Wilco Berga bringt cd út

Publisearre op 2 april 2013

TSJOMME DIJKSTRA – 

De Harnzer dichter, skriuwer en keunstner Wilco Berga bringt yn de simmer in cd út mei eigen lieten. Berga hat it grutste part fan de lieten (tekst en muzyk) sels skreaun. Twa lieten binne oersettings fan Jacques Brel en der is ek in cover fan Bob Dylan by, mei in eigen tekst. De teksten binne Frysk, Snitsers en (ien nûmer) Nederlânsk. De nûmers binne al fierhinne opnommen. Berga tinkt dat de cd oan de ein fan de simmer op de merk brocht wurde kin. De presintaasje derfan sil wêze ûnder in optreden. 

Wilco Berga is it meast aktyf as dichter en keunstner, mar yn 1998 naam hy in twatalige cd op mei Ernst Langhout (‘Sjonger en Dichter’). Op dy cd wie Langhout as sjonger en muzikant te hearren, wylst Berga gedichten foardroech. Op de nije cd hâldt Berga syn útfiering fan de teksten it midden tusken foardracht en sang. Ofrûne jier skreau Berga al lietteksten foar Tet Rozendal foar de foarstelling ‘It wûnder út ‘e Wâlden’. No wied er der oan ta om sels in muzikaal produkt te meitsjen.

De lieten binne allegear opnommen yn de muzykstudio fan Hans Wijnbergen yn Harns. Se wurde dêr ek mikst. De teksten fan de lieten gean oer tema’s as libben en dea en leafde, de tema’s dêr’t it ek yn Berga syn literêre wurk om draait. De muzyk giet de kant fan it ‘chanson’ út. Begeliedende muzikanten binne û.o. akkordeoniste Geppy Haarsma, bassist Campbell Forbes en pianist Hein Jaap Hilarides. De namme fan de cd is noch net bekend.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels