Wat Jo Wolle

ELSKE SCHOTANUS – 

Tongersdei 12 oktober, yn it Posthús op It Hearrenfean, gong de Tryaterfoarstelling Wat Jo Wolle yn premjêre. Bûten, foar de yngong, stiet in poarte, mei de namme fan it stik yn neonletters. Wat as earste opfalt, yn de hal al, is it publyk. Fansels, der binne de ‘pommeranten’ út de Fryske teaterwrâld – produsinten, spilers, bestjoersleden, oare belutsenen – as gebrûklik by in premjêre, koppen dy’tst faker by premjêren sjochst. Mar wat benammen opfalt is dat der in soad jonge minsken binne. It Posthús lûkt meast in fergriizjend publyk en itselde jildt foar Frysktalich teäter.

 

Wat as eat net oanslacht? Hoe sjocht de bûtenwrâld tsjin dy rare artysten oan? Wa is de minske áchter de akteur? Belûkst de minsken yn de seal derby?

 

Wat wol it publyk sjen en meimeitsje? Wat moat in foarstelling mei de besiker dwaan? Wat is de ideale teäterjûn? Dizze en soartgelikense fragen binne wat de fjouwer spilers, ûnder regy fan Tatiana Pratley, dwaande hâldt. As it giet om de fraach ‘Wat Jo Wolle’, mei de klam op ‘jo’, dan leist it publyk in enkête foar. Formulieren wurde útparte mei fragen nei it sjenre dat de foarkar hat. Drama? Komedy? Oars wat? Shakespeare? Heijermans? En wat moat in stik mei de sjogger dwaan? Laitsje? Gûle? Moat it oer de oarloch gean? Fryslân? Oer Fryske ikoanen bygelyks? In oade oan Fryslân sels? Moat der ek poëzy yn foar komme? Sa ja, wa fan de fjouwer neamde dichters krúst dan oan? Is ferdivedaasje genôch? Of moat in stik ta tinken oansette? In A4, twa siden mooglike fersiken.

Safolle winsken, safolle teaterjûnen. It dekôr, mei banners mei skiep derop, dêrboppe, ek yn neon, de wurden: Us grutste prestaasje is jim ferdivedaasje. Lourens van den Akker, as seremoanjemaster yn it fariëteeteäter kundiget oan. Taraa, geroffel, skynwerpers: Aly Bruinsma, de ‘grande dame’ fan it Fryske toaniel. Nynke Heeg as de alderfryskste fan de fjouwer, Ali Zijlstra as bloedmoai. Yn Wat Jo Wolle krijt it publyk syn sin. Middels it ‘Smart Voting Computersysteem’ is bekend hokker persintaazje fan de minsken wat sjen en meimeitsje wol.

It liedt ta in zinderende jûn mei alderhande stikken en stikjes, ferskate sjenres en emoasjes, diskusjes ek. Der is in klucht, mar ek de wûnderlik moaie foardracht fan it fers ‘Bitterswiet’ fan Tiny Mulder troch Nynke Heeg, achter de piano. Lourens van den Akker bringt in flitsende monolooch as oade oan Fryslân. It Frysk folksliet wurdt sels song, mar dat is dan tagelyk wat om je foar te skamjen. Der komt in fers fan Tsjebbe Hettinga foarby, mar yn it publyk snoarket immen en dêrmei wurdt it in persiflaazje. Der is folle, folle mear noch en op in stuit rinne ferskate sjenres en stikken troch elkoar. Aly Bruinsma as in sterke Kniertje, tagelyk mei in eksperiminteel dûnsoptreden fan Ali Zijlstra wyls Lourens van den Akker opkomt as Richard III.

Tusken alle mei in protte taraa en bombary oankundige, troch it publyk keazen, sênes troch giet it oer ferskillende fyzjes op wat in teaterfoarstelling wêze moat. Wat as eat net oanslacht? Hoe sjocht de bûtenwrâld tsjin dy rare artysten oan? Wa is de minske áchter de akteur? Belûkst de minsken yn de seal derby? En hoe sit it mei de ûnderlinge ferhâldingen tusken de spilers? Dêr sit spanning op, seker as de fraach op it aljemint komt of it selskip wol bringe moat Wat JO Wolle.

Wat ‘men’ wol? Dat is in jûnlang genietsje fan spilers dy’t sjen litte dat sy it fak behearskje. Wat Jo Wolle is te sjen oant en mei mids desimber.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.