Wurdearring foar it ‘ûnsichtbere’

MONIQUE FLINKER – 

Skriuwe is in ûnsichtber fak, fynt Floortje Schoevaart (38). Of net? De Amsterdamse tekstskriuwster dy’t sûnt koarten yn Waskemar wennet, wûn dit jier de Willem Wilminkpriis.

It berneliet ‘Op de markt’ fan Schoevaart koe op de measte wurdearring rekkenje fan de sjuery. Dy wie entûsjast oer de ferskate emoasjes dy’t it liet – skreaun foar in ôflevering fan Sesamstraat – behannelet. Schoevaart makke dêrfoar gebrûk fan har eigen ûnderfinings: in bern rint op de merke, tinkt dat it harren beppe sjocht en rint der op ôf. Mar dan docht bliken dat in hiel oar persoan is. En dat kin ek net oars, want beppe is in skoft lyn al ferstoarn. It is in werkenbere sitewaasje, tinkt Schoevaart. Sels hat se it ek alris meimakke.

It liet – mei muzyk fan Henny Vrienten – ‘besjongt’ emoasjes as fernuvering, ferrassing, fertriet, gelok, teloarstelling en treast. Is dat net wat swier foar in berneliet? Nee, fynt de skriuwster. Ast se ien ding leard hat, is it wol dat bern mear begripe en oer mear swiere ûnderwerpen neitinke, dan dat wy ‘folwoeksenen’ allegear tinke. ‘De grootste valkuil is om alles overdreven simpel neer te zetten’, seit Schoevaart. En dat betsjut dat der bêst drege wurden brûkt wurde meie. En ek grutte ûnderwerpen lykas de dea hearre derby.

Schoevaart skriuwt ûnder oaren teksten foar it berneprogramma Sesamstraat. Earder alris stjoerde se in liet yn foar de Willem Wilminkpriis. Dy wurdt sûnt 2010 om de twa jier útrikt foar it bêste berneliet. De priis is ferneamd nei de Twentske skriuwer en dichter Willem Wilmink (1936-2003). Schoevaart wie al earder nomineard, mar it is de earste kear dat se ek wint. ‘Het is super om waardering te krijgen. Helemaal met een jury van mensen die je hoog hebt zitten’.

Ferwachte wie it net, se hie der wol op hope. Oare kearen kaam it berjocht dat se yn de finale siet namentlik folle earder. Dus rekkene Schoevaart der dit kear al net mear op. Mar ynienen kaam it blide boadskip dochs noch: se wie de winner. Njonken de ear hat se in jildpriis fan 5000 euro en in byld, makke troch keunstner Helga Kock am Brink, krigen.

It skriuwen siet der altiten wol yn by Schoevaart. Al op jonge leeftyd wie se dwaande mei taal. Dochs seach it nea as in berop. Se hat in jier yn België studearre, foar bistedokter. Mar se koe dêr har draai net fine. Nei in jier kaam se werom nei Nederlân en starte se mei de Pabo. Dêrnei folge noch in stúdzje Nederlands. Leitsjend: ‘Toch weer die taal hè.’

Mei in freon begûn se in freelanceburo foar saaklike teksten. En fan dêrút boude se in libben op fan it skriuwen. Bern hawwe altiten in ynspiraasjeboarne west foar Schoevaart. De iepen blik fan harren makket dat se noch alle kanten útkinne. Dat brûkt de skriuwster – sels mem fan fjouwer – yn har lietsjes. Sa hearde se in skoft lyn twa bern opskeppe oer harren heiten. ‘Us heit kin dit. Mar ús heit kin dit.’ Dizze sitewaasje wie de oanleiding foar Schoevaart om der in liet oer te skriuwen. En sa binne der mear foarbylden.

Njonken tekstskriuwster is de ynwenster fan Waskemar ek deifoarsitter en kolumniste. En se jout ien dei yn ’e wike les op de wykeinskoalle yn Grins. Dit is in skoalle foar bern sûnder netwurk. Sy krije op sneon en snein les fan bygelyks in arsjitekt of in dokter. Op dizze wize kinne de bern in better kar meitsje foar harren takomst. Schoevaart is mentor fan in klasse. ‘Ik vind het fantastisch om de kinderen te begeleiden en inspireren, terwijl de hele wereld nog voor hen open ligt.’

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.