fotografy: Wiki Commons

Wosken ear fan Nelson Mandela

BOUKE VAN DER HEM – 

Yn de boppestêd fan Pretoria stiet in kolossaal stânbyld fan Mandela, net mei de fûst omheech mar earder yn in segenjende hâlding. Hy sjocht by wize fan sprekken it hear ûnder him oer, hâldt tafersjoch op it bedriuwige sintrum fan de stêd. En yn syn rêch regearingskantoaren. Sa sil ‘t bedoeld wêze en ek útlein wurde op de populêre hop on/hop off-busstour. Lykwols, doe’t wy der wienen, foel der mar in bytsje te beleven of te besjen: Apeldoorn op in hjerstdei.

It moast folslein neutraal bliuwe, gjin beafeartsplak of hotspot wurde foar beskate persoanen of groepearringen.

It ferhaal wol dat it bewâld der wisberet op tasjoen hat – nei Mandela’s emoasjonele frijlitting (18 fan syn 27 jierren finzenis) op Robben Island, syn bejubele weryntreden yn de polityk (1994), respektearre weromtreden 5 jier letter en ferstjerren 14 jier dêrnei – dat it stânbyld sjoen waard en bleau as in monumint fan fermoedsoening, foar swart, kleurling en wyt. It moast dêrta folslein neutraal bliuwe, gjin beafeartsplak of hotspot wurde foar beskate persoanen of groepearringen: gewoan in grutte man, sûnder opskriften, tierelantyntsjes ensa. Mar as it sa krampachtich moat, sil soks fansels misbeteare en dat barde fuortendaalks, noch foar de ûntbleating.

Yn ‘t foar wie it de útfierend keunstners Janse van Vuuren en Prinsloo ferbean in hântekeninkje te setten, dat mocht sels net yn de seame fan Nelson syn broek. De byldhouwers meie dan yn in kreatyf korset sitten ha, sy lieten har úteinliks net yn it pak naaie: Mandela krige ear’t er oerein set waard in beskaafd behindich, brûnzen knyntsje (‘hasie’ op syn Afrikaansk) yn it rjochter ear ferstoppe. Nimmen dy’t it ommers sjocht, mar it gebaar en gefoel is der neigeraden grutter om. En boppedat: wie it ek net tagelyk in skarlúnske knypeach nei de tûzen hasten, wêryn’t sy it wurk dienmeitsje moasten?

In dei nei de begraffenis waard it byld ûntbleate.

En daalk by ûntdekking waard it ear fan hegerhân wer frijmakke: it symboal fan de anty-apartheid soe yn elk opsicht neutraal – en sadwaande yn sekere sin anonym – op syn sokkel stean bliuwe!

Goed besjoen in gotspe. Mar dat lêste – kritysk beskôge – ek wer net hielendal. Syn duo-presidintskip mei Frederik de Klerk boude fierder op de ôfskaffing fan de apartheid, dat as in ‘ûnûntkomber merakel’ falt te bejubeljen. Mar fierders koe der net safolle ta stân brocht wurde of it moast yn tige lytse stapkes. Dat sadwaande sit de grutte ynfloed ‘m net yn de ynhâld fan it krewearjen as presidint, mar yn de symboalfunksje fan: finzen swarte strider dy’t it ta presidint brocht. En sa besjoen siet it polityk hichtepunt fan Mandela yn de earste tel fan syn frijlitting. Watte: de monumintale man wie doe al 75 jier!

Tsjintwurdich kinne jo – as je gelok hawwe en it tripke net folboekt is – hop on/hop off Robben Island dwaan, wilens de Tafelberg fotografearje, it balkon yn Kaapstêd spotte dêr’t er syn earste frije taspraak hold en him dêrby alle ear jaan.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.