Wij … jullie …

Publisearre op 14 december 2015

ELSKE SCHOTANUS – 

Ek ik haw it lykas safolle oaren oait foar de Nederlânske list lêzen, want it is sa’n lekker tin boekje, de yn 1948 ferskynde debútroman fan Hella S. Haasse oer de freonskip tusken in Nederlânske jonge, soan fan de administrateur fan in teeplantage en Oeroeg, it âldste jonkje fan harren Javaanske tsjinstfaam. De toanielbewurking – boartlik en muzikaal en yn in eigentiids jaske – makket dúdlik hoe aktueel de tematyk fan it boek, dat yn it Nederlânsk-Ynje fan de jierren tritich en fjirtich spilet, noch altiten is.

De beide spilers spylje elk net sasear in rol, mar fertelle tegearre in ferhaal. It spilet tsjin it achtergrûndekôr fan in breed, healrûn skerm dêr’t, as de foarstelling útein set, in enoarme rôffûgel op oanfleanen komt, dy’t, tegearre mei it byljen fan akteur Leopold Witte en akteur/muzikant/komponist Helge Slikker, de natoer en de mystyk ferbyldet fan it lân dêr’t de ik-figuer hikke en tein is. ‘Oeroeg was mijn vriend’, sa seit de ferneamde begjinrigel fan it boek en mei dy wurden begjint ek de teatermonolooch. In monolooch, want al spilet Helge Slikker, meast yn losse opmerkings de rol fan Oeroeg, is er de haadpersoan syn heit of oare persoanaazjes, it giet benammen om de rekonstruksje fan in freonskip ferteld út it perspektyf fan de haadpersoan wei.

Hy en Oeroeg groeie tegearre op. Jilde foar bern kultuerferskillen net, spylje status of komôf gjin inkelde rol, neigeraden de jonges âlder wurde, wurde sy har dêr stadichoan fan bewust. Dat jildt benammen foar Oeroeg dy’t yn de underdogposysje sit. De haadpersoan wit wol fan de ferskillen, mar al heart er syn âlden oer dy ‘inlandse jongen’ praten, hy beseft dy amper. ‘Oeroeg was mijn vriend’.

Op in libbengrut skerm is de driging fan kolkjend wetter te sjen, in foarútwizing nei de kaaisêne wêryn’t de administrateur en syn gasten yn in marke yn de buert swimme sille. Deppo, Oeroeg syn heit, wurdt ynskeakele om it selskip nei de midden fan de mar te bringen. Nei Deppo syn warskôging dat it bamboeflot fermôge is, wurdt, superieur men har fielt, net harke. As it flot út elkoar falt en de haadpersoan driget te fersûpen, is it Deppo dy’t it jonkje boppe wetter hellet, mar de rêding kostet himsels it libben. En dat hat as gefolch dat, mei it ferlies fan de kostwinner, de Javaanske húshâlding yn ’e bedelte rekket.

Dochs kin de flugge en linige Oeroeg, in goede tekener en yn it besit fan in goed stel harsens, mei tank oan in mesenas, in oplieding as arts dwaan. Poer is de haadpersoan as hy, nei syn HBS-jierren as ‘Europeaan’ achte wurdt yn Nederlân in stúdzje te folgjen. Hy is ommers thús yn Ynje en Oeroeg is, sjoen de ferhâlding mei de âlden, alles wat er hat. Al is de ôfstân tusken beide jonges stadich grutter en grutter wurden, de oarsaken dêrfan hâldt er him net mei dwaande, sterker noch: hy beseft se net iens. It is Oeroeg dy’t oer ‘wij’ en ‘jullie’ praat.

Nei acht jier komt er, ôfstudearre as yngenieur, werom. De Twadde Wrâldkriich is foarby en Japan hat kapitulearre. It binne de bylden op it skerm dy’t nei de skiednis ferwize: soldaten, stêden, liken, alderhande groepsportretten, alles fanút it perspektyf fan de Yndyske befolking dy’t de Nederlânske oerhearsking net langer akseptearret. It binne de jierren van de politionele aksjes en Oeroeg komt, polityk bewust as er yn de rin fan de jierren wurden is, as frijheidsstrider foar de haadpersoan oer te stean. Dy komt werom nei it lân dêr’t er him thús fielt, nei syn bertestreek op syk nei de jonge dêr’t er mei grutbrocht is, de freon dêr’t er fan hâldt. ‘Ga weg’, seit Oeroeg as de beide elkoar, by de mar dêr’t Deppo omkaam is, moetsje.

Der sit muzyk yn de foarstelling, dan wer dy fan de singer-songwriter Helge Slikker, dan wer dy fan de rockartyst mei deselde namme, dan wer binne der lûden dy’t in sfear werjouwe. Yn in fraachpetear seit er: ‘(…) de taal van Haasse is zo beeldend en zintuiglijk, je proeft Indonesië bijna. Als ik daar gamelan bij ga spelen, verf ik rode rozen rood. Dat zou zonde zijn. Ik probeer ándere dingen te vertellen met de muziek.’ Dat mei sa wêze en gamelan soe yn dizzen yndie klisjee wêze, mar, wat ál dien is wringt út en troch likegoed. Net om de kwaliteit, Helge Slikker is in baas muzikant en hat in goed sjonglûd, mar, as it om inkelde fan dizze songs giet dêr’t er himsels op ’e gitaar by begeliedt, passe se net, dizze Ingelsktalige teksten, net by it tiidrek – de jierren tritich en fjirtich – en net by de setting, Nederlânsk-Ynje.

Krijt de haadpersoan nearne in namme en is Oeroeg gjin besteande namme, it wurd is net sûnder betsjutting. De skriuwster skynt dêr ris oer sein te hawwen dat sy it earne oppikt hat, sûnder har fan in betsjutting bewust te wêzen. Pas folle letter, troch in brief, waard dy har dúdlik: Oeroeg betsjut ierdferskowing. En dat is dy fan de tinkwrâld van it naïve bern dat gjin ferskil tusken minsken sjocht nei dy fan de pine fan de folwoeksene dy’t it net langer slagget en oerbrêgje de kleau tusken kulturen en sosjale klassen.

 

Oeroeg, de Harmonie Ljouwert, 10 desimber 2015

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]