Welcome to the Village

NYNKE VAN DER ZEE – 

It doarp dêr’tst fan tefoaren al ûnwennich fan bist
Fleurige griene tûfen fan de woartels, radysplanten en grutte kroppen slaad. De festivaltún fan Welcome to the Village groeit as koal. En dat moat ek, want ein july komme der sa’n 1500 oant 2000 iters, dy’t net allinnich honger ha nei muzyk, literatuer en keunst, mar foar wa’t ek in farske festivalsalade op it menu stiet. Trije dagen geane de besikers letterlik back to basics en ûntdekke se wêr’t Fryslân goed yn is. Rêst, romte en mienskip. Welcome to the Village.

Se hawwe it smoardrok op it stuit. Artistyk lieder Sjoerd Bootsma en PR & kommunikaasjeman Koen Haringa. Yn ’e mande mei in tweintichkoppich team soargje beide mannen fan Podium Asteriks derfoar dat alles oant yn de puntsjes regele is, wannear’t de earste gasten op 26 july harren tintsje opsette yn rekreaasjegebiet De Griene Stjer. Midden yn de natoer wurdt in kompleet doarpke boud, dat trije dagen lang in thús is foar muzyk, literatuer en keunst. Lytsskalich, persoanlik en duorsum. Dus gjin auto’s, campers of caravans, mar tinten, iepen loft en tipi’s. Moarns wekker wurde mei it lûd fan fûgels yn stee fan it gebonk út lûdsynstallaasjes. Werom nei de minsklike maat; dat is it doel fan Welcome to the Village.

Moarns wekker wurde mei it lûd fan fûgels yn stee fan it gebonk út lûdsynstallaasjes

Hip mienskipsgefoel
De simmer is by útstek de tiid fan muzykfestivals. Grutte poadia, kloften minsken en campingterrein, sa fier as men sjen kin. Opfallende bûtensteander is Welcome to the Village. In festival dat lyts fan opset is en him júst fokust op natoer, kalmte en sosjaal kontakt. Inisjatyfnimmer Sjoerd Bootsma, in bekende namme yn de Fryske pop- en kultuerwrâld, leit út wat it doel is. ‘We hebben een paar decennia van neo-liberalisme en schaalvergroting achter de rug, klein zijn was echt foute boel. Wij willen juist oog hebben voor de menselijke maat en onderling contact. Een dorp creëren waarin je op de laatste festivaldag iedereen bij wijze van spreken de hand kan geven.’

De ôfrûne jierren wie Fryslân in rike fiedingsboaiem foar tal fan nije festivals. Benammen yn de haadstêd rûnen se foarop as it gong om kreative inisjativen. Net sa frjemd, fynt Koen. ‘Waar je ook kijkt, je ziet steeds meer eigen lokale initiatieven ontstaan. Gezamenlijke groentetuintjes, buurtmarkten, maar ook kleine evenementen. Dat past bij Friesland, dat idee van “net bang wêze, mar gewoan dwáán”. Jarenlang werden we uitgelachen om de waarde die wij hechten aan dat mienskipsgefoel. Maar precies dat zie je nu overal in de rest van het land, in de wereld zelfs, ontstaan. De zogenoemde “Do it together movement”. Maar eerlijk is eerlijk: dat is gewoon mienskip. Opeens liggen we in Friesland ver voor op de meute.’

 “Jarenlang werden we uitgelachen om ons mienskipsgefoel. Maar precies dat zie je nu overal in de rest van het land ontstaan.”

Festival suksesformule
Jailbreak Festival, Olderock, it Notfall Filmfestival. Elk nij idee dêr’t Podium Asteriks syn hantekening ûnder set, liket in garânsje foar sukses te wêzen. En dat jildt ek al foar de nijste telch yn de festivalfamylje. Want foardat ek mar bekend wie hoe’t de line-up fan Welcome to the Village der útsjen soe, hiene de earste besikers it wykein al read omsirkele yn ’e aginda. It liket wol as hat Asteriks in gouden formule te pakken. Sjoerd: ‘Het verschil met andere organisatoren is misschien dat wij meer durven. Wanneer we een vermoeden hebben dat een nieuwe formule wel eens succesvol zou kunnen zijn, stappen we erin. Dat is weer die Friese mentaliteit van “gewoan dwáán”. En hoe langer je nieuwe dingen doet, hoe beter je voelsprieten worden. We kennen inmiddels de randvoorwaarden voor een goed festival en de wensen en smaak van ons publiek; dat zijn de kerningrediënten voor succes.’

Behaalde resultaten in het verleden bieden geen garantie voor de toekomst. Yn it ferline binne der mear festivals organisearre yn De Griene Stjer. Gjinien dy’t mear wit hoe’t se hieten of wa’t dêr op it poadium stienen. Dochs ha beide manlju alle fertrouwen yn in nij sukses. Sjoerd: ‘Binnen Asteriks werken we met een aantal vuistregels. Allereerst moeten we heilig in ons eigen concept geloven. Het verhaal moet zo goed zijn dat het in één regel verteld moet kunnen worden. “Het dorp waar je vooraf al heimwee naar hebt” is het verhaal van Welcome to the Village. Regel twee is dat de drempel zo laag mogelijk is, door een aantrekkelijke ticketprijs en een breed assortiment aan muziekstijlen aan te bieden. Daaruit voort komt regel drie, namelijk de best haalbare kwaliteit bieden binnen de kaders. En tot slot moet de sfeer goed zijn. Mensen moeten de poort op de laatste dag uitlopen met het gevoel: dit wil ik nog een keer meemaken.’

“Hoe langer je nieuwe dingen doet, hoe beter je voelsprieten worden.”

Fleurige jierren santich
Wa’t de webside besjocht (www.welcometothevillage.nl) sil ferrast wurde troch de nostalgyske sfeer. Hearlike jierren 70 plaatsjes mei fleurige minsken dy’t yn stippeltsjebadpak oer it strân paradearje. Ek op Facebook wurdt folop gebrûk makke fan it kreëarjen fan dy Toen was geluk heel gewoon-sfear. Koen fergeliket it leaver mei de sfear út it ferske Het dorp fan Wim Zonneveld. ‘Met deze online communicatiecampagne willen we nu alvast die nostalgie van vroeger vangen. Doelstelling is dat het plezier van onze bezoekers online en offline even sterk is. Dus van tevoren en na afloop van het festival moet er nog genoeg te doen en te zien zijn op internet.’

De doarpske formule giet lykwols fierder as allinnich moaie plaatsjes. Ek yn de opset fan it festival hâldt de organisaasje de mienskipssin sintraal. ‘In een dorp doe je dingen samen, voel je je verbonden met elkaar. Dat idee hebben we verwerkt in onze aanpak’, fertelt Sjoerd. ‘We betrekken mensen uit de regio bij ons evenement. Zo hebben we Talant gevraagd voor het onderhoud van onze festivaltuin en komen er op het dorpsplein straks ondernemers uit het Noorden met gerechten waarin lokale producten voorkomen. Sociale duurzaamheid wordt dat genoemd. Maar daar gaat het ons niet om. Dit is geen levensverbeteringscampagne, waarin we bezoekers een wijze boodschap willen meegeven. En we willen het volk ook niet verheffen. Ik wil gewoon leven in een wereld die werkt. Die eerlijk is en waarin dingen kloppen. En voor mijn gevoel klopt het zoals we het nu doen.’

 “Ik wil gewoon leven in een wereld die werkt. Die eerlijk is en waarin dingen kloppen.”

Wekker lizze
It programma is foar it grutste diel klear. Sa’n 70 acts út binnen- en bûtenlân hat de organisaasje ûndertusken kontraktearre. Fan moddervette rock ’n roll en stoner oant swingende eksoatyske Caribbean muzyk. En net te ferjitten it duorsumheidsprogramma, dêr’t ferskillende mediakeunstners oan meiwurkje. Ek taalleafhawwers kinne har eagen en earen de kost jaan. Koen: ‘Samen met Tresoar organiseren we het Fries fluisterbos, en Friese en Nederlandse dichters gaan voordragen op dub muziek. Wat dat precies gaat worden, moet je zelf meemaken. Welcome to the Village is een ervaringsfestival pur sang.’

Eltse dei is wer in dei tichter by it moment suprême. Sjoerd kin der soms letterlik wekker fan lizze. ‘De zorg voor de veiligheid van een paar duizend man, die ik drie dagen lang onbezorgd wil laten genieten. Daar lig ik ’s nachts echt wel eens wakker van. Voor ons zijn het straks drie dagen van keihard werken, waarin we voornamelijk bezig zijn met het oplossen van problemen. Het wordt dan ook lastig om echt van het moment te genieten.’ Beide mannen helje harren wille dan ek foaral út de oanrin nei it festival. Koen: ‘We werken met zo’n geweldige groep, die alles op alles zet om het ultieme voor elkaar te krijgen. Iedere keer wanneer dat lukt, voelt dat als een klein feestje, een pre-party. Daar halen wij onze kick uit, het gevoel dat je elke keer nog iets verder gaat.’

“Wij zetten alles op alles om het ultieme voor elkaar te krijgen. Iedere keer wanneer dat lukt, voelt dat als een klein feestje.”

Moaier as moai
Hielendal kapot en folslein sloopt, mar mei in tefreden glimp sille Sjoerd en Koen oan ’e ein fan it wykein by de poarte stean as de lêste festivalgasten nei hûs geane. ‘Dat is wanneer ik opgelucht kan ademhalen. Mensen zo’n geweldig weekend te geven dat ze na afloop denken: dit wil ik nog een keer meemaken. Daar haal ik mijn drive uit. Mooie dingen maken. Dat vooral. Want er is niks mooiers dan mooie dingen maken.’

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.