ‘skreau’, dochs steurt dat net, al wie it mar omdat hy sjen lit dat alle goede literatuer foar net in lyts part de utering is fan in (altiten problematyske) minsklike frijheid.

 

Poetry International

Bas-Kwakman_poetry

Poetry-direkteur Bas Kwakman.

Nettsjinsteande alle prizen en lofsjongen krige de Deenske ymmigrantensoan dizze simmer net de kâns syn lûd op Poetry International nei foaren te bringen. ‘We hoorden pas dat Hassan naar Nederland kwam toen wij het programma al klaar hadden. Hij kon er niet meer tussen,’ wie it earmhertige en bornearde sizzen fan Poetry-direkteur Bas Kwakman. Op de fraach fan De Bezige Bij oft it programma net omsmiten wurde koe, liet de op safe en feilich(heid) gokkende Kwakman witte, en ik sitearje de Volkskrant: ‘Daar zagen wij, na lezing van de bundel, geen aanleiding voor. Vind je hem zo goed dan?’ It iennige wat ‘Poetry’ de dichter biede woe, wie in achterôf-plakje yn it festivalkafee. Dank je de koekoek, sei útjouwerij ‘De Bij’, eksit ‘Poetry’ foar Yahya Hassan.

By Poetry sil men mooglik benaud west hawwe foar rellen en reuring, dat is te sizzen, benaud foar de mooglikheid dat bygelyks in steltsje idioate, rjochts ekstreme figueren of groepen, dy’t de krityk fan Hassan op de moslimmienskip foar eigen doelen misbrûke, it feestje fan Poetry ferbruie kinne soene, op in manier sa’t de dichter-essayist Benno Barnard dat net al te lang ferlyn ûnderfûn, doe’t er by in debat oan de universiteit yn Antwerpen mei de dea bedrige waard, ûnder mear nei oanlieding fan syn krityske Islamlêzing mei de iroanyske titel: Leve God, weg met Allah. Ynstee fan in ferfestivalisearring fan de poëzij, – de dichter as entertener, it gedicht as ferdivedaasje, om it oer de dichters mei in winkeltsje mar net te hawwen, want dy hâlde har op de mominten suprême altiten stil, lykas by Hassan syn eksit by ‘Poetry’ – ynstee fan dy ferfe(r)stivalisearring dus soe de literatuer dochs ek it debat losmeitsje moatte. Poetry International hie dêrta de kâns hân.

De poëzy fan Hassan inkeld mar ôf te wizen, omdat syn sa goed ferkeapjend wurk de frucht fan wêze soe fan in hype-meitsjend p.r.-offensyf fan trochtrape (bûtenlânske) útjouwers, dat is nochal koart troch de bocht. Fan datoangeande bin ik it iens mei it kommintaar dat Remco Campert yn dit ramt nei foaren brocht: ‘Ik geloof toch vooral dat het de poëzie zelf is en een wereld die men niet kent, natuurlijk. (…) Ik vind het pleiten voor de Denen, om welke reden ze zijn werk ook lezen.’

 

 

JEUGD

FIIF BERN OP IN RYCHJE EN HEIT MEI IN KNUPPEL
MOARTSJEN TE OER EN IN POEL FAN PIS
WY STUTSEN OM BAR IN HAN UT
OMWILLE FAN DE FANSELSSPREKKENDHEID
DAT LUD AS DER IN KLAP FALT
SUSTER DY’T HURD HINNE EN WER HIPT
FAN DE IENE FOET OP DE OARE
DE MIICH AS IN WETTERFAL BYLANS HAR FOET
EARST DE IENE DAN DE OARE
DUORRET IT TE LANG DAN FALLE DE KLAPPEN YN ’T WYLDE WEI
IN KLAP IN GJALP IN GETAL 30 OF 40 SOMS 50
IN LESTE KLAP TSJIN DE KONT OP WEI NEI BUTEN
HY PAKT BROER BY DE SKOUDER EN HYST HIM OEREIN
GIET FIERDER MEI SLAAN EN TELLEN
IK SJOCH FOARDEL EN WACHTSJE OANT IT MYN BEURT IS
MEM SMYT OP DE TREPPEN BUORDEN STIKKEN
WILENS DOCHT AL JAZEERA STREEKRJOCHT FERSLACH
HYPERAKTIVE BULLDOZERS EN FERRIPTE LICHEMS
DE GAZASTROOK YN DE SINNE
FLAGGEN SLANE FLAM
AS IN ZIONIST US BESTEAN NET ERKENT
AS WY UBERHAUPT BESTEAN
WANNEAR’T WY RIDELJE FAN EANGST EN PINE
WANNEAR’T WY OM SIKEN OF IN REDEN GAPJE
OP SKOALLE MEIE WY GJIN ARABYSK PRATE
THUS MEIE WY GJIN DEENSK PRATE
IN KLAP IN GJALP IN GETAL

 

 

SKOTELANTENNE

WY HIENEN GJIN DEENSKE STJOERDERS
WY HIENEN AL JAZEERA
WY HIENEN ALARABYA
WY HIENEN GJIN PLANNEN
WANT ALLAH HIE GRUTTE PLANNEN MEI US
HEIT NAAM MY MEI NEI DE HILLIGE MOSKEE YN DE HILLIGE MOANNE
ELKE JUN NEI IT ITEN DIENEN WY US GEBED
WY BIDDEN OANT WY NET MEAR OP US FUOTTEN STEAN KOENEN
WY BLEAUNE MAR BIDDEN EN IK KRIGE IN KOLA EN IN KITKAT
HY WAARD IN OAR YN DE MOSKEE
GODSFRUCHTICH EN LEAFDEFOL
IK SIET TUSKEN SYN FUOTTEN
LINE TSJIN SYN BOPPELIIF
IT WIE DERRE TIDENS DE PREEK BY DE IMAM
DAT ER MY PARTE
DOE’T WY NEI HUS RIEDEN FOEL IK UT DE AUTO
IK TOCHT DAT DER PARKEARJE WOE
MAR IK IEPENE IT PORTIER YN IN U-BOCHT

 

 

Oersetting: Eeltsje Hettinga

Yahya Hassan, Gedichten

Utj. De Bezige Bij, Amsterdam 2014

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels