Waterbolk en de Drintske Friezen

Publisearre op 8 december 2015

GERBEN DE VRIES – 

(Harm) Tjalling Waterbolk (Havelte, 1924) jildt as ien fan de foarnaamste argeologen fan Nederlân. Hy studearre biology oan de Rijksuniversiteit Groningen en wurke in tiid as assistint fan de ek al sa ferneamde Albert Egges van Giffen. H.T. Waterbolk promovearre yn 1954 en yn datselde jier waard er heechlearaar-direkteur oan wat doe noch it Biologisch-Archeologisch Instrituut (B.A.I.) fan de Grinzer universiteit wie. Hij is benammen bekend wurden om syn opgravings yn Drinte. Hjir die er yn it foarste plak ‘nederzettingenonderzoek’ en publisearre ek in soad oer prehistoaryske en midiuwske húsplattegrûnen. Yn de simmer fan 2015 ferskynde ‘Werk van eeuwen. Gesprekken met Tjalling Waterbolk’, wêryn’t er oan Jos Bazelmans en Jan Kolen oer libben en wurk fertelt.

Hoewol’t Waterbolk ek wol argeologysk ûndersyk die yn Fryslân, hy liet Fryslân benammen troch oaren ûndersykje. Under oaren troch Herre Halbertsma, mar ek troch de wat nuvere Assien Bohmers. Bohmers hie in bepaalde konneksje mei de legendaryske oplichter Tjerk Vermaning, mar de ferhalen dêroer stean wer yn in oar boek fan Waterbolk, ‘Scherpe stenen op mijn pad. deining rond het onderzoek van de steentijd in Nederland, 2003’. Dochs hat Waterbolk foar frijwat wat opskuor yn Fryslân soarge.

 

Nei de lêzing fan Waterbolk kopte in Fryske krante, ‘Friezen zijn verstoven Drenten’.

 

Yn syn begjintiid as direkteur joech Waterbolk lieding oan in argeologyske opgraving fan de terp fan Tritsum, tusken Kubaard en Tsjom. It moast de tsjinhinger wurde fan de fameuze opgraving fan Van Giffen yn Ezinge yn Grinslân, mar de resultaten foelen bot ôf. Wol waard der in soad ierdewurk út de foar-Romeinske tiid fûn. Dat sette Waterbolk op in nij spoar. Hy wist dat yn it Fries Museum in soad fergelykber ierdewurk opslein lei, ôfkomstich fan opgravings fan terpen as dy fan Wommels. Guon van dy potten hiene typyske geometryske motiven en de fan oarsprong Drintske argeolooch waard ynienen troffen troch de foarmoerienkomst mei potten dy’t er yn 1958 sels opgroeven hie yn Ruinen. Dit brocht him ta it definiearjen fan it ierdewurktype Ruinen-Wommels, mei de trije subtypen RW I, RW II en RW III. RW I wie it âldste, RW III it jongste type.

In protte fan it geometrysk fersierde ierdewurk dat yn de Fryske terpen opdolle waard, hearde ta it type RW III. By in lêzing yn Ljouwert yn 1959 ponearre Waterbolk doe de stelling dat de âldste bewenners fan it terpengebiet út Drinte kamen. Oant dy tiid wie de gongbare opfetting dat de Friezen earne út in eastlik kustgebiet nei Westergoa migrearre wiene, faaks fanút Sleeswyk-Holstein. Doe’t de argeolooch yn Drinte ek noch in tal fossiele sânferstowingen út de lette Izertiid ûntduts, ûnderboude dat syn teory. De ikkers fan Havelte en oare plakken yn Drinte wiene ferstood en in part fan de bewenners teach nei it Waadgebiet. Nei de lêzing fan Waterbolk kopte in Fryske krante, ‘Friezen zijn verstoven Drenten’.

Dat wie wol eefkes skrikken en in soad minsken woene dêr earst net oan. Goed dat de Friezen net fan Trojanen of Atlantiërs ôfstammen, sa’t bygelyks it Oera Lindaboek hawwe woe. In Herre Halbertsma fan it Rijksbureau voor Oudheidkundig Bodemonderzoek yn Amersfoort, wie lywols net fuortdaliks oertsjûge dat de oer-Friezen eins oer-Drinten wiene. Hy hold dat jier noch fêst oan it idee dat dy earste Friezen fan oer see nei it wiete Waadgebiet kommen wiene. By in oare gelegenheid frege Halbertsma him lûdop ôf oft de ’tichte en wide feanen’ de Drinten dan net opkeard hiene op har wei nei Westergoa. Hja koene fansels ek de feanrivierkes bylâns, waard doe opmurken. Ek dr. Pieter Sipma wie net daalks om.

Lang duorre de kontroferse oars net en ein jierren sechtich wie it elkenien dy’t der mar in bytjse ferstân fan hie – ek Halbertsma – wol dúdlik dat de foarste Friezen yndied út it hjoeddeistige Drinte kamen. Mei tank oan Harm Tjalling Waterbolk.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels