De wolken fan Wiebe Dooper

RYNK BOSMA

In bern dat neist syn mem yn it hege gers nei de wolken yn de loft sjocht en beneamt wat hy yn de foarmen fan dy moaie wolken sjocht. En dan: ‘Toen kwam de tijd dat ‘k niet naar boven keek’ sa’t Martinus Nijhoff (1894-1953) dat ea opskreau yn syn gedicht De Wolken. It is gjin tafal dat dichter Wiebe Dooper dit it alderbêste fynt dat ea yn it Nederlâns taalgebiet skreaun is.

 

Dichten is in fak, dat ha je net samar yn ‘e macht. Ik ha wol hûndert gedichten makke en ha se allegearre fuortgoaid as ‘prebearsels’.

 

It stiet ek op de thússide fan de Stichting Langstme dy’t op snein 1 july in literêr program hâldt ûnder de namme In Ons Element yn it ramt fan LF 2018. De fjouwer oereleminten Fjoer, Ierde, Ljocht en Wetter steane sintraal by de tsien oant fyftjin dichters dy’t der oan meidogge. Op ien middei reizgje sy mei in bus lâns Wiuwert, Arum, Warkum, Heech.

Dooper is kultuerhistoarikus en sûnt in jier as trije skriuwt hy ek gedichten. Op 22 april kaam syn twadde bondel Het is er út. Yn 2017 seach syn debútbondel Het doet ertoe it deiljocht. “Dichten is in fak, dat ha je net samar yn ‘e macht. Ik ha wol hûndert gedichten makke en ha se allegearre fuortgoaid as ‘prebearsels’. Der moat ritme ynsitte.”

Op besite yn it Flaamske lân by famylje wie trije jier lyn de earste oanset om sels gedichten te meitsjen. Dy Flaamske taal hie Dooper yn de besnijing krigen en fan it ien kaam it oar. Wat skriuwen oanbelanget hie de yn 1957 yn Snits berne Dooper al de nedige boeken op syn namme stean mei ûnder oare De stabijhond Bijke in alle opzichten en Sneek in de 20ste eeuw. Ek syn beide dichtbondels hat hy yn eigen behear útjûn.

Dooper is in man fan útsprutsen, eigen mieningen dy’t in skerp analitys each hat foar maatskiplike ûntjouwingen yn Fryslân yn de lêste fyftich jier. Guon fan dy maatskiplike oergongen hat Dooper ferwurke yn Het is er. De oergong fan boere-arbeider nei it leanbedriuw, de persoanlike arbeidsferhâldingen wurde hieltiten mear oan ‘e kant skood troch arbeidsferhâldingen op ôfstân. En tink no net dat de tiid fan foar 1968 op in rôze wolk setten wurdt. Bygelyks yn it gedicht Hondenbrood dat eins oer syn mem giet:

 

De melkmeid eet het brood van de hond.

Laat ’t de boer niet zien.

Een oude gemeenschap kent geen gelijke waarde.

Die meid: zij was mijn moeder.

 

Neffens Dooper ferdwynt de yllúzje fan de ‘maakbaarheid’ fan de maatskippij tagelyk mei de lêste dagen fan it kabinet Den Uyl (1973-1977) en makket plak foar in foarm fan ‘consumentisme’ dat noch altiten tanimt. Yn syn gedichten plukt Dooper stikjes út hjoed en juster, út de wrâld om him hinne, en dat koart om de hoeke, sûnder de moaiskriuwerij fan franjes en frutsels. It binne stekwurden dy’t komponearre wurde yn in bepaalde folchoarder dy’t it gehiel it ritme fan de taal jaan wol, mei dêryn betiden in eigen miening ferweve.

Wat dat oanbelanget hat Dooper ek in hiel eigen miening oer de dichters fan hjoed. Foar him is de stedsdichter Margreet Schouwenaar fan Alkmaar de ‘top’. “It libben yn ien, gjin opsmuk, taal mei in hege suverheid.” Want Dooper wit dat je as dichtend mins je kwetsbere kant sjen litte, de holle op it hakblok fan oare smaken. Mar hy treast him mei de opmerking fan Pierre Jansen yn it yn it ferline sa populêre keunstprogramma Kunstgrepen: ‘Kunst doet wat met je of niet’. En sa is it mei gedichten ek.

Dooper is in man fan tsjinstellingen, oan de iene kant mei in dúdlike miening oer bygelyks de sloep:

 

Tuffen in een sloep is geen pleziervaart

Het is als een glas wijn dat nooit smaakt. 

 

Oan de oare kant de leafde foar de wetterhûn Roade: eigensinnich, net te stjoeren en ticht by de grûn bliuwe. It is as tekent hy himsels út.

Wiebe Dooper, dreamer en dogger yn ien persoan, romantikus en realist, it bern dat nei de foarmen fan de wolken sjocht striidt mei de folwoeksen man dy’t de wolken fan syn bernetiid en de wolken fan no mei eigen wurden foarm jaan wol. Om sa de tiid ‘dat ‘k niet naar boven keek’  fêst te lizzen yn Het is er.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.